Springe nei ynhâld

Meso-Amearika

Ut Wikipedy
In tentoanstelling mei artefakten fan Meso-Amerikaanske kultueren yn it Ethnologisches Museum Berlin.

Meso-Amearika is in histoaryske regio en kultuergebiet yn Noard-Amearika, dat bestiet út Midden-Amearika útsein de woastinen yn it noarden en de tropyske reinwâlden fan it uterste suden. It gebiet rint dêrmei fan sintraal Meksiko fia Belize, Gûatemala en El Salvador oant yn Hondoeras, wylst it oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan fia Nikaragûa oant yn it noardwesten fan Kosta Rika rikt. Yn Meso-Amearika bloeiden mear as trijetûzen jier lang ferskate Yndiaanske beskavings foarôfgeande oan 'e Spaanske kolonisaasje fan 'e Amearika's. De beneaming 'Meso-Amearika' wurdt inkeld brûkt foar it prekolumbiaanske tiidrek, en net foar de hjoeddeistige Yndiaanske kultueren yn it gebiet.

Gronology fan Meso-Amearika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
tiidrek tiidspanne beskavings
Paleo-Yndiaansk Paleo-Yndiaansk 10.000 f.Kr.3500 f.Kr.
Argaysk 3500 f.Kr.1800 f.Kr. Tehuacán
Preklassyk Ier Preklassyk 2000 f.Kr.1000 f.Kr. Olmeken
Mid Preklassyk 1000 f.Kr.400 f.Kr. Olmeken, Preklassike Maya's, Sapoteken
Let Preklassyk 400 f.Kr.200 Preklassike Maya's, Teotihuacán, Epi-Olmeken, Sapoteken
Klassyk Ier Klassyk 200600 Klassike Maya's, Teotihuacán, Sapoteken
Let Klassyk 600800 Klassike Maya's
Terminaal Klassyk 800900 Klassike Maya's
Postklassyk Ier Postklassyk 9001200 Postklassike Maya's, Tolteken, Misjteken
Let Postklassyk 12001521 Azteken, Postklassike Maya's, Tarasken, Totonaken, Hûasteken, Misjteken, Sapoteken
Koloniaal 15211821 Spanjerts
Postkoloniaal 1821 – no Latynsk-Amearika

Paleo-Yndiaansk Tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meso-Amearika is ien fan mar fiif gebieten yn 'e wrâld dêr't klassike beskavings ûnôfhinklik faninoar ta ûntwikkeling kamen. (De oaren binne it Midden-Easten, it noarden fan it Yndyske subkontinint, Sina en de Andesregio fan Súd-Amearika.) As kultuergebiet wurdt it karakterisearre troch in mozayk fan kulturele skaaimerken, dy't ûntjûn en útwiksele waarden troch de ûnderskate lânseigen beskavings. Dat begûn al om 7000 f.Kr. hinne, doe't paleo-Yndiaanske nomadyske jager-sammeldergroepen harren begûnen te organisearjen ta sedintêre, agraryske doarpen troch de bou fan gewaaksen as kakao, stynske weet, beane, tomaat, avokado, fanylje, pompoen en Spaanske piper, en ek troch de domestikaasje fan 'e kalkoen en de hûn.

De lokaasje fan Meso-Amearika.

Preklassyk Tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Preklassike Tiidrek rekke de lânbou oer it hiele gebiet ferspraat, en datselde gou foar ferskate kulturele eleminten, lykas de komplekse mytology en godstsjinst fan 'e Mesoamerikaanske religy, in figesimaal (tweintichtallich) nûmeryk systeem (sa't ús desimaal systeem tsientallich is), in yngewikkeld kalindrysk stelsel, de tradysje fan balspullen en in dúdlik ûnderskate arsjitektoanyske en artistike styl. Tagelyk fûn der in proses fan maatskiplike stratifikaasje plak, wêrby't ferskillende maatskiplike klassen har ûntjoegen en de doarpen in haadman krigen. Guon fan 'e doarpen woeksen út ta stêden troch in netwurk fan hannelsrûtes dat brûkt waard om lúkse guod as obsidiaan, jade, kakao, fermiljoen, beskate soarten skulpen en ierdewurk te ferhanneljen. Hoewol't de beskavings fan Meso-Amearika kennis hiene fan it tsjil en de grûnslach fan metaalbewurking, waarden dy technologyen nea net botte wichtich.

De ierste wiere beskaving yn Meso-Amearika wie dy fan 'e Olmeken, dy't omtrint 1200 f.Kr. opkaam en fuortduorre oant likernôch 400 f.Kr. De Olmeken bewennen de kust fan 'e Golf fan Meksiko mei útrinders dêrwei it binnenlân yn en nei it suden, oer de Lâningte fan Tehuantepec. Kontakten op geregelde basis tusken de Olmeken en minder ûntwikkele kultueren yn wat no Chiapas, Oaxaca en Gûatemala is, leine de basis foar de fierdere ûntwikkeling fan Meso-Amearika as kultuergebiet. Dat waard mei mooglik makke troch de wichtige hannelsrûte by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns, dy't yngeande ûnderlinge kommunikaasje tusken de ferskillende kustmienskippen mooglik makke.

De ruïnes fan Tikal.

Yn wat no súdlik Meksiko, Gûatemala en Belize is, kaam de Maya-beskaving ta ûntwikkeling. De ierste argeologyske fynplakken fan 'e Maya's geane werom oan likernôch 1000 f.Kr. Fan likernôch 750 f.Kr. ôf foarmen hja stêdsteaten, lykas El Mirador, Calakmul en Tikal. Fierder nei it noarden ta kaam yn dyselde snuorje te Monte Albán de beskaving fan 'e Sapoteken op. Dêre en by de Epi-Olmeken waarden yn dy tiid de earste wiere Mesoamerikaanske skriften ûntwikkele, dy't neitiid yn it Klassike Tiidrek harren hichtepunt berikke soene yn 'e hieroglifen fan 'e Maya's. Meso-Amearika is ien fan mar trije kriten yn 'e wrâld dêr't it skrift him folslein ûnôfhinklik fan ynfloeden fan bûtenôf ûntjoech (de oaren binne Sûmearje en Sina).

Klassyk Tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn sintraal Meksiko waard tsjin 'e ein fan it Preklassike Tiidrek, omtrint it jier 50, de stêd Teotihuacán stifte, dy't him yn it Klassike Tiidrek (200-900) ûntwikkele ta it wichtichste kulturele en religieuze sintrum fan hiel Meso-Amearika. De stêd foarme in ryk basearre op militêre macht en hannel, en wreide syn politike macht út nei it noarden sawol as oer de Maya's yn it suden. Nei de ynstoarting fan Teotihuacán, om 600 hinne, wediveren yn sintraal Meksiko ferskate politike sintra om 'e macht, wêrûnder Xochicalco en Cholula. Underwilens begûnen út it woastinige gebiet benoarden Meso-Amearika wei de Nahûa-talige folken nei it suden op te tsjen. Meitiid ferkrongen dy yn sintraal Meksiko de sprekkers fan 'e Oto-Mangeaanske talen en waarden se kultureel oerhearskjend.

Teotihuacán.

Yn it suden fan Meso-Amearika einige it Klassike Tiidrek mei de ynstoarting fan 'e Klassike Maya-beskaving, wêrby't tusken 895 en 900 abrupt stêden yn 'e súdlike leechlannen, lykas Palenque, Copán, Tikal en Calakmul, ûntfolke rekken. Dat barren is noch altyd ien fan 'e grutste mystearjes fan 'e argeology, al lykje resinte stúdzjes te wizen op in perioade fan drûchte dy't dêrsanne de folslein fan geregelde reinfal ôfhinklike lânbou ûnmooglik makke.

Postklassyk Tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it iere Postklassike Tiidrek waard sintraal Meksiko dominearre troch de Nahûa-sprekkende Tolteken (mei as sintrum de stêd Tula) en Oaxaca troch de Misjteken. Mank de Maya's kamen op it Jûkatanskiereilân kulturele sintra as Chichén Itzá en Mayapán ta bloei.

It Let Postklassike Tiidrek (1200-1521) stie yn sintraal Meksiko yn it teken fan 'e opkomst fan 'e Azteken, dy't in ryk mei in grut tal fazalsteaten opbouden dat frijwol hiel it middelste part fan Meso-Amearika besloech. De Tarasken behearsken yn deselde tiid Michoacán en Guerrero. Mei syn haadstêd te Tzintzuntzan wie de Taraskyske steat ien fan 'e mar in pear Mesoamerikaanske bestjoerlike ienheden dy't oanhâldend en mei súkses wjerstân bea tsjin 'e Azteekske opmars. Oare wichtige kultueren út it Postklassike Tiidrek wiene dy fan 'e Totonaken en de Hûasteken oan 'e eastkust, en dy fan 'e Misjteken en de Sapoteken (mei sintra yn Mitla, resp. Zaachila) yn Oaxaca.

It wichtichste paleis yn Palenque.

Koloniaal Tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e Mesoamerikaanske kulturele tradysje kaam yn 1521 in ein mei de Spaanske ferovering fan it Azteekske Ryk. Neitiid ferneatigen de Spanjerts yn 1530 de Taraskyske steat. Nojpetén, de lêste ûnôfhinklike stêdsteat fan 'e Maya's, waard einlings yn 1697 ferovere. Mei de komst fan 'e Spanjerts waard de lânseigen befolking fan Meso-Amearika bleatsteld oan besmetlike sykten út Jeraazje dêr't se gjin ymmuniteit tsjin hiene, lykas de pokken en de mûzels. Dat late ta epidemyen dêr't mear as 90% fan 'e befolking by omkaam, mei as gefolch dat de lânseigen maatskippijen en kultueren fierhinne ynstoarten.

Yn 'e folgjende iuwen waard de kultuer fan Meso-Amearika fermongen mei it roomsk-katolisisme, de Spaanske taal en oare skaaimerken fan 'e Spaanske kultuer, wylst de Spanjerts aktyf besochten de lânseigen kultueren út te rûgjen, bgl. troch alle boeken yn lânseigen talen dy't se fine koene, te ferbrânen. Nettsjinsteande dat oerlibje ek hjoed de dei noch eleminten fan 'e Mesoamerikaanske beskavings yn 'e kultueren fan 'e Yndiaanske folken fan it gebiet. Sa wurde noch in soad talen sprutsen dy't foar de Spaanske ferovering ek sprutsen waarden, en binne animistyske en sjamanistyske praktiken opnomen yn 'e pleatslike foarmen fan it roomsk-katolike kristendom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.