Micha (bibelboek)

Ut Wikipedy
Micha
algemiene gegevens
oarspr. titel מיכה ("Miḵah")
auteur Micha e.o.
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 8e – 6e iuw f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Jona
● folgjend diel Nahum
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Micha
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Micha, yn it oarspronklike Hebriuwsk: מיכה, Miḵah, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Micha in bibelboek op himsels, it 33ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).

It boek Micha hjit de profesijen te omfetsjen fan 'e profeet Micha, út it doarpke Morêsjet yn it keninkryk Juda, dy't libbe hawwe moat yn 'e achtste iuw f.Kr. It is ûnder bibelwittenskippers lykwols rûnom (sij it net unanym) akseptearre dat inkeld Micha 1-3 materiaal fan 'e profeet Micha sels beslacht, wêryn't er foarseit dat itselde lot fan it noardderryk Israel (dat troch de Assyriërs oerweldige wie) ek Juda treffe sil as it folk net weromkeart fan syn ferkearde wegen. Dy profesije kaam by Micha syn libben net út, mar goed hûndert jier letter, doe't Juda troch de Babyloaniërs bedrige waard, waarden syn foarsizzings bewurke en útwreide om har fan tapassing te meitsjen op 'e nije sitewaasje. Noch wer letter, nei de fal fan Jeruzalim, yn 586 f.Kr., en de Babyloanyske Ballingskip (586-538 f.Kr.), waard de tekst noch fierder útwreide om 'e omstannichheden fan ûnder en nei de Ballingskip wer te jaan. De earste folsleine Fryske oersetting fan Micha stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

In achttjinde-iuwske Russysk-otterdokse ikoan fan 'e profeet Micha.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It boek Micha is op te dielen yn trije stikken. Yn it earste part, Mi. 1-3, de oarspronklike tekst fan Micha, beskrobbet de profeet de ûnrjochtfeardige lieders fan Juda, de aristokratyske hegerein, dy't de earmen en swakkeren útrûpelet foar it eigen gewin. Hy tsjut by wize fan warskôging op wat der mei it noarderryk Israel bard is, dat ferovere is troch de Assyriërs en ta in provinsje fan dy harren ryk makke is. Micha nimt it op foar de ûnderdrukten en preket sosjale rjochtfeardigens, wylst er foarútsjocht nei in fredige wrâld mei as mulpunt in Sion dat regearre wurde sil troch in nije kening út it Hûs fan David. Syn tsjinstanners bedriigje him, mar de profeet lit him troch harren net it swijen oplizze.

Yn Mi. 4-5 wurdt de ein fan it keninkryk Juda en de fal fan Jeruzalim foarsein. En Mi. 6-7 befettet de klacht fan God, dy't him deroer beklaget dat de Judeeërs harren ferbûn mei him net neilibje, en syn oardiel oer Juda. De profeet sprekt in kleiliet út, mar foarsjocht dan dat de straf fan God einich wêze sil, en dat de Judeeërs úteinlik ferjeffenis skonken wurde sil. Dêrop slút er ôf mei in lofliet oan Gods goedgeunstichheid.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Mi. 4:1-5 út. De earste folsleine útjefte fan Micha stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Micha waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further reading, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering