Springe nei ynhâld

Atalja fan Juda

Ut Wikipedy
Atalja fan Juda
Atalja, keninginne fan Juda
Atalja, keninginne fan Juda
Persoanlike gegevens
berteplaknet neamd yn 'e Bibel
stjerplakdeasketten by de Keningspoarte yn Jeruzalim
(2 Ken. 11:16)
folkJudeesk
Famylje
heitAchab (2 Ken. 8:18)
memIzébel (net eksplisyt neamd yn 'e Bibel)
partner(s)Joaram, kening fan Juda
bernAchazja (nammen oare soannen net bekend)
Bibelske rol
titel / funksjekeninginne fan Juda
perioade841 - 835 f.Kr.
bekend fanta-eigening fan 'e troan; ferfolging fan it Hûs fan David
neamd yn2 Keningen 11;
2 Kroniken 22–23
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Atalja (Hebriuwsk: עֲתַלְיָה‎; "de Heare is ferheven" † 837 of 835 f.Kr.) regearde nei de dea fan Achazja tusken ±841 oant ±835 f.Kr. oer it keninkryk Juda.

Atalja wie in telch út 'e Israelityske dynasty fan 'e Omriden. Hja wie in dochter fan kening Achab en Izébel, in fûle oanhingster fan de Baäl-kultus. Har houlik mei Joaram fan Juda moast it bûn tusken de beide keninkriken Israel en Juda besegelje.

Wylst Joaram, dy't ofstamde fan David, trou bleau oan 'e God fan Israel, tsjinne Atalja de Kanaänityske ôfgoaderij fan har mem. Nei't kening Joaram ferstoar, folge syn soan Achazja him op as kening, mar by in besite oan syn neef, de kening fan Israel, waard er ombrocht troch mannen fan 'e legerofsier Jehû, dy't dêr tsjin de foarst yn opstân kommen wie.

Doe't Atalja it nijs fan 'e dea fan har soan Achazja fernaam, liet hja alle soanen út it hûs fan David ombringe sa't hja sels regeare koe. Josjabat, in dochter fan kening Joaram, helle lykwols op 'e tiid de noch lytse Joäsh út it paleis wei en brocht him nei de timpel, dêr't har man Jojada pryster wie.

Atalja wurdt finzen nommen yn 'e timpel.
(Antoine Coypel, 1697)

Seis jierren gyngen foarby mei Atalja as keninginne fan Juda en doe weage Jojada it der op om Joäsh ta kening te kroanen. Doe't it safier wie liet Jojada op wichtige plakken mannen delsette, dy't de trochgongen beweitsje moasten. Atalja hie al dy tiid neat yn 'e rekken, mar doe't hja de opskuor bûten hearde en har op 'e hichte stelle woe fan wat der barde, seach hja by de yngong fan 'e timpel de nyskrektsa ta kening kroande Joäsh yn oanwêzigens fan 'e hiele lânadel. Dêrmei wie de Davidyske line wersteld. Atalja kaam te let en wie net mear yn steat om noch wat te ûndernimmen tsjin 'e opstân. Hja waard meinaam troch manlju en nei't hja Atalja by de poarte fan it paleis ombrochten, teach it folk nei de timpel fan Baäl om dêr in ein te meitsjen oan 'e ferearing fan 'e goaden fan 'e keninginne.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Kroniken 22, 23

Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje