Achazja fan Juda
| Achazja | ||
| Achazja, kening fan Juda | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| berteplak | net neamd yn 'e Bibel | |
| stjerplak | by Megiddo fermoarde troch Jehû (2 Ken. 9:27) | |
| leeftyd | 22 jier by syn troansbestiging (2 Ken. 8:26) | |
| folk | Judeesk | |
| Famylje | ||
| heit | Joaram | |
| mem | Atalja | |
| partner(s) | Sibja (2 Ken. 12:2) | |
| bern | Joäsj, de nammen fan oare soannen binne net oerlevere. | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | kening fan Juda | |
| perioade | ± 841 f.Kr. | |
| bekend fan | syn koarte regear; dea yn 'e opstân fan Jehû | |
| neamd yn | 2 Keningen 8:24–29; 9:27–29; 2 Kroniken 22 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Achazja (Hebriuwsk: אֲחַזְיָה, "Yn 'e besnijing fan God) wie in kening fan it keninkryk Juda. Syn regear duorre koart en wurdt op it jier 842 of 841 f.Kr. datearre.
Alhoewol't Achazja de jongste soan fan Joaram en Atalja (in dochter fan kening Achab fan Israel en in pakesizzer fan Omry) wie, waard hy troanopfolger nei't syn âldere bruorren by in ynfal fan 'e Filistinen en Arabieren fermoarde waarden.
Nei't Achazja kening waard, ûndernaam er tegearre mei syn omke Joaram, de kening fan Israel, in fjildtocht tsjin de Syryske kening Hazael. De fjildtocht waard in nederlaach foar Israel en Juda. Yn 'e striid by Ramot yn Gileäd rekke kening Joaram ferwûne. Fan need moast er him weromlûke yn Jizreël, om dêr fan syn ferwûnings te genêzen.
In besite fan kening Achazja oan kening Joaram foel gear mei in steatsgreep yn Israel. Legerofsier Jehû wie earder troch de profeet Elía ta kening salve en hie de opdracht krige om fanwegen it religieuze belied yn Israel it hûs fan 'e Omriden út te roegjen. De steatsgreep slagge en Joaram waard mei in pylk fan Jehû deade en ek Achazja waard efternei sitten. Juda's kening wist him noch skûl te hâlden yn Israels haadstêd Samaria, mar hy ûntkaam net en waard finzen nommen en nei Jehû brocht, dy't him deadzje liet.
Doe't it nijs yn Juda bekend waard dat Achazja dea wie, liet Achazja's mem Atalja alle keninklike bern mei oanspraken op 'e troan fan Juda ombringe. Ien soan fan Achazja wist lykwols oan 'e prinsemoard te ûntkommen. Hy waard troch Josjabat, in muoike fan 'e prins en de frou fan 'e pryster Jojada, op 'e tiid út de keninklike romten weihelle. Hja brocht prins Joäsj nei de timpel en hold de wetlike troanopfolger foar sa lang it regear fan Atalja duorre dêr ferburgen.[1]
Stêle fan Tel-Dan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de jierren 1993-1994 waarden der yn Tel-Dan dielen fan in stêle (pylder) fûn. Op de stêle stiet in tekst yn it Arameesk, dy't skriuwt oer de oerwinning fan in Arameeske kening oer de keningen fan Israel en it Hûs fan David. De nammen fan de twa fijannige keningen binne mar foar in part te lêzen, mar waarden rekonstruearre as Joaram, de soan fan Achab en kening fan Israel, en Achazja, de soan fan Joaram fan it Hûs fan David.
Alhoewol't allinnich in part fan it ynskrift bewarre bleau, joech de fynst grutte opskuor ûnder tal fan argeologen. It ynskrift 'ביתדוד' - "Hûs fan David" wie oanlieding foar dizze opteinens. De stêle kin as in ferwizing nei it bestean fan 'e dynasty fan David sjoen wurde en yn dat gefal soe dat bûten de Bibelske boarnen it earste bewiis fan it histoaryske bestean fan it Hûs fan David wêze. [2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Keningen fan Israel en Juda | |
|---|---|
| Tolvestammeryk (foar de skuorring) | |
| Keningen fan Israel (Noardryk) | |
|
Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa | |
| Keningen fan Juda | |
|
Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginne)· Joäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja) | |