Springe nei ynhâld

Preker (bibelboek)

Ut Wikipedy
Preker
algemiene gegevens
oarspr. titel קהלת ("Qoheleṯ")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje, proaza, poëzij
sjenre religiosa, filosofy, wiisheid
skreaun 2e helte 3e iuw f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Spreuken
● folgjend diel Heechliet
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Preker
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Preker, yn it oarspronklike Hebriuwsk: קהלת, Qoheleṯ ("Sammelder"), is in boek fan dichterlike wiisheid yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is Preker it 18de boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 21ste boek (fan 39) en heart it ta de Poëzij en Wiisheid. Hoewol't de preker himsels yn Pr. 1:1 foarstelt as "De Preker, soan fan David, kening te Jeruzalim", dêrmei ymplisearjend dat er Salomo is (of sa binne dy wurden alteast altyd útlein), is it boek Preker feitliks it wurk fan in anonime skriuwer, en datearret it nei alle gedachten út it lêste part fan 'e trêde iuw f.Kr. De earste folsleine Fryske oersetting fan Preker stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Preker hat de foarm fan in autobiografysk ferslach fan it ûndersyk dat de skriuwer dien hat nei de sin fan it libben en de bêste manear om jins libben te libjen. Hy hâldt út dat alle dieden en ferrjochtings fan 'e minske ynherint om 'e nocht binne ("Neat mei neat, it is allegearre neat. Wat hâldt in minske oer fan al syn skreppen en skuorren ûnder de sinne?"Pr. 1:2b-3), mei't sawol wizen as dwazen úteinlik itselde lot (de dea) treft. Hoewol't de preker dúdlik wiisheid boppe dwaasheid ferkiest foar it libben op 'e ierde, kin er der gjin ivige betsjutting oan ferbine. Nei oanlieding fan dizze troch him fêststelde sinleazens, riedt er de lêzer oan om dan mar te genietsjen fan it deistich bestean, dat ommers in geskink fan God is. It boek einiget mei in oprop om jin oan Gods wet te hâlden, tafoege troch in lettere redakteur dy't blykber steurd waard troch it feit dat de preker dêr fierders nearne oan referearret.

De preker (in yllústraasje fan Gustave Doré).

Fan alle boeken fan it Alde Testamint hat Preker miskien wol de sterkste ynfloed útoefene op 'e Westerske kultuer. De Amerikaanske auteur Thomas Wolfe skreau dêroer: "Fan alles dat ik ea sjoen of leard haw, liket dat boek my de nommelste, de wiiste en de machtichste útdrukking ta fan it libben fan 'e minske op dizze ierde — en teffens de meast ferhefte bloei fan poëzij, wolsprekkendheid en wierheid. Ik bin oars net immen dy't dogmatyske útspraken docht, mar as ik al sa'nent dwaan moast, soe ik sizze kinne dat Preker fierwei it swiidste skriuwwurk is dat ik ea kend haw, en de wiisheid dy't deryn útdrukt wurdt it djipsinnichst en meast duorjend."[1]

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dû. Geart Aeilco Wumkes publisearre yn 1918 yn it tydskrift Yn ús eigen tael in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Preker 12:1-8, dat er it jiers dêrop ek útjoech as ûnderdiel fan syn Ut 'e Heilige Dobbe. De earste folsleine útjefte fan Preker stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Preker waard dêrby dien troch dû. R. Bijl, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Ulbe van Houten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Christianson, Eric S., Ecclesiastes Through the Centuries, 2007 (Wiley-Blackwell), ISBN 978-0 63 12 25 294.

Boarnen

  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering