Hizkía fan Juda

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kening Hizkía fan Juda (neffens in 17e iuwsk skilderij yn de Sankta Maria kyrka fan Åhus (Sweden)

Hizkía (Hebriuwsk: חזקיהו; berne 752 f.Kr.; ferstoarn 697 f. Kr.) folge yn de âldens fan fiifentweintich jier syn heit Achaz op as kening fan Juda. Syn mem wie Aby (ek: Abía) wie in dochter fan de hegepryster Sekarja.

Bibelske skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer kening Hizkía wurdt yn de bibelboeken 2 Keningen 18-20, 2 Kroniken 29-32, Jesaja 36-39, Jeremía 26:18-19, Hoséa 1:1 en Micha 1:1 skreaun.

It erfskip fan Hizkía[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hizkía erfde in ryk dat ûnderhearrich wie oan Assyrje en dêr't troch syn heit Achaz de tsjinst oan frjemde goaden op syn slimst fierd waard. It regear fan Hizkía stie foar in wichtich part yn it ramt fan de striid foar de frijheid fan Juda en it herstel fan de eigen monoteïstyske religy. De Bibel skriuwt dan ek tige posityf oer Hizkía: "hy die alhiel sa't syn foarfaar David dien hie" [1] en "hy stelde syn fertrouwen yn de God fan Israel sa't nei him, noch foar him ien ûnder de keningen fan Juda dien hat". [2]

Bou-aktiviteit ûnder Hizkía[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hizkía's tunnel

Tidens it regear fan Hizkía ferovere Assyrje yn 722 f.Kr. it Noardryk Israel. Nei it ferstjerren fan kening Sargon II fan Assyrje († 705 f.Kr.) besochten de ûnderhearrige steaten ûnder de skatting oan Assyrje út te kommen. Ek Hizkía wegere noch langer tribút oan Assyrje te beteljen en socht stipe by Egypte. Om't Juda in ynfal fan Assyrje ferwachte, liet kening Hizkía de stedsmuorren fan de haadstêd Jeruzalim fersterkje. Ek liet de kening in mear dan 500 meter lange tunnel fan in wetterboarne bûten de stedsmuorren nei Jeruzalim oanlizze, om sa de wetterfoarsjenning fan de stêd ek by in belegering feilich te stellen. Oare wetterboarnen liet de kening ûnbrûkber meitsje sa't de fijân by in ynfal brek oan wetter hie.

Oarloch mei Sanherib fan Assyrje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pear jier letter foel Sargon's opfolger Sanherib it lân binnen. In grut part fan it lân waard ferovere en it Assyryske leger belegere de festingstêden fan Juda. Ek ferneatige Sanherib de Judeeske festingstêd Lakisj en liet de befolking ôfslachtsje. Kening Hizkía koe gjin kant mear út, help fan Egypte bleau út en hy moast dus belies jaan. Sanherib easke fan Hizkía in skatting fan 300 talinten sulver en tritich talinten goud en Hizkía betelle dat troch al it goud en sulver út de timpel en de skatkeamer fan it paleis te heljen. Mar dêrmei wie de saak noch net ôfdien, want Sanherib kaam netstjinsteande de ôfsprutsen skatting likegoed nei Jeruzalim om de stêd te belegerjen.

De ferneatiging fan Sanherib's leger (Peter Paul Rubens)

Boaden fan Sanherib ûnderhannelen bûten de muorren fan de stêd mei in ôffurdiging fan Hizkía. De Assyryske maarskalk prate ynstee fan Arameesk lûdruchtich Hebriuwsk en op de fraach fan Hizkía's offurdiging oft er ek Arameesk prate koe om sa de befolking net oeremus te meitsjen, andere de maarskalk: "It boadskip is ek foar har. Krekt as jim sille hja likegoed harren eigen stront ite en harren urine drinke". Tidens de belegering fan Jeruzalim besocht Sanherib de ynwenners oer te heljen en net mear te harkjen nei harren eigen kening, mar de befolking bleau trou oan Hizkía. Tawijd as Hizkía wie socht de kening help by de God fan Israel. De profeet Jesaja moedige de kening oan no gjin krimp te jaan en syn betrouwen te stellen op God. Jesaja foarsei fierder dat de kening fan Assyrje him werom lûke soe en dat hy yn syn eigen lân mei it swurd ombrocht waard. Kening Sanherib besocht op it lêst Hizkía oan it twifeljen te bringen oan de God fan Israel. Hy liet in boade oan Hizkía freegje wat de God fan Israel noch útheve koe om de Assyryske oerwinning keare te kinnen, ommers alle goaden fan de oare lannen hiene harren folken ek net rêde kind fan in folsleine útroeging troch Assyrje. Ek no liet kening Hizkía him net fan'e wiis bringe, hy rôp de Heare oan en frege om harren te ferlossen út de macht fan kening Sanherib, sa't alle keninkriken witte soene dat allinnich de Heare God is.

Dy nacht besocht neffens de Bibel in ingel it leger fan Sanherib. De ingel brocht 185.000 man om en kening Sanherib waard twongen it belis op te jaan en werom te gean nei Ninivé. Dêr waard de kening troch syn beide soannen Adramêlek en Sarêzer mei it swurd deade.

De lêste jierren fan Hizkía[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kening Hizkía op syn siikbêd

Hizkía waard yn dy tiid slim siik en de profeet Jesaja warskôge de kening him ree te meitsjen om te stjerren. It berjocht makke de kening sa fertrietlik, dat Jesaja troch God werom stjoerd waard om Hizkía te sizzen dat hy nochris fyftjin jier libje mocht. Dy lêste fyftjin jier fan Hizkía's regear naam in nije driging foar Juda ta. De kening fan it jimmeroan machtiger wurdende Babylon hie boaden stjoerd nei Hizkía. Dêr ynventarisearren hja de rykdommen fan Juda. De profeet Jesasja lei de kening út wat dit te betsjutten hie. Der soe nammentlik in tiid komme dat der fan alle rykdom yn Juda neat oerbleau en dat sels Hizkía's eigen soannen weifierd wurde soene om de kening fan Babel te tsjinjen.

Hizkía ferstoar yn it jier 687 f.Kr. Hy waard opfolge troch syn soan Manasse, dy't doe tolve jier wie.

Segelôfdruk fan kening Hizkía[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tidens opgravings yn Jeruzalim waard yn 2015 in 2700 jier âlde segelôfdruk fan kening Hikía fûn.[3]

Net-bibelske boarnen oer it belis fan Jeruzalim[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn ynskripsjes liet de kening fan Assyrje it belis fan Jeruzalim sa fêstlizze.

Wat Hizkía de joad oanbelanget, hy joech gjin belies, ik belegere syn fersterke stêden en fortifikaasjes en in ûnbidich tal doarpen en ferovere se troch oanstampte ierden skeantes en stoarmrammen, dy't nei de muorren brocht waarden, en troch in oanfal fan fuotfolk, dy't gebrûk makken fan minen, stjitblokken en greppels. Ik fierde 200.150 minsken fuort, jong en âld, manlju en froulju, hynders, ezels, kamelen, in net te tellen tal grut- en lytsfee en behannele se as slaven. Ik makke fan him (Hizkía) in finzene yn Jeruzalim yn syn residinsje, krekt as in fûgel yn in kouwe. Ik liet skânsen om him hinne oanlizze om sa syn stedspoarten te ferwoastgjen. Sa brocht ik syn lân werom nei wat it waard, en dochs ferhege ik ek noch it tribút en it tal geskinken oan my as oerhearsker, dy't ik noch boppe it eardere tribút oplei en alle jierren oerdroegen wurde moast. Hikía stjoerde my letter nei Ninevé tegearre mei 30 talinten goud, 800 talinten sulver, ealstiennen, antimoan, grutte stikken reade stien, banken mei ynlein ivoar, stuollen mei ivoar, hûden fan oaljefanten, ebbehout, buksushout en allegear oare weardefolle skatten ek syn eigen dochters en konkubines.

Njonken de bibelboeken makke ek de Gryk Herodotus melding dat it Assyryske leger fan ruten spylje moast. Mar dêr't de Bibel skriuwt oer God's tuskenkomst, dêr wyt Herodotus de ôftocht oan in mûzenpleach. Dizze mûzen frieten de útrusting fan it leger yn ien nacht sa bot oan, dat it leger meitsje moast dat it fuort kaam. De ferliezen soene ûnbidich wêze.

Hoe't it ek wie, Jeruzalim waard net troch Sanherib ynnommen en de stêd bleau yntakt.[4]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: