Twadde Brief fan Petrus
Twadde Brief fan Petrus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Β' Επιστολή του Πέτρου ("Bēta Epistoli tou Petrou") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 100 – 150 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Earste Brief fan Petrus | |
● folgjend diel | Earste Brief fan Jehannes | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Twadde Brief fan Petrus | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
It Twadde Brief fan Petrus, yn it oarspronklike Gryksk: Β' Επιστολή του Πέτρου, Bēta Epistoli tou Petrou, ek wol koartwei 2 Petrus neamd, is it 22ste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de 17de fan 'e brieven, en de trêde fan 'e Algemiene Seinbrieven. De earste folsleine Fryske oersetting fan 2 Petrus stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Skriuwer en oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tradisjoneel waard 2 Petrus neffens de bewearing yn 'e tekst sels (2 Petr. 1:1) oan 'e apostel Petrus (†64/67) taskreaun, dat ien fan 'e meast promininte dissipels fan Jezus fan Nazaret wie. De measte hjoeddeiske krityske bibelwittenskippers en teologen binne lykwols fan tinken dat it in pseudepigrafyske tekst fan in anonime skriuwer ûnder de namme fan Petrus is, û.m. om't Jezus Kristus yn 'e tekst lykslein wurdt mei God (wat op in lettere oarsprong wiist), en om't it brief gâns ûntliend hat oan it Brief fan Judas, wat in apart dwaan liket foar in man mei it gesach dat Petrus yn 'e iere tsjerke hie. It brief is rjochte oan 'e kristenen yn it algemien en kin grutdiels beskôge wurde as in warskôging tsjin lju dy't de dwaallear ferkundigen dat de messias Jezus Kristus net mear weromkomme soe. 2 Petrus wurdt sadwaande almeast datearre yn 'e earste helte fan 'e twadde iuw, doe't de leauwenden har begûnen ôf te freegjen wêrom't de werkomst fan 'e messias sa lang útbleau.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2 Petrus ferskilt sawol kwa ynhâld as skriuwstyl gâns fan 1 Petrus. Nei it opskrift en in groetnis (2 Petr. 1:1-2), leit de skriuwer út wat de ropping fan 'e kristenen is, hoe't hja libje moatte en wat de kristlike deugden binne (2 Petr. 1:3-21). Dan folget in feroardieling fan dwaalleararen (2 Petr. 2:1-22), dy't it folk op 'e doele bringe mei har ûnleauwe yn 'e werkomst fan 'e messias, en mei har sloppens en sleauwens fan it yn 'e praktyk bringen fan 'e kristlike noarmen en wearden. De skriuwer leit út hoe't it sit mei de werkomst fan Kristus (2 Petr. 3:1-16); dy is wol deeglik op kommendeweis, mar men moat net ferjitte dat tûzen jier foar de minske allyk in inkele dei is foar God. It brief beslút mei in lêste fermoanning en in lofprizing op Jezus Kristus.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan 2 Petr. 3:8-13 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan 2 Petrus stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 2 Petrus waard dêrby dien troch drs. H.J. Brouwer, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |