Springe nei ynhâld

Achab fan Israel

Ut Wikipedy
Achab fan Israel
Achab, kening fan Israel
Achab, kening fan Israel
Persoanlike gegevens
berteplaknet neamd yn 'e Bibel
stjerplakfallen yn 'e slach by Ramot-Gilead
(1 Ken. 22:35–40)
folkIsraëlysk
Famylje
heitOmry (1 Ken. 16:29)
memnet neamd yn 'e Bibel
partner(s)Izébel (1 Ken. 16:31)
bernAchazja, Joaram (1 Ken. 22:52)
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Israel
perioade874 - 853 f.Kr.
bekend fanBaäl-tsjinst; konflikten mei Elía; slach by Ramot-Gilead
neamd yn1 Keningen 16:29–22:40
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Achab (Hebriuwsk: אַחְאָב, Aẖ'av , "broer fan 'e heit"; Gryksk: Αχααβ, Latynsk Achab) wie fan ±871 oant ±852 f. Kr. kening fan Israel en neffens it Alde Testamint de opfolger fan kening Omry. Achab troude om politike redens mei Izébel, de dochter fan kening Etbaäl fan Sidon.

Under it bewâld fan Achab makke Israel in bloeiperioade troch. Hy liet stêden fersterke en in paleis bouwe, dêr't in soad ivoar yn ferwurke waard. De relaasjes mei it rike Fenysje brocht ekonomyske foardielen en ek de relaasje mei it keninkryk Juda ûnder Josjafat wie, nettsjinsteande de religieuze ferskillen, goed tanksij in strategysk houlik fan Achab's dochter Atalja mei kroanprins Joaram fan Juda.

Mar Achab wie ek in kening dy't net trou wie yn it leauwen oan 'e God fan Israel. Dêryn wie de kening net unyk, mar hy wie neffens 1 Keningen 16:30 op dat mêd slimmer as al syn foargongers. Troch syn houlik mei de Fenisyske Izébel fan Tyrus liet de kening op grutte skaal ôfgoaderij yn it ryk ta. De hearsksuchtige Izébel hie in grutte ynfloed op 'e kening en wie de driuwende krêft efter it fersprieden fan de Baälkultus yn Israel. Baäl wie de sinnegod en syn frou Astarte, de goadinne fan de natuer, en de oanhingers makken harren skuldich oan timpelprostitúsje en it offerjen fan bern. Achab stie it ta dat 450 profeten fan Baäl en 400 profeten van Asjeara op kosten fan 'e skatkist ûnderholden waarden.[1]

Tagelyk makke Izébel misbrûk fan 'e tolerânsje troch har ôf te setten tsjin de God fan Israel. Under Achab waarden profeten fan Israel fermoarde en alters ferwoastge. De profeet Elía ûntkaam lykwols oan de moardpartijen en hy foarspruts dat it lân teheistere wurde soe troch in lange drûchte. Op 'e berch Karmel kamen de tsjinstellings ta in klimaks. Doe't Élia Achab beskuldige dat de kening mei syn belied it lân yn it ûngelok stoarte, dage de profeet de kening út om de profeten fan Baäl en Asjeara op te roppen om op 'e berch Karmel te sjen wa't de wiere God tsjinne. Nei't Elía it folk sjen liet dat de God fan Israel machtiger wie as Baäl en Asjeara, rôp er de Israeliten op om ôf te weven mei de profeten fan Baäl en Asjeara. Dy waarden troch it folk finzen nommen en by de beek Kisjon deade.

In oar foarbyld fan Izébel's ynfloed op Achab wie de saak Nabot. Dy Nabot hie in stik bougrûn by it paleis fan de kening yn Jizreël, dat kening Achab graach oernimme woe. Nabot lykwols wegere de grûn te ferkeapjen om't it al sa lang yn syn famylje wie. It sin fan 'e kening hie der slim ûnder te lijen en doe't Izébel it yn 'e rekken krige wat de kening sa mismoedich makke, joech hja út eigen beweging opdracht om de lâneigner bûten de stêd te stiennigjen, sa't de kening de grûn him taeigenje koe. Op 'e nij kaam de kening yn oanfarring mei de profeet Elía, dy't de kening de gefolgen fan dy ûndied foarhold en him de ein fan syn hûs oansei. Ek sei de profeet tsjin de kening dat de hûnen syn bloed opslikje soene. Achab krige doe oprjocht spyt fan syn sûnde en skuorde him de klean en naam in perioade fan rou yn acht.[2]

De dea fan Achab

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De dea fan kening Achab
(Gustave Doré)

De ein fan kening Achab kaam doe't Israel en Juda besochten de stêd Ramot yn Gileäd op Aram werom te feroverjen. By dy slach hie kening Achab him net as kening klaaid. Dat brocht betizing, want de kening fan Aram hie opdracht jûn om harren pylken earst op 'e kening fan Israel te rjochtsjen. De striders tochten ynearsten dat kening Josjafat fan Juda de kening fan Israel wie, mar hja krigen op 'e tiid troch dat hy net de kening fan Israel wêze koe. Achab waard dochs noch deade troch in strider dy't op gelok de kening wist te reitsjen mei in pylk.

Yn 'e striid slagge it de ferwûne kening net om op in feilich plak te kommen en wylst hy yn syn striidwein stie, bliede de kening dea. De kening waard yn Samaria begroeven en it bloed fan 'e kening yn 'e striidwein waard der by in wetterbekken útspield. Lykas de profeet Elía foarsein hie, slikten de hûnen by it wetterbekken syn bloed op.

Achab waard opfolge troch de soannen Achazja en Joaram. Oan it bewâld fan it hûs fan Achab kaam mei de opstân fan Jehû yn it jier 842 foar Kristus in ein.[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 1 Keningen 16, 18, 21, 22:
  1. 1 Keningen 18:19
  2. 1 Keningen 21
  3. 1 Keningen 22:29-40

Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje