Ester (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy
Keninginne Ester neffens in skilderij fan Edwin Long, 1878)

Keninginne Ester (Hebriuwsk: אֶסְתֵּר, ’Ester, betsjutting: stjer) is neffens it âld-testamintyske boek Ester in joadske frou dy't yn de tiid fan de Babyloanyske Ballingskip yn de sechsde iuw f.Kr. libbe. Har heit hiet Abichail en hie har de namme Hadassa jûn, dat mirte (in altyd grien bliuwend soart strewel) betsjut. Hja waard as wees troch har âldere neef Mordekai grutbrocht en waard letter de frou fan de Perzyske kening Ahasfearos (Kserkses I).

It ferhaal fan Ester[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bibelske ferhaal yn Ester beskriuwt it ferhaal fan in plande genoside fan de joaden yn it Perzyske Ryk en de positive ommekear dy't dêrop folge.

Ester wurdt keninginne, raam yn de Notre-Dame-de-la-Treille te Lille (Frankryk)

Ester wurdt keninginne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't de doedestiidske keninginne Wasty de kening misledige hie troch net te ferskinen op in keninklik feest, waard hja troch de hearskjende kening Ahasfearos ferstjitten. Dêrom lieten de hovelingen de moaiste jongfammen fan it ryk byinoar komme, dêr't de kening de nije keninginne út kieze koe. Ek Hadassa, dy't yn Ester 2:7 omskreaun wurdt as tige kreas, wurdt nei it paleis helle en tabetroud oan de haremwachter. Fan ôf dat momint liet Hadassa har mei har Perzyske namme "Ester" neame. De haremwachter mocht Ester graach leie en soarge der foar dat Ester in poerbêste behanneling krige. Har neef Mordekai hold op ôfstân in each yn 't seil en hie har earder op it hert drukt dat hja har joadske identiteit nea opjaan mocht. Fan alle froulju foel Ester by de kening it meast yn de geunst en sûnder dat de kening euvelmoed hie fan har joadske komôf waard Ester de nije keninginne.

Dyselde Mordekai wie poartwachter en krige der tafallich weet fan dat twa hovelingen fan doel wiene om in oanslach op de kening te plegen. Hy ynformearre Ester en dy joech it oan de kening troch. Sa wist de kening de oanslach op 'e tiid te foarren te kommen. Nei't alles neigongen wie, liet de kening de beide hovelingen arrestearje en oanslútend eksekutearje en sa kaam Mordekai's namme yn de kroniken telâne.

Muorreskildering yn it riedshûs fan Starum

It plan om in folk út te roegjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op in kear helle Mordekai de grime fan Haman, ien fan de belangrykste amtners fan de kening, oer him hinne. Mordekai hie nammentlik as poartwachter wegere him te bûgjen foar Haman. Haman wie sa lilk, dat hy mei in klacht nei de kening gyng. Dy Haman wie it in echte anti-semyt, en doe't hy hearde dat Mordekai in joad wie frege hy de kening net allinnich Mordekai te straffen, mar alle joaden yn it ryk. Hy wist de kening sa fier te krijen om út namme fan de kening in berjocht nei alle hoeken fan it ryk te stjoeren, dêr't de oarder jûn waard om op in fêststelde datum de joadske befolking fan it bestjoersgebiet út te roegjen. De datum hjirfoar wie bepaald mei it smiten fan it Poer, it lot. Doe't Ester fan dit befel hearde waard hja tige kjel. Hja liet de hoveling Hatak komme en joech him de opdracht om by Mordekai te fernimmen wat der oan de hân wie. Mordekai fertelde Hatak wat Haman allegear hie bedissele by de kening en sei dat Ester nei de kening gean moast om foar it joadske folk genede ôf te smeken.

No wie it in wet dat men net samar nei de kening gean koe sûnder dêrta roppen te wêzen. As it de kening min nei't sin wie koe hy soks sels mei de dea bestraffe. Ester joech dêrom de opdracht oan alle joaden om trije dagen foar har te fêsten. Sels soe Ester dat ek dwaan en nei trije dagen gyng hja dan nei de kening ta. Aldergelokst rûn it goed ôf en de kening wiisde mei de septer nei Ester, in teken dat hy Ester wolkom hiet. Doe noege Ester de kening mei syn amtner út om by har oan in gastmiel by te sitten. De kening stie Ester's fersyk ta en liet Haman komme om him dit te fertellen.

Ester wiist Haman oan as har ferdylger (Ernest Normand, 1888)

Haman's earbewiis oan Mordekai[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haman hie it no moai foar inoar. Hy wie tige op it skik mei de útnoeging fan de keninginne en meikoarten soe hy ek fan al dy joaden ôf wêze. Foar Mordekai hie Haman in spesjale behanneling yn 'e holle. Hy liet foar syn hûs in peal oprjochtsje fan wol 25 meter heech om dêr Mordekai op de spytsen. Undertusken fernaam kening Ahasfearos op in nacht, doe't him de kroniken foarlêzen waarden om't er de sliep net krije koe, dat Mordekai nea in ûnderskieding krige hie foar it tefoarren kommen fan de oanslach op de kening. Tafallich wie Haman ek yn it paleis en Ahasfearos liet syn hovelingen Haman helje om ried wat te dwaan foar immen dy't men eare bewize woe. Haman wie wakkere wiis mei himsels en tocht fuort dat dizze ear him tafalle soe. Dat hy joech de kening de ried om sa'n man yn it kleed fan de kening, op it hynder fan de kening en mei in kroan troch de stêd te lieden mei foarop ien fan de heechste foarsten dy't roppe moast Sa giet it mei de man, oan wa't de kening earbewiis jaan wol. Mar ynstee fan Haman foel de joad Mordekai dizze ear ta en ta syn grutte skande wie it Haman, dy't as ien fan de heechsten yn it lân foar op rinne moast mei de wurden Sa giet it mei de man, oan wa't de kening earbewiis jaan wol.

De kening heart fan de folkemoard[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't in beskamme Haman mei Ahasfearos oan de iterstafel by de keninginne siet, frege de kening wat hy foar de keninginne dwaan koe. Ester andere dat de kening har en har folk it libben sparje koe. De kening hearde dêr fan op en frege wa't it dan wol net yn 'e holle krige hie om har soks oan te dwaan. Doe wiisde Ester nei har oare gast en sei dat dêr de man siet dy't Ester en har folk ferdylgje woe. De kening waard sa lilk as in sage en rûn by de tafel wei, wylst Haman foar de keninginne delfoel om genede ôf te smeken. Werom yn it paleis seach Ahasfearos dêr Haman foar de keninginne lizzen en dat makke de kening noch lilker, want hy tocht no dat Haman de keninginne benei komme woe. Hy liet Haman fuort in sek oer de kop triuwe, nei de peal bringe dy't Haman foar Mordekai delset hie en him dêrop spytse. It besit fan Haman gyng oer op Ester en Ester droech Mordekai op it hûs te behearen. De kening beneamde Mordekai ta de wichtigste man yn it ryk nei de kening sels.

Ester en Mordekai skriuwe de joaden de Poerimbrief (Aert de Gelder, 1675)

Ofrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrmei wie de driging fan de genoside noch net foarby, want in stik dat út namme fan de kening skreaun wie en it segel fan de kening droech, koe nea ynlusten wurde. Dat Ahosfearos joech Ester en Mordekai it foech om te dwaan wat harren yn it belang fan de joaden goed tocht. En sadwaande skreaunen Ester en Haman út namme fan de kening in besegele brief nei alle bestjoerders fan it lân en ek nei de joaden. Yn dizze brief krigen de joaden it rjocht om harren te organisearjen en te ferdigenjen en by need elke macht dy't de joaden bedrigen te deadzjen.

Op de dei dat de genoside pland wie kaam it yn it hiele ryk ta in grutte slach tusken joaden en anti-semiten. De joaden wiene yn it foardiel en krigen fanwegen it respekt dat Mordekai hie ôftwongen de stipe fan alle foarsten, steedhâlders en lânfâlden. Under de 75.000 deaden wiene ek de tsien soannen fan Haman, dy't krekt as Haman oan in peal spytst waarden.

Pûrimfeest[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid skreau Mordekai oan de joaden fan it ryk in brief, wêryn't hy har hiet om alle jierren op de dagen dat dit bard wie, de 14e en de 15e fan de moanne Adar, dizze rêding te betinken. Dit feest krige de namme Pûrimfeest, dat ôflaat waard fan it wurd Poer, dat it lot betsjut, d.w.s. it lot dat Haman wurpen hie om it joadendom yn it ryk te ferneatigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binnen ferskate films fan Ester útbrocht.

  • Esther (1999) mei û.o. Louise Lombard, F. Murray Abraham, Jürgen Prochnow [1]
  • One Night with the King (2006) mei û.o. Tiffany Dupont, Luke Goss en Omar Sharif [2]
  • The Book of Esther (2013) mei û.o. Jen Lilley, Jennifer Lyons en Robert Miano [3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Alde Testamint, Ester
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ester fan Wikimedia Commons.