Isjbosjet fan Israel
| Isjbosjet | ||
| Isjbosjet wurdt troch twa fan syn ofsieren fermoarde | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Esjbaäl | |
| berteplak | net neamd yn 'e Bibel | |
| stjerplak | fermoarde yn Mahanaïm (2 Samuël 4:5) | |
| leeftyd | 40 jier (by syn keningskip) (2 Samuël 2:10) | |
| folk | Israëlysk | |
| Famylje | ||
| heit | Saul fan Israel (1 Samuël 14:49; 2 Samuël 2:8) | |
| mem | nei alle gedachten Achinoäm (1 Samuël 14:50) | |
| partner(s) | net neamd yn 'e Bibel | |
| bern | net neamd yn 'e Bibel | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | kening fan it Tolvestammeryk | |
| perioade | 1010 - 1008 f.Kr. | |
| bekend fan | striid mei it hûs fan David; de saak Rispa, ferdield ryk, Mikal | |
| neamd yn | 2 Samuël 2–4; 1 Kroniken 8:33; 9:39 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Isbosjet (Hebriuwsk אִישׁ-בֹּשֶׁת) wie neffens it Alde Testamint ien fan 'e fjouwer soannen fan kening Saul. Neffens inkelde Septuaginta-hânskriften wie syn oarspronklike namme lykwols Isj-Baäl. Isjbosjet hat mar twa jier kening west fan Israel.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't syn heit en trije bruorren it libben lieten by de Slach op de berch Gilboä waard Isjbosjet troch de legeroanfierder fan Saul yn Machanaïm ta kening ferklearre fan it Feriene Keninkryk fan Israel. Earder hie de profeet Samuël lykwols David, in soan fan Isai út de stamme fan Juda, al ta kening salve om't Isjbosjet's heit, kening Saul, him ôfkeard hie fan God en de profeet. It kaam ta in lange striid tusken de legers fan Isjbosjet en David, dy't linkenoan yn it foardiel fan it hûs fan David ferrûn.
Isjbosjet ferspile de relaasje mei syn legeroanfierder Abner, doe't hy him it ferwyt makke dat hy omsloech mei Rispa, in byfrou fan syn heit, kening Saul. Abner waard sa lilk, dat er it beslút naam oer te rinnen nei it kamp fan David. Joäb, de legeroanfierder fan David, hie lykwols noch in rekken iepen stean om't Abner syn broer Asahel fermoarde hie doe't dy him efternei siet yn 'e kriich fan David tsjin Isjbosjet.
David woe wol in bûn mei Abner slute, mar ûnder betingst dat Abner him Mikal, de dochter fan Saul, brocht. Mikal wie oan David as frou ûnthitten as David Saul hûndert Filistynske foarhûden bringe soe. Dat die David en sa waard Mikal syn frou, mar nei't hja David holp te flechtsjen doe't har heit Saul David fermoardzje woe, joech har heit Mikal oan Paltiël as frou. Isjbosjet waard twongen om syn suster Mikal wêrom te jaan oan David.

Nei't Isjbosjet hearde dat syn legeroanfierder Abner útnaaid en by Hebron deastutsen wie, liet er de moedfearren hingje. Twa oare ofsieren, Baäna en Rekab, besletten doe it hûs fan in op dat stuit sliepende kening Isjbosjet yn te slûpen. Hja snienen him de holle ôf en yn 'e hope yn 'e geunst te kommen by David brochten hja him de holle fan 'e deade kening as trofee. Mar David waard doe sa lilk as in sage op 'e beide manlju en foar harren leffe died liet hy Baäna en Rekab fuortendaliks eksekutearje. De holle fan Isjbosjet liet David út repekt foar de fermoarde kening by it lichem fan syn legeroanfierder Abner begrave.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Keningen fan Israel en Juda | |
|---|---|
| Tolvestammeryk (foar de skuorring) | |
| Keningen fan Israel (Noardryk) | |
|
Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa | |
| Keningen fan Juda | |
|
Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginne)· Joäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja) | |
