Springe nei ynhâld

Josjía fan Juda

Ut Wikipedy
Josjía fan Juda
Josjía, kening fan Juda(neffens in 17e-iuwsk skilderij yn 'e Sankta Maria kyrka fan Åhus, Sweden.)
Josjía, kening fan Juda
(neffens in 17e-iuwsk skilderij yn 'e Sankta Maria kyrka fan Åhus, Sweden.)
Persoanlike gegevens
alternative nammenJosía
berne647 f.Kr.
ferstoarn609 f.Kr.
stjerplaksneuvele yn 'e slach by Megiddo
(2 Ken. 23:29)
leeftyd8 jier by syn troansbestiging
(2 Ken. 22:1)
folkJudeesk
Famylje
heitAmon
memJedida, dochter fan Adaja fan Boskat
partner(s)Chamûtal; Sebûdda (ymplisyt, neffens 2 Ken. 23:31, 36)
bernJochanan, Jojakim, Mattanja (Sedekía), Joächaz (Sjallûm)
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Juda
perioade641 - 609 f.Kr.
bekend fangrutte religieuze herfoarming; fynst fan it Wetboek
neamd yn2 Keningen 22–23;
2 Kroniken 34–35
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Josjía (Hebriuwsk: יאשיהו; * om 647 f.Kr. hinne; † 609 f.Kr.) wie fan 640 oant 609 f.Kr. kening fan it Súdryk Juda. Josjía stamde út de dynasty fan 'e Daviden en wie noch mar acht jier, doe't syn heit Amon troch in gearspanning ombrocht waard en hy troch it folk as de opfolger útroppen waard.

Bibelske skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn tsjinstelling ta syn heit, dy't him oan heidenske praktiken oerjûn hie, folge Josjía yn alles it foarbyld fan syn foarfaar David. Der begûn er mei doe't er sechtjin waard. Fjouwer jier letter makke er in ein oan 'e offerhichten, de Asjearapeallen en de talrike bylden fan ôfgoaden yn Jeruzalim en Juda. De kening joech dêr net allinnich opdracht ta, mar holp sels ek by it stikken slaan fan bylden. It pún waard oer de grêven fan dyjingen struid, dy't der offers oan brocht hienen[1] en yn 'e delling fan 'e Kidron stoart, dêr't archeologen yn ús tiid tal fan bylden fan ôfgoaden opgroeven hawwe.[2]

Josjía wurdt de wet foarlêzen
(Gravuere Julius Schnorr von Carolsfeld (1794-1872)

Nei't de kening achttjin jier regearre hie, liet er de boufallige timpel renovearje. By de renovaasje waard in boekrol fûn mei de tekst fan 'e Wet. Bibelgelearden geane der fan út dat dit mooglik it boek Deuteronomium wie. Doe't de tekst oan Josjía foarlêzen waard, skrok er en hy skuorde syn klean stikken, want it die bliken dat der al lang net mear libbe waard neffens de wetten sa't dy beskreaun stiene. Hy liet de tekst foarlêze yn oanwêzigens fan 'e âldsten en it folk en swarde dat hy de Heare folgje soe en de foarskriften fan 'e Heare tenei tige krekt neilibje soe. De wurden fan 'e kening hiene grutte ynfloed op 'e befolking fan Jeruzalim en sûnt holden ek de ynwenners har wer oan it bûn mei God. Ek fierde Josjía de fiering fan Peaske yn op in wize sa't dat earder troch gjinien fan Israel's keningen dien wie.

It regear fan kening Josjía foel gear mei in perioade fan delgong fan Assyrje en swakte fan Egypte. Dêr makke kening Josjía handich gebrûk fan om sûnder bûtenlânske yntervinsje it lân te regearen en de ynfloed fan Jeruzalim en Juda nei it noarden ta út te wreidzjen.

Yn 'e tiid fan Josjía waard ek in begjin makke oan it sammeljen en redigearjen fan 'e bibelske geskriften ta ien wurk. Dat waard benammen troch de profeet Jeremía oantrune en yntinsivearre. Lokale goaden en godstsjinsten ferlearen harren belang. De redaksje fan 'e Bibel waard yn 'e tiid fan 'e Babyloanyske ballingskip foltôge.

Doe't de farao fan Egypte Assyrje militêr helpe woe tsjin it Nijbabyloanyske Ryk en mei syn leger troch Juda nei de Eufraat teach, bemuoide Josjía him ek mei it konflikt. Josjía woe de farao opkeare, ek al makke de farao dúdlik dat it net Juda wie dêr't er mei fjochtsje woe. Yn 'e flakte fan Megiddo foel Josjía it Egyptyske leger dochs oan en hy rekke by dy slach slim ferwûne. De ferwûne Josjía waard nei Jeruzalim brocht en dêr stoar Josjía en waard er begroeven by syn foarfaars.[3][4]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Kroniken 34:3
  2. Bijbelse plaatsen: Afgoden gedumpt, oproppen 2 febrewaris 2026.
  3. 2 Keningen 22-23
  4. 2 Kroniken 34-35
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje