Springe nei ynhâld

Ester (bibelboek)

Ut Wikipedy
Ester
algemiene gegevens
oarspr. titel אֶסְתֵר ("Esṯer")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm novelle
sjenre histoaryske fiksje (?)
skreaun 4e3e iuw f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Nehemia
● folgjend diel Job
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Ester
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Ester, yn it oarspronklike Hebriuwsk: אֶסְתֵר, Esṯer, is in boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Ḵeṯuḇim, de Geskriften, en is it it 22ste boek (fan 24); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Skiednis en is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 17de boek (fan 39). Yn Ester wurdt it ferhaal fan 'e jonge joadske faam mei deselde namme ferteld, dy't ûnder de Babyloanyske Ballingskip de earste frou en keninginne fan 'e Perzyske kening Ahasfearos wurdt en har folk fan 'e útrûging rêdt. De earste folsleine Fryske oersetting fan Ester stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Oarsprong en skriuwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ornaris is men fan tinken dat Ester yn 'e trêde of fjirde iuw f.Kr. ûntstien wêze moat. Neffens de joadske tradysje is it boek yn syn hjoeddeiske foarm in bewurking troch de Grutte Gearkomste (fan joadske wizen, dy't de Tenach gearstalde) fan in oarspronklike tekst dy't skreaun wêze soe troch Mordekai, ien fan 'e haadrolspilers út it ferhaal. Dêrmei wurdt ûndersteld dat de tekst in werjefte fan histoaryske feiten is. Lykwols binne dêr nochal wat swierrichheden mei, net yn it lêste plak trochdat der yn it boek oantoanbere histoaryske ûnwierheden steane, bgl. wat de steatsopbou en it regearingsapparaat fan it Perzyske Ryk oanbelangje. De Perzyske kening Ahasfearos wurdt yn 'e regel identifisearre as Kserkses I (486-465 f.Kr.), al wol de iere Grykske bibeloersetting, de Septuaginta, hawwe dat it Artakserkses II (405-359 f.Kr.) wie. Mar yn beide gefallen is de identifikaasje fan 'e oare haadpersoanen fan it Esterferhaal eins net goed te krijen. Dêrfandinne miene frijwat hjoeddeiske bibelwittenskippers en teologen dat Ester gjin histoarysk ferslach mar in histoaryske novelle is, dy't sjoen wurde moat as in allegoaryske útlis fan 'e oarsprong fan it joadske Poerimfeest.

  • It boek Ester foarmet de grûnslach en in yntegraal ûnderdiel fan it joadske feest Poerim. De folsleine tekst fan it (frij koarte) boek wurdt twaris lûdop foarlêzen ûnder de fiering dêrfan, ien kear jûns en nochris de oare moarns.
  • Njonken it Heechliet is Ester it iennichste bibelboek dat net eksplisyt oan God referearret.
It Feest van Esther, fan Jan Lievens, út 1625.

Ester iepenet as keninginne Wasty, Ahasfearos syn earste frou, harsels oan it hof ûnmooglik makket troch it yn 'e kant te setten tsjin 'e fernederjende befellen dy't har man har yn in dronken bui opleit. Hja wurdt fansiden reage en dêrop moat der in nije keninginne komme. Om dy reden wurde alle jongfammen mei in tsjep foarkommen út hiel it Perzyske Ryk byinoar brocht yn 'e keninklike harem yn 'e stins Sûsan, en dêrûnder is ek Ester, in dochter fan Joadske ballingen en in weesfamke dat ûnder fâdij stiet fan har neef (neffens oare oersettings: omke) Mordekai. Dyselde hie der foartiid by Ester op oanstien dat se har folk en komôf net leagenje soe, en dat docht se dan ek net as se har ienris yn 'e harem befynt, mar oan 'e oare kant rint se der likemin mei te keap. Dat, as hja úteinlik foar de kening brocht wurdt en by him tige by tige yn 'e smaak falt, wit hy neat oer har eftergrûn. Hy lit har in kroan op 'e holle sette en makket har ta syn keninginne foar Wasty yn 't plak.

Mordekai sit gauris yn 'e poarte fan it paleis, dêr't er berjochten mei Ester útwikselet, en as er dêr op in kear wer omhinget, fangt er nijs op oer in gearspanning fan guon hôvelingen tsjin 'e kening. Hy jout it troch oan Ester, dy't it útbringt oan Ahasfearos. De saak waard neigien en de belutsen hôvelingen giene in raar gat yn. Om dy tiid hinne komt in oare hôveling, Haman, soan fan Hammedata, tige by de kening yn 'e geunst, en in elk falt foar him op 'e knibbels as er foarbyriidt. Mordekai wegeret dat lykwols te dwaan, op grûn fan syn joadske leauwe. Haman wurdt dêr alhiel breinroer oer en fettet dan it plan op om alle Joaden yn it Perzyske Ryk út te rûgjen. Ahasfearos harket nei syn ynskunings en lit in brief útgean nei de steedhâlders en lânfâden wêryn't dy befelle wurde om 'e folkemoard ta te rieden.

As Mordekai dêrfan heart, trunet er Ester oan om 'e kening te bepraten. Mar Ester skytskoarret der wat tsjin oan. Einlings en te'n lêsten leit se dan oan Ahasfearos út dat as Haman syn sin kriget, sysels ek deadien wurde moatte sil. Dêrop ûntstekt de kening yn grutte grime en lit er Haman oppakke en op in peal speetse. En de Joaden wurde oproppen om op 'e dei dy't earst steld wie foar harren útrûging ynstee al harren ferfolgers út te rûgjen. Mordekai wurdt oansteld foar Haman yn 't plak en hy lit fêstlizze dat de Joaden tenei elts jier it Poerimfeest fiere moatte om harren rêding fan 'e útrûging te betinken.

In moderne, hânskreaune boekrôle fan Ester.

Ester is ien fan 'e meast ta de ferbylding sprekkende ferhalen fan 'e Bibel, en it is dan ek adaptearre ta withoefolle oare media, lykas film, animaasje, stripferhaal en musikal. De bekendste ferfilmings binne Esther and the King, in Hollywood-film fan regisseur Raoul Walsh út 1960 mei yn 'e haadrollen Joan Collins en Richard Egan, en One Night with the King, út 2006.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Ester 6:6-12 út. De earste folsleine útjefte fan Ester stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Ester waard dêrby dien troch dû. R. Bijl, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch sawol Fedde Schurer as Ulbe van Houten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering