Springe nei ynhâld

Abía fan Juda

Ut Wikipedy
Abía fan Juda
Abía, kening fan Juda
Abía, kening fan Juda
Persoanlike gegevens
alternative nammenAbijá; Abíam
berne10e iuw f.Kr.
berteplakJeruzalim
ferstoarn10e iuw f.Kr.
stjerplakJeruzalim
leeftydmooglik likernôch 40 jier
folkIsraelitysk / Judeesk
Famylje
heitRechabeäm
memMaäka of Mikaja
partner(s)14 froulju
nammen net bekend
bern38 bern, syn soan Asa waard opfolger
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Juda
perioade3 jier (1 Ken. 15:1–2);
mooglik 913-910 f.Kr.
neamd yn1 Ken. 14:31
1. Ken. 15
Kron. 13:1–22
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Abía (Hebriuwsk: אביה; Latynsk: Abiam; "heit fan 'e see", "JHWH is myn heit") wie de soan fan Rechabeäm en pakesizzer fan kening Salomo. Abía waard de twadde kening fan Juda en syn regear foel tusken 913 f.Kr. en 910 f.Kr.

Neffens it Alde Testamint wie Abía lykas syn heit net trou oan 'e God fan Israel. Hy wie God net lykas syn foarfaar David mei hiel it hert tawijd en fereare ek nochris Kanaänityske goaden.[1]

Under syn regear krige Juda oarloch mei Israel. Opfallend wie doe Abía's oanhinklikens fan 'e God fan Israel en hy beskuldige oan it begjin fan 'e fjildslach Israel der fan dat hja har fan Him ôfkeard hiene. Nettsjinsteande Israel's grutte oermacht en dat Juda ynsletten wie troch it leger fan kening Jerobeäm, fersloech Abía Israel mei glâns. Trije stêden waarden troch him ynnommen en it slagge Israel ûnder it bewâld fan Jerobeäm net mear om 'e klap te boppe te kommen.[2]

Abía hie 14 froulju, by wa't er 22 soannen en 16 dochters hie. Hy waard nei in regear fan trije jier opfolge troch syn soan Asa.[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 Keningen 15:3
  2. 2 Kroniken 13:1-19
  3. 2 Kroniken 13:21-23

Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje