Springe nei ynhâld

Josjafat fan Juda

Ut Wikipedy
Josjafat fan Juda
Josjafat, kening fan Juda(skilderij yn 'e Sankta Mariatsjerke fan it Sweedske Åhus)
Josjafat, kening fan Juda
(skilderij yn 'e Sankta Mariatsjerke fan it Sweedske Åhus)
Persoanlike gegevens
alternative nammenJosafat
berteplaknet neamd yn 'e Bibel
stjerplaknatuerlike dea yn Jeruzalim
(1 Ken. 22:51)
leeftyd35 jier by syn troansbestiging
(1 Ken. 22:42)
folkJudeesk
Famylje
heitAsa
memAzûba (2 Kron. 20:31)
partner(s)namme net oerlevere
bernJoaram, Azarja, Jechiël, Sekarja, Azarja, Mikaël, Sjefatja
2 Kron. 21:2)
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Juda
perioade± 870 - 848 f.Kr.
bekend fanreligieuze herfoarmingen; rjochterlike organisaasje
neamd yn1 Keningen 22:41–51;
2 Kroniken 17–20
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Josjafat (Hebriuwsk: יְהוֹשָׁפָט; "De Heare sprekt rjocht"), wie de soan fan kening Asa en folge syn heit yn 'e âldens fan fiifentrichtich jier op as kening fan it Juda. Syn regear wurdt yn 'e jierren 873 oant 849 foar Kristus datearre.

Neffens it Alde Testamint brûkte Josjafat de earste jierren fan syn regear om de stêden fan syn keninkryk te fersterkjen. Krekt as syn heit die Josjafat in soad muoite om 'e ôfgoaderij yn it lân te bestriden. Yn it tredde jier fan syn bewâld stjoerde hy prysters en Leviten it lân yn om it folk te ûnderwizen yn 'e wetten en geboaden fan God. Under Josjafat makke it lân in grutte bloei troch. De oangrinzgjende lannen lieten Juda mei rêst en foelen it lân net oan, om't hja neffens de Skrift de God fan Israel frezen.[1]

Troch in houlik ferbûn Josjafat syn lân mei it Noardryk Israel fan kening Achab. Dat stjitte op beswieren fan 'e oanhingers fan 'de God fan Israel en de grutte nederlaach dy't it mienskiplike leger fan Josjafat en Achab by in fjildtocht tsjin Ramot yn Gileäd litte, waard dan ek as in straf fan God útlein. Mar oars as kening Achab brocht Josjafat it der libben ôf en de kening kaam sûnder ferwûnings fan 'e striid werom.[2] Thús krige de kening lykwols it leksum fan 'e profeet Jehû, dy't Josjafat ferwiet de ôffallige Achab holpen te hawwen.[3]

Tenei bleau Josjafat yn Juda's haadstêd Jeruzalim. Hy wijde him wer oan it bestriden fan 'e ôfgoaderij. Ek reorganisearre kening Josjafat it rjochtsysteem fan it lân en hiet er de rjochters soarch te dragen foar in ûnôfhinklike en ûnpartijdige rjochtspraak.[4]

Josjafat boude in float om hannel te driuwen mei it legindaryske goudlân Ofir, mar de skippen sloegen ûnderweis nei Ofir brek. Kening Achazja, de opfolger fan Achab, stelde út om tegearre mei Josjafat in nije float te bouwen, mar Josjafat wiisde dat útstel ôf.[5]

Ek by in skeel fan kening Joaram fan Israel mei de Moäbityske kening Meza oer it beteljen fan it tribút, joech Josjafat militêre bystân oan Israel. Rillegau dêrnei sochten de Moäbiten stipe fan harren buorlju en begûnen mei har de striid tsjin Josjafat. De kening fan Juda kundige in hiele dei fêsten ôf, folge de oanwizings fan 'e profeet Sekarja tige sekuer op en doe't syn leger foar de ûnbidich grutte oermacht van 'e Moäbityske kening stie en de wurden Loovje de Heare, want syn trou duorret ivich skandearre, krigen de Moäbiten en de Ammoniten as in wûnder meiïnoar deilis en moarden hja inoar folslein út.[6]

Nei dy oerwinning ferstoar Josjafat yn 'e âldens fan sechtich jier. Josjafat hie it lân fiifentwintich jier regearre en waard opfolge troch syn soan Joaram.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Kroniken 17:1-10
  2. 2 Kroniken 18:1-34
  3. 2 Kroniken 19:1-2
  4. 2 Kroniken 19:4-7
  5. 1 Keningen 22:49-50
  6. 2 Kroniken 20:1-30

Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje