Tobit (bibelboek)
Tobit | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | טובי ("Ṭovi") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Apokrife taheakken oan it A.T. | |
● foarich diel | Wysheid fan Salomo | |
● folgjend diel | Jezus Sirach | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Tobit | |
publikaasje | 1978, Haarlim/Bokstel | |
útjouwer | NBG & KBS | |
oersetter | pater S. Galama ofm | |
ISBN oers. | 9 06 12 60 817 |
Tobit, yn it Hebriuwsk: טובי, Ṭovi (helenisearre en latinisearre ta Tobias), is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Tobit troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as trêde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.
De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Tobit wol deeglik ta de kanon, sa't yn 397 fêstlein is troch it Konsylje fan Kartago, en nochris befêstige yn 1546, troch it Konsylje fan Trinte. Yn roomske bibels makket Tobit sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it daliks op Nehemia. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).
Tobit is in novelle dy't it libben fan 'e fromme joad Tobit beskriuwt. De tekst is inkeld oerlevere yn twa Aldgrykske foarmen út ûnderskate ferzjes fan 'e Septuaginta: in koarteren, dy't wol Gryksk I neamd wurdt, en dy't û.o. fûn wurde kin yn 'e Codex Vaticanus, de Codex Alexandrinus en de Codex Venetus, en Gryksk II, dy't 1700 wurden langer is, en dy't yn 'e Codex Sinaiticus stiet. Hoewol't it ferhaal spilet yn 'e achste iuw f.Kr., en de tradysje hawwe wol dat it ek yn dy tiid skreaun is, giet men der no fanút dat Tobit it wurk is fan in anonime auteur út 'e twadde iuw f.Kr., en dat de oarspronklike tekst yn it Arameesk steld wie. Yn 1952 waarden yn Grot IV te Qumran, mank de Deade-Seerôlen, fjouwer fragmintaryske ferzjes fan Tobit yn it Arameesk en ien yn it Hebriuwsk fûn. Dy lykje benammen oerien te kommen mei de langere Gryksk II-foarm. Fan 1966 ôf binne sadwaande de measte oersettings fan Tobit op dy langere ferzje basearre.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tobit fertelt it ferhaal fan 'e fromme Israelyt Tobit, út 'e stamme Naftaly, dy't nei de deportaasje fan 'e noardlike stammen, troch Salmanassar, yn 722 f.Kr., yn 'e Assyryske haadstêd Ninevé bedarret. It boek begjint as in autobiografysk ferslach, en de earste trêdel haadstikken binne yn it ik-perspektyf skreaun. Tobit seit dat er altiten besocht hat de geboaden fan God nei te kommen, dat doe't de Assyryske kening Sanherib lofts en rjochts Joaden deadie, begroef hy út religieuze omtinkens temûk de liken. Mar it kaam út en Sanherib naam him foar straf al syn besittings ôf en stjoerde him yn ballingskip mei syn frou Anna en syn soan Tobías. Pas as Esarhaddon syn heit Sanherib as kening opfolget, mei Tobit weromkeare nei Ninevé. Deseldichste nachts noch begraaft er op 'e nij in fermoarde Joad. Hy sliept dêrnei bûtendoar om't er ûnrein is, en rekket dan blyn as der him fûgelstront yn 'e eagen falt. Syn blinens makket syn libben dreech en smyt ek swierrichheden op yn syn houlik, dat úteinlik bidt er dat God him mar deagean litte mei. Underwilens is der omfierrens, yn 'e Medyske haadstêd Ekbatana, in jonge Joadske frou dy't fan Sara hjit en dy't út wanhope om itselde bidt. Se hat sân mannen ferlern oan 'e demon fan 'e lust, Asmodéus, dy't eltse man dy't mei har troud op har houliksnacht ûntfierd en deadet, noch ear't it houlik konsumearre wurden is. Yn 'e himel heart God de beide gebedens en beslút yn te gripen troch syn aartsingel Rafael te stjoeren om regaad te meitsjen.
Tobit stjoert syn soan Tobías nei it fiere Meedje ta, dêr't er noch jild útstean hat by kunde fan him. Rafael docht him foar as in fier famyljelid en beselskippet Tobías op dy syn reis. Underweis wurdt Tobías, wylst er sit te poatsjebaaien yn 'e rivier de Tigris, oanfallen troch in fisk, dy't besiket syn foet op te fretten. Op oanwizing fan Rafael fangt Tobías de fisk en ûntdocht it bist fan hert, lever en galblaas om dêr medisinen fan te meitsjen. As se yn Meedje oankomme, fertelt Rafael Tobías oer de tsjeppe Sara, mei wa't Tobías it rjocht hat om te trouwen om't hja neef en nicht binne. Op oantrún fan 'e aartsingel trout Tobías mei Sara, en as de demon Asmodéus dy nachts op 'e lapen komt, ferbrânt Tobías de lever en it hert fan 'e fisk, sa't Rafael him sein hat dat er dwaan moat. De rook fan 'e brânende fiske-organen ferdriuwt de demon, dy't alhiel nei Boppe-Egypte ta flechtet, dêr't Rafael him oermânsk wurdt en bynt. Underwilens hie Sara har heit al temûk in grêf groeven foar de safolste brêgeman fan syn dochter, en hy is dan ek alhiel feralterearre as de oare moarns bliken docht dat Tobías noch libbet. De man lit it grêf temûk wer folgoaie en rjochtet in houliksfeest oan dat dûbel sa lang duorret as dat regel is. Mei't er sadwaande sels net fuort kin, stjoert Tobías Rafael om syn heite jild op te heljen.
Nei ôfrin fan it feest keare Tobías en Sara mei Rafael werom nei Ninevé. Dêr oarderet de aartsingel de jonge en brûk de galblaas fan 'e fisk om syn heite blinens te genêzen. As dat syn beslach krigen hat, fertelt Rafael einling en te'n lêsten wa't er echt is, ear't er werom giet nei de himel. Tobit sjongt dan in lofliet op God, en libbet neitiid noch oant er heech op jierren (158 jier) kommen is. Dan stjert er, en net folle letter stjert ek syn frou Anna. Nei't er harren begroeven hat, ferfart Tobías mei syn gesin nei Meedje, mei't syn heit him foar syn dea noch ret hie om net yn Ninevé te bliuwen oant Gods oardiel oer dy stêd komme sil.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel útjûn waard, is Tobit yndield ûnder de apokrife of deuterokanonike boeken, oan 'e ein fan it Alde Testamint. Dy oersetting fan Tobit waard makke troch pater dr. S. Galama ofm, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |