Stêle

Ut Wikipedy
De oerwinningsstêle fan 'e Akkadyske kening Naram-Sin út 'e 23e iuw f.Kr.

In stêle (fan it Frânske stèle) is in stiennen of houten plaat of peal, ornaris heger as dat er breed is, dy't oprjochte (rjochtop set) is as tinkteken. It oerflak is troch byldhouwurk oerdutsen mei tekst of reliëfbylden of beide. Benammen yn 'e Aldheid kaam it oprjochtsjen fan stêles in protte foar. Sokke artefakten binne bekend út Mesopotaamje, de Levant, Anatoalje, Transkaukaazje, it âlde Egypte, it âlde Grikelân en it Romeinske Ryk, mar ek û.o. út it Neolitikum fan Jeropa, fan 'e âlde Kelten, út it âlde Sina, fan 'e Maya-beskaving en oare kultueren fan Meso-Amearika en út it Aksûmityske Ryk yn 'e Hoarn fan Afrika.

Stêles waard oprjochte om in ferskaat fan redens. Grêfstêles waarden opsteld foar funerêre of kommemorative doelen. Keningen en oare hearskers rjochten gauris stêles op as tinkteken foar harren oerwinnings op it slachfjild of oare wichtige dieden. Yn it âlde Grikelân en it Romeinske Ryk waarden stêles ek brûkt as paadwizer of grinsstien. Hjoeddeistige foarmen fan stêles, hoewol't dy no oer it algemien net mear sa neamd wurde, binne grêfstiennen en obelisken. In oar foarbyld fan modern gebrûk is dat op it slachfjild fan Waterloo in stikmannich stêles oprjochte binne om 'e lokaasje fan wichtige gefjochtsaksjes ûnder de Slach by Waterloo te markearjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.