List fan keningen fan Juda

Ut Wikipedy

Dit is de list fan keningen fan Juda, sa't dy jûn wurdt yn 'e boeken 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen fan 'e Bibel. Oer de persize datearring bestiet in protte ûnienichheid; hjir binne de jiertallen oanholden sa't bibelhistoarikus E.R. Thiele dy jout. (Foar it meastepart binne dat deselde jiertallen dy't ek efteryn de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 jûn wurde yn 'e taheakke Oersjoch fan de Bibelske Histoarje, behalven op plakken dêr't dêr blykber wat misgien is en se der op ûnferklearbere wize fan ôfwike, wat fêststeld wurde kin oan 'e hân fan 'e lingte fan 'e regearperioades dy't yn 'e eigentlike bibeltekst neamd wurde.) Skeanprinte nammen jouwe in omstriden keningskip oan.

List fan Keningen fan it feriene keninkryk Israel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NAMME PERIOADE Opmerkings:
foàr 1030 f.Kr. predynastysk
Abimêlek 1180 - 1177 f.Kr.
1030 - 1008 f.Kr. Hûs fan Saul
Saul 1030 - 1010 f.Kr.
Isjbosjet 1010 - 1008 f.Kr.
1008 - 931 f.Kr. Hûs fan David
David 1008 - 970 f.Kr.
Salomo 970 - 931 f.Kr.

Nei de dea fan Salomo skuorde it feriene keninkryk útinoar yn it noarderryk of tsienstammeryk Israel, dat it Hûs fan David ôfswarde, en it suderryk of twastammeryk Juda, dat ûnder it Hûs fan David bleau. Sjoch foar in opsomming fan 'e keningen fan it tsienstammeryk Israel de list fan keningen fan Israel.

List fan Keningen fan it twastammeryk Juda[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NAMME PERIOADE Opmerkings:
931 - 586 f.Kr. Hûs fan David
Rechabeäm 931- 913 f.Kr.
Abíam (of Abía) 913 - 911 f.Kr.
Asa 911 - 870 f.Kr.
Josjafat 870 - 848 f.Kr.
Joaram 848 - 841 f.Kr.
Achazja 841 f.Kr. (regearre 1 jier)
Atalja 841 - 835 f.Kr. (keninginne)
Joäsj 835 - 796 f.Kr.
Amasja 796 - 767 f.Kr.
Oezzia (of Azarja) 767 - 740 f.Kr. (waard melaatsk en moast yn 751 f.Kr. it regear oerdrage oan syn soan Jotam)
Jotam 740 - 732 f.Kr. (fan 751 f.Kr. ôf regint foar syn heit Oezzia yn 't plak)
Achaz 732- 716 f.Kr.
Hizkía 716 - 687 f.Kr.
Manasse 687 - 643 f.Kr.
Amon 643 - 641 f.Kr.
Josjía 641 - 609 f.Kr.
Joächaz 609 f.Kr. (regearre in fearnsjier; fazal fan 'e farao fan Egypte)
Jojakim (of Eljakim) 609 - 598 f.Kr. (fazal fan 'e farao fan Egypte)
Jojakin (of Jekonja) 598 f.Kr. (regearre in fearnsjier en 10 dagen; fazal fan 'e kening fan Babyloanje)
Sedekía (of Mattanja) 597- 586 f.Kr. (fazal fan 'e kening fan Babyloanje)

Yn 586 f.Kr. waard Jeruzalim, de haadstêd fan it twastammeryk Juda, nei in opstân ynnommen troch Nebûkadnêzar II, de kening fan Babyloanje. Hy liet Sedekía, de lêste Judeeske kening, de eagen útstekke en yn ballingskip fuortfiere; Juda waard dêrnei ta in Babyloanyske provinsje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.