Grutte Profeten

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Grutte Profeten foarmje in ûnoffisjele ûnderferdieling fan guon bibelboeken fan it kristlike Alde Testamint. Dêr wurde de folgjende boeken ta rekkene:

De namme fan "Grutte Profeten" (noch syn wjergader, de Lytse Profeten) hat wat mei de steat fan tsjinst fan 'e oangeande profeten nedich (en alhielendal net mei harren postuer), mar slacht inkeld op 'e lingte fan 'e teksten dy't harren namme drage. De joadske Bibel, de Tenach, hâldt in hiele oare folchoarder fan boeken oan en ferdielt de profeten yn 'e Neḇi'im Rišonim, de Eardere Profeten, en de Neḇi'im Aḥaronim, de Lettere Profeten. Jesaja, Jeremia en Ezechiël falle dêrby dan ûnder de Lettere Profeten, wylst de Kleilieten en Daniël hielendal net as profeten beskôge wurde, mar ûnder de Keṯuḇim, de Geskriften, yndield wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.