Springe nei ynhâld

Brieven yn it Nije Testamint

Ut Wikipedy

De brieven yn it Nije Testamint beslane 21 fan 'e 27 boeken fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. Dêrûnder binne 14 fan Paulus, 3 fan Jehannes, 2 fan Petrus en 1 elkmis fan Jakobus en Judas, de bruorren fan Jezus. Se besteane út kristlike leare, rie, ûnderrjocht en it oplossen fan in soad foarkommende swierrichheden yn ier kristlike mienskippen. De brieven wurde yn 'e regel ûnderferdield yn trije espeltsjes: de Brieven fan Paulus (ek wol de Paulinyske Brieven neamd), de Pastorale Brieven en de Algemiene Seinbrieven. De folsleine opsomming (neffens de folchoarder sa't dy oanholden wurdt yn it Nije Testamint fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting út 1978) is sa:

Hjirby moat oantekene wurde dat yn lutherske bibels trije fan 'e brieven (Hebreeërs, Jakobus en Judas) yn 'e mande mei de Iepenbiering fan Jehannes yn in taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint steane, mei't Marten Luther dy fjouwer teksten as apokryf beskôge.

De yndieling fan 'e brieven is ornaris: ôfstjoerder-adressearring-groetnis-meidielings dêr't it om te rêden is-groetnis. It eigentlike skriuwwurk waard yn 'e regel dien troch slaven, lykas Tertius, dy't yn Romeinen de groetnis docht. Soms waarden brieven yn 'e eigen hân ûndertekene. Dit wie it wenstige stramyn foar it opstellen fan brieven yn 'e Aldheid, sa't bliken docht út gâns brieven dy't oerlevere binne. Fan 'e brieven yn it Nije Testamint hawwe allinne Hebreeërs en 1 Jehannes gjin opskrift mei ôfstjoerder-adressearring-groetnis, mar dy beide binne eins ek gjin brieven, mar preken. En hoewol't de beide brieven fan Petrus en dy fan Jakobus wól in opskrift hawwe, skaaie dy ek mear nei preken as nei echte brieven.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.