Springe nei ynhâld

Joaram fan Israel

Ut Wikipedy
Joaram fan Israel
Joaram, kening fan Israel
Joaram, kening fan Israel
Persoanlike gegevens
alternative nammenJoram
berteplaknet neamd yn 'e Bibel
ferstoarndeasketten troch Jehû (2 Ken. 9:24)
stjerplakJizreël
folkIsraelitysk
Famylje
heitAchab
memIzébel
partner(s)net neamd yn 'e Bibel
bernnet neamd yn 'e Bibel
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Israel
perioade852 - 841 f.Kr
bekend fansyn regear nei Achazja; dea troch Jehû
neamd yn2 Keningen 3–9
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Joaram (Hebriuwsk: יוֹרָם) wie tusken ± 852 en ± 841 foar Kristus kening fan Israel. Hy wie de opfolger fan syn broer Achazja en wie de lêste kening fan it hûs Omry. Joaram hat it Tsienstammeryk tolve jier regearre. Alhoewol't Joaram neffens it Alde Testamint trochgyng mei de sûnden fan Jerobeäm troch ôfgoaderij, wie hy as kening net sa slim as syn beide âlden. Sa liet Joaram de wijstien foar Baäl ferwiderje, dy't earder yn opdracht fan kening Achab delset wie.

Striid mei de Moabiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al ûnder it bewâld fan syn broer Achazja wiene de Moäbiten yn opstân kaam tsjin Israel. Kening Mesja fan Moäb wegere no skatting te beteljen. Foar kening Joaram wie dat de oanlieding om 'e striid mei de Moäbiten oan te gean. Dêrby krige er help fan Josjafat, de kening fan Juda, en syn fazal, de kening fan Edom. It leger fan 'e trije keningen wist troch oanwizings fan 'e profeet Eliza stêd nei stêd te oerweldigjen, oant se by de muorren fan Kir-Charêsjet kamen. Op in momint dat de Moäbityske kening Mesja belies jaan moast, liet er op 'e muorre syn âldste soan as jefte oan 'e god Kamosj offerje en doe't de legers fan Israel dat seagen, brieken hja op en gyngen werom.[1]

Kriich mei kening Hazael

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it lêste jier fan syn regear gyng Joaram tegearre mei Juda's kening Achazja, in soan fan Achab's dochter Atalja en dus in omkesizzer fan Joaram, yn Ramot-Gileäd de striid oan tsjin kening Hazael fan Aram-Damaskus. De Arameeërs rekken kening Joaram mei in pylk, dy't fanwegen de ferwûnings de striid opjaan moast.[2] Joaram waard nei syn paleis werom brocht, dêr't Achazja by him bleau.

De dea fan Joaram

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yntusken wie Jehû al troch in learlingprofeet fan 'e profeet Eliza ta kening fan Israel salve. Dizze Jehû hie de opdracht krige om in ein meitsje oan 'e dynasty fanwegen de grutte sûnden fan Joaram's âlden Achab en Izébel. Kening Jehû teach mei syn soldaten nei it paleis yn Jizreël en ûnderweis kamen hja kening Joaram en kening Achazja elk al yn in wein yn 'e mjitte. Joaram besocht noch fuort te kommen, mar Jehû skeat him op 'e flecht mei in pylk dea. De kening fan Juda besocht in oare kant út te flechtsjen, mar ek dy kening wist net te ûntkommen oan it lot dat Elía earder al oansein hie nei't kening Achab de wyngerd fan Nabot ûnrjochtmjittich yn syn besit nommen hie.[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Keningen 3
  2. 2 Keningen 6:28-29; 2 Keningen 9:14-15
  3. 1 Keningen 21, 2 Keningen 9:16-29
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje