Springe nei ynhâld

Jojakim fan Juda

Ut Wikipedy
Jojakim fan Juda
Jojakim, kening fan Juda
Jojakim, kening fan Juda
Persoanlike gegevens
alternative nammenEljakim
berne634 f.Kr.
berteplakmooglik Jeruzalim
ferstoarn598 f.Kr.
stjerplakJeruzalim (ymplisyt)
leeftyd25 jier by syn troansbestiging
(2 Ken. 23:36)
folkJudeesk
Famylje
heitJosjía
memSebûdda
partner(s)Nechûtsjta
(2. Ken. 24:8)
bernJekonja, Zedekia
(1 Kron. 3:16)
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Juda
perioade609 - 598 f.Kr.
bekend fanfazalkening fan Egypte en Babel; konflikt mei Jeremía
neamd yn2 Keningen 23:34–24:6;
2 Kroniken 36:5–8;
Jeremía 36:29
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Jojakim (* 634 f.Kr.; † 598 f.Kr.; Hebriuwsk: יהויקים; "De Heare docht opstean") wie fan 609 oant 598 f.Kr. kening fan Juda.

Bibelske skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jojakim waard berne mei de namme Eljakim en wie de âldste soan fan kening Josjía. Dochs wie it net Jojakim, mar syn jongere healbroer Joächaz, dy't syn heit opfolge as kening fan Juda. Joächaz waard lykwols al nei trije moannen ôfset troch de Egyptyske kening Neko II en ferfongen troch Eljakim, dy't doe 25 jier wie en by dy gelegenheid de namme Jojakim krige.

De Bibel skriuwt net posityf oer it regear fan Jojakim. Hy die wat de Heare ferkeard achte. De profeet Jeremía skreau dat er foar himsels in paleis bouwe liet mei ûnearlike middels, hy liet syn folk foar neat wurkje, hie allinnich mar each foar it eigenbelang en ûnderdrukte syn folk. Profeten dy't de kening warskôgen en him net noasken, waarden mei de dea bedrige. Sa liet er de nei Egypte flechte profeet Oería troch in groep manlju werom helje nei Jeruzalim, dêr't er him deaslaan liet.

Nei't Neko troch Nebûkadnessar, de kening fan Babel, yn it jier 605 f.Kr. ferslein waard by Karkemisj,[1] rekke Juda ûnder Jojakim út de greep fan Egypte, dêr't it in fazalsteat fan wie. Al sûnt it regear fan kening Josjía profetearre Jeremía oer Nebûkadnessar's ynfal yn Juda. En no't it dêr op like waard der troch de profeet in fêsteltiid ôfkundige en droech Jeremía Barûch op alle wurden, dy't de Heare tsjin Jeremía sprutsen hie, op te skriuwen en foar te lêzen yn 'e timpel en ek dat de kening fan Babel no komme soe om it lân te fernielen. Nei't guon manlju út it fermidden fan 'e kening Jojakim de tekst ek oanhearden, stelden hja út de kening fan 'e tekst op 'e hichte te bringen. Tagelyk warskôgen hja Barûch om tegearre mei Jeremiá fan ruten te spyljen en ûnder te dûken om oan 'e grime fan 'e kening te ûntkommen. Dêrnei liet kening Jojakim him Barûch's skriftrol foarlêze en jimmeroan as der in pear stikken foarlêzen wie, snied er in stik fan 'e skriftrol ôf en smiet it yn it fjoer, oant de hiele rôle opbaarnd wie. Dêrom, sa foarsei Jeremía, en om't er dôfhûdich bleau foar God's warskôgings, soe kening Jojakim gjin neiteam op 'e troan fan David krije en likemin in earfolle begraffenis krije, mar yn stee dêrfan sûnder grêf earne bûten de muorren fan Jeruzalim delsmiten wurde.[2][3]

Yn it jier 606 f.Kr. kaam de profesije fan Jeremía út en foel Nebûkadnessar Juda binnen. Hy liet in part fan it goud út de timpel weihelje, sloech Jojakim yn brûnzen keatlings en naam him, in part fan it Judeeske folk en it goud út de timpel mei nei Babel. Jojakim waard letter wer frijlitten en mocht as fazal oanbliuwe as kening.[4][5]

Nei't Jojakim trije jier nei syn frijlitting lykwols wegere om him noch langer ûnder Nebûkadnessar del te jaan en gjin tribút mear betelle, stjoerde dy in leger fan Chaldeeërs, Aramiten, Moäbiten en Ammoniten op Juda ôf om it lân te ferwoastgjen. Help fan Egypte bleau út en noch foar't it leger fan Nebûkadnessar oan 'e belegering fan 'e haadstêd Jeruzalim ta wie, ferstoar kening Jojakim. Hy waard opfolge troch syn soan Jekonja (Jojakin).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jeremía 46
  2. Jeremía 22:13-19
  3. Jeremía 36:132
  4. 2 Keningen 24:1-5
  5. 2 Kroniken 36:5-8
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje