Nehemia (bibelboek)

Ut Wikipedy
Nehemia
algemiene gegevens
oarspr. titel נחמיה ("Něḥemyah")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje, proaza
sjenre religiosa
skreaun 6e4e iuw f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Ezra
● folgjend diel Ester
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Nehemia
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Nehemia, yn it oarspronklike Hebriuwsk: נחמיה, Něḥemyah, is (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 16de boek (fan 39) yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel, dêr't it ûnder de Skiednis falt. It komt oerien mei de twadde helte fan it boek Ezra yn 'e joadske Tenach, mei't de joadske Bibel nea de út 'e trêde iuw datearjende opspjalting fan Ezra en Nehemia yn twa boeken trochfierd hat. Yn Nehemia wurdt ferhelle fan it werbouwen fan 'e muorren fan Jeruzalim troch de joad Nehemia, dy't oansteld is ta steedhâlder fan 'e Perzyske provinsje Juda. It doel fan it boek is, krekt as yn Ezra, net sasear om in part fan 'e Joadske skiednis fêst te lizzen, as wol om sjen te litten dat sels de machtige keningen fan it Perzyske Ryk de wil fan God dogge. De earste folsleine Fryske oersetting fan Nehemia stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Perzyske kening Koaresj (Syrus II de Grutte) jout de Joadske ballingen tastimming en kear werom nei harren heitelân (in kleure print fan Jean Fouquet (1420-1480).

Hoewol't de talmoedyske tradysje hawwe wol dat Nehemia skreaun is troch de preester Ezra, is dat idee troch moderne bibelwittenskippers en teologen oan 'e kant reage. It grutste part fan 'e tweintichste iuw draaide de strideraasje om it auteurskip fan Nehemia fral om 'e fraach oft it Ezra wie dy't sawol Nehemia, Ezra as 1 en 2 Kroniken skreaun hie, of dat it de anonime kronykskriuwer wie dy't ek Nehemia en Ezra skreaun hie. Mar koarterby is it almar dúdliker wurden dat sawol Nehemia en Ezra as 1 en 2 Kroniken in folle yngewikkelder skiednis hawwe as dat foarhinne tocht waard, en dat se allegear ta stân kommen binne troch gearstalling en bewurking troch in ferskaat oan skriuwers en redakteurs. It is noch altyd ûndúdlik wannear't Nehemia krekt datearre wurde moat; de úteinlike ferzje (yn kombinaasje mei Ezra) sil fan 'e iere fjirde iuw f.Kr. wêze.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It boek Nehemia beskriuwt hoe't de Joad Nehemia, in hege funksjonaris oan it hof fan 'e Perzyske kening Artachsjasta (Artakserkses I), te Sûsan, te hearren kriget dat it weropboude Jeruzalim noch altiten gjin muorren hat, en him dêrop foarnimt om 'e stêd wer muorren te jaan. Dêrta oanset troch God beneamt de kening Nehemia ta steedhâlder fan Juda. Hy reizget nei it heitelân fan syn foarâlden en bout dêr, nettsjinsteande it tsjinabbelearjen fan 'e fijannen fan de Joaden, de stedsmuorren fan Jeruzalim wer op. Underwilens reformearret er de joadske mienskip dêre neffens de wet fan Mozes. Nei tolve jier hat er de put derút, en dan keart er werom nei Sûsan. As er lykwols, by in letter besyk oan 'e stêd, merkt dat de Joaden yn Jeruzalim wer ta sûnde ferfalle en mei net-Joadske froulju trouwe, fêstiget er him dêr foargoed om 'e wet ôf te twingen.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Nehemia 2:11-18 út. De earste folsleine útjefte fan Nehemia stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Nehemia waard dêrby dien troch dr. F. Boonstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Jacobus W. Zantema.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering