Drûchte

Ut Wikipedy
Drûchte wie yn 2011 de oarsaak fan de hongersneed yn 'e Hoarn fan Afrika.

In drûchte (oant 2015 stavere as droechte) of skrokkens is in langere perioade dat der gebrek oan wetter is. Dat wurdt almeast feroarsake trochdat der lang gjin of minder as gemiddelde delslach falt, sadat it oerflaktewetter en/of grûnwetter oprekket. Fral by sinneskynwaar mei wyn en hege temperatueren kin der in protte focht ferdampe, mei as gefolch dat it wettertekoart fluch oanboazet. Drûchte komt dêrtroch benammen foar yn 'e simmer en yn dielen fan 'e wrâld dêr't it altyd hjit is, lykas woastinen. Ek de foarskiednis is fan belang: as ek it foargeande jier drûch wie, rint it wettertekoart fierder op. Foar de lânbou makket de minske yn sokke gefallen faak gebrûk fan yrrigaasje, mar it wetter dat dêrfoar brûkt wurdt, moat ek earne wei komme, en soks makket de drûchte dêrom op 'e lange termyn slimmer ynstee fan better.

Drûchte kin moannen of sels jierren oanhâlde. It kin fan grutte ynfloed wêze op it ekosysteem en de lânbou yn it troffen gebiet, en sadwaande kin it ek de ekonomy skea tabringe. Guon dielen fan 'e wrâld, benammen yn 'e tropen, hawwe elts jier in drûge tiid, as der suver hielendal gjin delslach falt, en in reintiid, as frijwol alle jierlikse delslach efterinoar delkomt. Dy ferdieling makket de kâns op 'e ûntwikkeling fan drûchte grutter, mei't it foarkomme kin dat de rein yn in beskaat jier fanwegen klimatologyske omstannichheden gewoanwei net komt. Ek liene drûge seizoenen har tige foar de ûntjouwing fan natoerbrannen. Nettsjinsteande dat is drûchte in weromkearend ferskynsel yn it klimaat fan hast de hiele wrâld.

By slimme drûchte komme der skuorren yn 'e grûn.

In soad plantesoarten, lykas de leden fan 'e famylje fan 'e kaktussen (Cactaceae), hawwe troch evolúsje skaaimerken ûntwikkele dy't helpe om drûchte te trochstean. Men kin dan tinke oan in minder grut blêdoerflak en in waaksige opperhûd, sadat de plant minder wetter ferliest troch ferdamping. Oare planten oerlibje drûchten as siedsjes ûnder de grûn. Yn gebieten dêr't drûchten ôfwiksele wurde troch perioaden mei rein, ûntjouwe har woastinen, steppes, savannes en prêrjes. Oanhâldende drûchte kin liede ta massamigraasje fan minsken en bisten, en teffens ta in humanitêre krisis. De langste drûchte út 'e skiednis dy't yn skriflike boarnen fêstlein is, kaam foar yn 'e Atakamawoastyn yn Sily en duorre 400 jier.

Drûchten binne fan ynfloed op 'e produksje fan iten en op oare aspekten fan 'e minsklike maatskippij. Se wurde dêrom beskôge as in ramp fan natuerlike oarsprong, hoewol't men histoarysk ek wol boppenatuerlike of minsklike oarsaken socht. Dy minsklike oarsaken koene dan ek wer boppenatuerlik wêze, lykas in flok of de godlike bestraffing fan in minsklike sûnde. Om ynfloed op drûchte út te oefenjen, ûntwikkelen ferskate minsklike kultueren yn it ferline rituëlen lykas de reindûns, mar ek waarden der wol minske-offers brocht om te besykjen dêrmei de delslach wer op gong te bringen. Tsjintwurdich wurde sokke praktiken, alteast yn 'e Westerske maatskippij, sjoen as in foarm fan folkloare of byleauwe, en wurdt earder fertroud op 'e moderne wittenskip fan wettermanagement.

Fanwegen de grutte ynfloed op it libben is drûchte ien fan 'e ierst dokumintearre klimatologyske foarfallen, dy't al neamd wurdt yn it Sûmearyske Epos fan Gilgamesj, dat om 2100 f.Kr. skreaun waard. Yn 'e Bibel is drûchte de efterlizzende oarsaak fan it ferhaal oer hoe't Joazef yn it Alde Egypte bedarre en dêrmei ek fan 'e lettere Uttocht út Egypte fan 'e Israeliten. De moderne wittenskip hat de migraasjes fan jager-sammelders yn Sily yn 9500 f.Kr. yn ferbân brocht mei drûchte, en itselde jildt foar de out of Africa-migraasje fan 'e moderne minske nei de rest fan 'e wrâld 135.000 jier lyn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.