Springe nei ynhâld

Brief oan de Hebreeërs

Ut Wikipedy
Brief oan de Hebreeërs
algemiene gegevens
oarspr. titel Επιστολή προς Εβραίους
("Epistoli pros Ebraious")
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 50150 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Brief oan Filémon
● folgjend diel Brief fan Jakobus
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Brief oan de Hebreeërs
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

It Brief oan de Hebreeërs, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Εβραίους, Epistoli pros Ebraious, ek wol koartwei Hebreeërs neamd, is it njoggentjinde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de fjirtjinde fan 'e brieven, en hoewol't de yndieling problematysk is, wurdt it oer it algemien noch gauris ta de Brieven fan Paulus yn bredere sin rekkene, wylst it inkeld ek wol (mar allinne op grûn fan syn plak yn 'e folchoarder fan 'e nijtestamintyske geskriften) by de Pastorale Brieven pleatst wurdt. De earste folsleine Fryske oersetting fan Hebreeërs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

Skriuwer en oarsprong

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Brief oan de Hebreeërs is wat in frjemde ein yn 't byt mank de brieven yn it Nije Testamint. It is dreech om goed te krijen dat it troch de apostel Paulus skreaun is, mar it heart likemin ta de Algemiene Seinbrieven, it espeltsje brieven dat nèt fan Paulus syn hân is. De tekst fan Hebreeërs jout neat priis oangeande de skriuwer, en hoewol't oangeande it auteurskip tradisjoneel faak oan Paulus tocht waard, wie dat net mear as in gissing. Bibelwittenskippers, teologen en taalhistoarisy binne hjoed de dei mienriedich dat de taskriuwing oan Paulus net fol te hâlden is. De opbou en it taaleigen fan Hebreeërs binne folle wolsprekkender en folle kreazer ôfwurke as yn 'e oare brieven fan Paulus (of yn hokker oar nijtestamintysk boek ek); it brief wurdt datoangeande beskôge as in wier masterwurk. Fierders besteane der guon lytse mar opfallende ferskillen tusken Hebreeërs en de brieven fan Paulus op it mêd fan it boadskip dat útdroegen wurdt, en boppedat wie Paulus oars nea skruten om yn 'e tekst sels it auteurskip op te easkjen, dat wêrom soed er dat yn dit gefal dan ynienen wol wêze? In trêde-iuwske teolooch sei: "Allinne God wit wa't dit brief skreaun hat." Dat mei wier wêze, mar it hat bibelwittenskippers út dy tiid en fan letter der net fan wjerholden om dernei te rieden. Behalven Paulus binne bgl. de apostels Barnabas en Lukas, Klemins fan Rome, Apollos (in foaroanman fan 'e ier kristlike gemeente yn Aleksandrië) en Paulus syn meiwurkster Prissilla neamd.

Hebreeërs is nei alle gedachten skreaun oan in mingde mienskip fan kristene Joaden en heidens, wierskynlik yn Rome, mar Jeruzalim soe ek mooglik wêze. It doel fan it brief wie om 'e kristenen oan te fiterjen om harren leauwe trou te bliuwen ek al waarden se ferfolge. It sintrale tema is it learstik fan 'e Kristus as midsman tusken God en de minskheid. As datearring wurdt de twadde helte fan it jier 63 of it begjin fan 64 it meast wierskynlik achte. Om't Marten Luther de Hebreeërs as apokryf beskôge, wurdt dit brief yn 'e mande mei twa fan 'e Algemiene Seinbrieven en de Iepenbiering fan Jehannes yn lutherske bibels noch altiten los fan 'e kanon byinoar yn in aparte taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint ôfdrukt.

Hebreeërs is, alteast kwa foarm, gjin wier brief. Sa begjint it net, lykas de measte oare nijtestamintyske brieven, mei it neamen fan 'e skriuwer, mei dêrnei in adressearring en in groetnis. Krekt oarsom, de auteur batst der daliks yn. De ynhâld fan Hebreeërs lit him ek min ûnderferdiele. Oars as de echte brieven fan Paulus, dy't yn 'e regel úteinsette mei in learend stik folge troch in dêrút fuortfloeiend fermoanjend stik, rint hjir it iene part yn it oare oer. De kristlike leare wurdt yn dit geskrift werjûn yn koarte stikjes dy't elkmis hiderkear útrinne op in koarte fermoanning. It is dúdlik dat it de auteur om dy fermoannings te dwaan is; de lear is yn Hebreeërs minder wichtich.

De apostel Paulus dy't syn brieven skriuwt, op in skilderij út 'e 16de iuw. (Yn wurklikheid diktearre Paulus syn brieven oan in slaaf.)

Ofgeande op 'e skriuwer stiet it der mei de gemeente(n) dêr't Hebreeërs oan rjochte is, net sa geweldich foar. Party fan 'e leauwenden binne slop yn 'e lear of sleau yn it neilibjen fan 'e foarskriften en litte dêrmei har leauwe yn Jezus Kristus sloere. As it sa trochgiet, sil(le) de gemeente(n) mei gauwens yn it neigean reitsje. De skriuwer is bang dat as it sa trochgiet, de gemeente in freeslik oardiel fan God temjitte sjen kin. Dêrom treastet er de paadbjuster rekke kristenen dan ek oan om har op te skerpjen en har libben te betterjen, dat de gemeente oan it leauwe fêsthâlde en sa beholden bliuwe sil. Dêrby beklammet er de rol fan Jezus Kristus as middelder tusken God en de minskheid, mei't er de sûnden fan it folk op him nommen hat en oan it krús foar harren ferlossing stoarn is. Inkeld yn it leauwe yn him leit behâld foar de minske. Want de Kristus sil weromkomme en neat hiel litte fan 'e wrâld, útsein syn eigen keninkryk dat net wifket.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan Hebr. 11:32-38 en 12:1-2a út. De earste folsleine Fryske oersetting fan Hebreeërs stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Hebreeërs waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering