Akkadyske Ryk

Ut Wikipedy
Akkadyske Ryk
𒆳𒌵𒆠, māt Akkadi (Akkadysk)
𒀀𒂵𒉈𒆠, a-ga-de3KI (Sûmearysk)
2334 f.Kr. – 2154 f.Kr. (M.G.)
geografyske lokaasje

It Akkadyske Ryk yn grien, Elam yn giel en de Hoer-rityske keninkriken yn pears. Mei pylken binne de rjoch-tings oanjûn wêryn't it Akkadyske Ryk him útwreide.
polityk
haadstêd Akkad
offisjele taal Akkadysk
Sûmearysk
steatsfoarm monargy
ûntstien út Sûmearyske stêdsteaten
Twadde Marioatyske Ryk
Earste Eblaïtyske Ryk
opgien yn Gûtyske Dynasty fan Sûmearje
Trêde Marioatyske Ryk
Twadde Eblaïtyske Ryk
no diel fan Irak
Iraan
Syrje
Koeweit
Turkije
sifers
ynwennertal >500.000 ? (2300 f.Kr.)
befolkingstichtens ûnbekend
oerflak 30.000 km² (2350 f.Kr.)
650.000 km² (2300 f.Kr.)
800.000 km² (2250 f.Kr.)
250.000 km² (2200 f.Kr.)
bykommende ynformaasje
muntienheid sikkel
N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.

It Akkadyske Ryk (Akkadysk: 𒆳𒌵𒆠, māt Akkadi; Sûmearysk: 𒀀𒂵𒉈𒆠, a-ga-de3KI) wie it earste grutte ryk yn 'e Aldheid fan Mesopotaamje. It waard ferneamd nei de stêd Akkad, dy't it sintrum foarme. It Akkadyske Ryk waard yn 'e earste helte fan 'e fjouwerentweintichste iuw f.Kr., wierskynlik yn of omtrint 2334 f.Kr. (Middellange Gronology), stifte troch kening Sargon fan Akkad, en besloech dielen fan wat no Irak, Iraan, Syrje, Koeweit en Turkije binne. Ek bûten dat gebiet wie de Akkadyske ynfloed grut, en de militêre macht fan it ryk rikte sels oan Dilmûn ta, oan 'e súdpunt fan it Arabysk Skiereilân (yn wat no Omaan is). It Akkadyske Ryk berikte syn hichtepunt om 2250 f.Kr. hinne, wêrnei't de Akkadyske macht fluch yn it neigean rekke, folge troch in hommels útinoar fallen fan it ryk yn 2154 f.Kr. Nei in perioade fan gaos klofte de befolking fan Mesopotaamje úteinlik gear ta twa Akkadysksprekkende naasjes: Assyrje yn it noarden en Babyloanje yn it suden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Datearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ferskate manearen om 'e foarfallen yn 'e Aldheid yn it Heine Easten te datearjen, mar datoangeande wurdt it measte gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology en de Koarte Gronology. De ûnwissigens fan datearjen jildt foar alle data fan foar de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, om 1200 f.Kr. hinne. Resint ûndersyk wêrby't gebrûk makke is fan koalstofdatearring fan argeologyske fynsten liket de middellange gronology te ûnderstypjen, dy't ek al langer it gongberst wie. As men útgiet fan 'e Middellange Gronology, bestie it Akkadyske Ryk fan 2334 f.Kr. oant 2154 f.Kr.; de Koarte Gronology giet út fan 2270 f.Kr. oant 2083 f.Kr.

In brûnzen kop fan in Akkadysk hearsker, yn 1931 ûntdutsen yn Ninevee. Saakkundigen ornearje dat it in ôfbylding fan Sargon is of, wierskynliker, fan dy syn pakesizzer Naram-Sin.

Oan it Akkadyske Ryk gie yn Mesopotaamje it Ier-Dynastike Tiidrek fan 'e Sûmearyske stêdsteaten foarôf, en yn Syrje it Twadde Marioatyske Keninkryk en it Earste Eblaïtyske Keninkryk. Nei de ynstoarting fan it Akkadyske Ryk folge yn Mesopotaamje de Gûtyske Dynasty fan Sûmearje en yn Syrje it Trêde Marioatyske Keninkryk en it Twadde Eblaïtyske Keninkryk. Beide oergongen binne dizenich. It is wierskynlik dat de opkomst fan it Akkadyske Ryk gearfoel mei de ein fan it Ier-Dynastike Tiidrek, wylst de lêste Akkadyske keningen tagelyk hearsken mei de Gûtyske keningen yn Sûmearje en lânseigen hearskers yn sawol Oerûk as Lagasj.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Akkadyske Ryk tanket syn namme oan 'e stêd Akkad en de omlizzende krite mei deselde namme, dy't yn wat no noardlik Irak is tusken de beide grutte rivieren de Eufraat en de Tigris yn leine. Hoewol't de stêd Akkad noch net troch argeologen weromfûn is, stiet it bestean derfan fêst, mei't der ferwizings nei binne yn in grut ferskaat oan skriftlike boarnen. Dêrûnder is teminsten ien dy't datearret fan foàr de opkomst fan it Akkadyske Ryk. Dat, tegearre mei it feit dat it toponym 'Akkad' dúdlik net fan Akkadyske oarsprong is, suggerearret dat de stêd oarspronklik bewenne west hawwe kin troch lju fan in oare etnyske groep.

Sargon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stifter fan it Akkadyske Ryk wie Sargon, dy't de soan fan in ienfâldige túnker en mooglik in preesteresse fan Isjtar of Inanna west hawwe soe. Hy wie oarspronklik de skinker fan in kening fan Kisj dy't de Semityske namme Oer-Zababa hie. (De funksje fan skinker wie doedestiden eins in tige foaroansteand polityk amt, dat beset waard troch in fertrouling fan 'e kening en dêr't wiidweidige ferantwurdlikheden oan klibben dy't net daliks troch de titel sels suggerearre wurde.) Sargon krige ek it amt fan túnker oer fan syn heit of pleechheit, dat net inkeld mei it ferbouwen fan gewaaksen te krijen hie, mar fral mei it ûnderhâld fan 'e wichtige yrrigaasjekanalen. Dat joech him tagong ta in dissiplinearre kloft arbeiders, dy't mooglik syn earste soldaten waarden.

Akkad (grien) omtrint 2350 f.Kr. It ryk fan kening Lûgal-zage-si fan Oerûk is werjûn yn oranje. Elam is werjûn yn giel.

Neffens in moolik yn bekate mjitte mytologisearre ferhaal rekke Oer-Zababa benaud foar Sargon en besocht er him oant twaris ta fermoardzje te litten. De rest fan it ferhaal is net oerlevere, mar it is dúdlik dat Sargon Oer-Zababa fan 'e troan state en kening foar him yn 't plak waard. Hy fêstige neitiid syn haadstêd yn Akkad en sette útein mei in kampanje fan oanhâldende feroverings. Hy foel Sûmearje binnen en fersloech de machtichste fan 'e Sûmearyske keningen, Lûgal-zage-si fan Oerûk, yn 'e Slach by Oerûk en naam him kriichsfinzen. Nei't er Sûmearje oan 'e kust fan 'e Perzyske Golf ta beset hie, foel er fjouwer kear Syrje en Kanaän binnen, dêr't er trije jier trochbrocht mei it ûnderwerpen fan 'it Westen' om dat mei Mesopotaamje yn ien ryk te ferienjen.

Akkadyske soldaten deadzje harren fijannen, op in oerwinningsstêle yn it Louvre, mooglik út it regear fan Rimûsj.

Dêrmei wie Sargon lykwols noch net klear. Hy brocht de rest fan syn libben troch mei it feroverjen dan in grut tal omlizzende gebieten en skoep sa in ryk dat yn it westen oan 'e Middellânske See en mooglik sels Syprus ta rikte. Yn it noardwesten befocht er neffens in lettere Hettityske tekst de Hattyske kening Noerdaggal fan Boerûsjanda, dat in hiel ein Anatoalje yn lei. Yn it easten oerweldige er Elam, yn wat no súdwestlik Iraan is, en Gûtium yn 'e bergen noardlik dêrfan. Yn it suden fierde er fjildtochten út oant yn Dilmûn, oan 'e súdpunt fan it Arabysk Skiereilân, yn it hjoeddeistige Omaan. Sargon hearske nei't it skynt 56 jier, hoewol't dêrfan mar fjouwer "jiernammen" oerlevere binne. Syn strategy wie om yn 'e ferovere gebieten de pleatslike hearskers te ferfangen troch eallju út Akkad, dy't trou oan him wiene. Oan 'e ein fan syn libben kaam neffens in lettere Babyloanyske tekst hast it hiele ryk tsjin him yn opstân en waard er belegere yn syn haadstêd Akkad, mar hy fersloech de opstannelingen en ferdylge harren legers.

Rimûsj en Manistûsjû[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn dea yn likernôch 2279 f.Kr., waard Sargon opfolge troch syn soan Rimûsj. Under dy syn njoggenjierrich regear brieken der fannijs opstannen út. Rimûsj focht fûleindich om syn heite ryk te behâlden, en dêryn wied er súksesfol oant er fermoarde waard troch guon fan syn eigen hôvelingen. Neffens de oerlevere ynskripsjes gie syn werovering fan 'e Sûmearyske stêden Oer, Oemma, Adab, Lagasj, Der en Kazallû mank mei in protte bloedferjitten. De sekuer byholden tellings wolle hawwe dat dêrby oan 'e kant fan 'e opstannelingen yn totaal mear as 56.000 minsken omkamen, wylst nochris goed 29.000 minsken ta slaaf makke en 26.000 "ferballe en ferdylge" waarden (yn totaal mear as 111.000 minsken).

In ympresje fan in sylindersegel fan 'e Akkadyske kening Sjar-Kali-Sjarri, datearjend fan omtrint 2200 f.Kr. It tinken is dat de werjûne langhoarne kobisten út it gebiet fan 'e Yndusbeskaving yn it noarden fan it Yndyske subkontinint komme, wat in bewiis is foar de hannelskontakten fan it Akkadyske Ryk mei dat gebiet.

Rimûsj waard yn 2270 f.Kr. opfolge troch syn broer Manisjtûsjû. Dyselde krige te meitsjen mei in koälysje fan 32 Arabyske keningen dy't de behearsking oernamen oer wat no Omaan en de Feriene Arabyske Emiraten binne. Hy skynt op 'e Perzyske Golf in seeslach mei harren útfochten te hawwen, wêrby't er harren fersloech en it bekreaude gebiet foar it Akkadyske Ryk behold. Nettsjinsteande dat súkses waard Manisjtûsjû yn 2255 f.Kr. krekt as Rimûsj it slachtoffer fan in slûpmoard dy't fuortkaam út in gearspanning yn syn hofhâlding.

Naram-Sin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Manisjtûsjû waard opfolge troch syn soan Naram-Sin, dy't de titel "kening fan 'e fjouwer kertieren" (šar kibrat ’arbaim) oannaam, wêrby't "de fjouwer kertieren" in ferwizing nei de hiele wrâld is. Hy wie ek de earste dy't him "de god" (Akkadysk: ilu; Sûmearysk: din-gir) fan Akkad neame liet. Dat stie yn skril kontrast mei de eardere tradysje dat keningen net mear as de fertsjinstwurdigers fan 'e goaden op 'e ierde wiene. Krekt as syn heit en omke hie Naram-Sin oan it begjin fan syn regear te krijen mei opstannen, mar dy drukte er fluch en bloedich de kop yn.

Under Naram-Sin wreide it Akkadyske Ryk him fierder út mei de ferovering fan it Earste Eblaïtyske Keninkryk fan Ebla, yn Syrje, en ek mei de bemastering fan Armanum, wêrfan't de lokaasje mank argeologen noch altyd ûnderwerp fan debat is. Om Syrje better yn 'e macht hâlde te kinnen, liet Naram-Sin in keninklike residinsje bouwe te Tell Brak, yn 'e delling fan 'e rivier de Chaboer. Fierders fierde er oarloch tsjin Magan (yn Omaan) en makke persoanlik Mandannû, de kening fan dat lân, kriichsfinzen, dy't tsjin him yn opstân kommen wie.

De Oerwinningsstêle fan Naram-Sin, dêr't it Akkadyske Ryk de oerwinning fan Naram-Sin op 'e Lûllûbjers mei fierde, yn omtrint 2254 f.Kr..

De wichtichste bedriging foar it Akkadyske Ryk kaam yn 'e tiid fan Naram-Sin lykwols fan guon barbaarske stammen út it noardlike Sagrosberchtme: de Lûllûbjers en de Gûtjers. In fjildtocht tsjin 'e Lûllûbjers einige mei de kreaasje fan 'e Oerwinningsstêle fan Naram-Sin, dy't tsjintwurdich yn it Louvre yn Parys te sjen is. Hettityske boarnen wolle fierders hawwe dat Naram-Sin ek djip yn Anatoalje oarloch fierde, tsjin 'e Hettityske, Hoerrityske en Hattyske keningen Zipani fan Kanesj, Pamba fan Hatty en fyftjin oaren.

Lettere keningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Naram-Sin regearre 36 jier en waard yn 2218 f.Kr. opfolge troch syn soan Sjar-Kali-Sjarri, dy't nochris 25 jier regearre. Under dy syn bewâld rekke it mei de Akkadyske macht yn it neigean, en begûn it ryk wat langer wat mear yn te krimpen. Ien teory oer de oarsaak dêrfan is dat Akkad it úteinlik gewoan net hâlde koe foar alle oare machtige stêden en gebieten oer dy't it tydlik betwongen hie. In oare teory is dat de stadige ynstoarting fan it Akkadyske Ryk te witen wie oan drûchte, dy't soarge foar jierren fan mislearre rispingen en it ryk sa fan binnenôf útholle.

De Gûtjers feroverje in Mesopotamyske stêd; de Akkadyske troepen hawwe har yn slachoarder bûten de stedsmuorren opsteld. (19e-iuwske yllustraasje.)

Om 2200 f.Kr. wie inkeld Mesopotaamje noch oer, en ek dêr sette de teloargong fan 'e Akkadyske hearskippij yn doe't de Gûtjers der yn 2193 f.Kr., oan 'e ein fan it regear fan Sjar-Kali-Sjarri, in ynfal diene. Ut 'e folgjende gaoatyske jierren binne ferskate nammen fan Akkadyske keningen oerlevere (Igigi, Imi, Nanûm en Ilûlû), dy't allegear mar in jier of minder regearre lykje te hawwen. Ek oer Dûdû, dy't yn 2189 f.Kr. oan 'e macht kaam en ienentweintich jier kening bleau, is net folle bekend.

Sjû-Toerûl, de lêste Akkadyske kening, dy't 2169 f.Kr. op 'e troan kaam, liket it sintrale gesach yn it ryk wer werombrocht te hawwen, mar hy wie net by steat om foar te kommen dat de Gûtjers yn 2154 f.Kr. mei in nije ynvaazje foargoed in ein oan it Akkadyske Ryk makken, persiis 180 jier nei't it stifte wie. Nei de fal fan it ryk folge yn Mesopotaamje in 'tsjuster tiidrek' ûnder it bewâld fan 'e Gûtyske Dynasty fan Sûmearje. Oerlevere boarnen suggerearje dat de Gûtjers, dy't nomadyske feehoeders wiene, net folle op hiene mei bou, en likemin mei skriuwen of iepenbiere feilichheid. Se lieten nei't it skynt harren keppels frij troch hiel it lân omrinne, wêrby't lânbougewaaksen opfretten waarden en de ûnmisbere yrrigaasjekanalen skansearre rekken, mei hongersneed ta gefolch. Koart nei 2120 f.Kr. waarden de Gûtjers troch Utû-chengal, de kening fan Oerûk, en dy syn skoansoan Oer-Nammû, de stifter fan 'e Trêde Dynasty fan Oer, út Mesopotaamje ferdreaun.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Akkadyske Ryk wie in monargy dy't regearre waard troch de kening of šarrum. Alle keningen kamen út it Hûs fan Sargon, in dynasty dy't ek wol bekendstiet as it Hûs fan Akkad, de Sargoanyske Dynasty (net te betiizjen mei de lettere Sargonidyske Dynasty) of de Aldakkadyske Dynasty. De folchoarder fan 'e Akkadyske keningen stiet fêst. De krekte jiertallen fan harren regearperioaden binne likernôch, sa't dat mei alle data út 'e Aldheid it gefal is dy't datearrje fan foar de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid1200 f.Kr.). Hjirûnder wurdt foar de jiertallen gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology fan 'e Aldheid yn it Heine Easten.

kening regear stambeam
Sargon 2334 f.Kr.2279 f.Kr.
Rimûsj 2279 f.Kr.2270 f.Kr.
Manisjtûsjû 2270 f.Kr.2255 f.Kr.
Naram-Sin 2255 f.Kr.2218 f.Kr.
Sjar-Kali-Sjarri 2218 f.Kr.2193 f.Kr.
Igigi 2193 f.Kr.2192 f.Kr.
Imi 2192 f.Kr.2191 f.Kr.
Nanûm 2191 f.Kr.2190 f.Kr.
Ilûlû 2190 f.Kr.2189 f.Kr.
Dûdû 2189 f.Kr.2169 f.Kr.
Sjû-Toerûl 2169 f.Kr.2154 f.Kr.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De preesteresse Enhedûanna, de dochter fan Sargon fan Akkad. Hja wie in ferneamd dichteresse.

De ekonomy fan it Akkadyske Ryk wie basearre op 'e yrrigaasjelânbou fan Mesopotaamje, dy't foar oerfloedige rispingen soarge. Dat late ta rykdom yn 'e foarm fan belestings dy't heft wurde koene, mar ek om't de agraryske oerskotten eksportearre wurde koene nei oare lannen. Sa waard der hannel dreaun mei de Yndusbeskaving yn it noardwesten fan it Yndysk subkontinint. De útwreiding fan it Akkadyske Ryk nei de sulverminen fan Anatoalje, de sederwâlden fan it Libanonberchtme en de koperôfsettings fan Magan waard eins benammen ynjûn troch ekonomyske motiven; d.w.s. de winsk om sok ymportguod ûnder eigen behearsking te bringen.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolkingsgrutte fan it Akkadyske Ryk is net bekend. Wol binne der rûzings foar it tal ynwenners fan beskate stêden. Om 2300 f.Kr. hinne moat Oerûk likernôch 50.000 ynwenners hân hawwe, wylst Mari 10.000 ynwenners hie en Akkad 36.000. Mei-inoar komt dat út op krapoan 100.000 minsken. Derfan útgeande dat alle oare stêden mei-inoar teminsten nochris safolle ynwenners hiene, kin men ornearje dat it Akkadyske Ryk teminsten 200.000 ynwenners hân hawwe moat. Dat sifer liket te leech te wêzen as men it tal fan mear as 111.000 slachtoffers fan 'e fjildtochten fan Rimûsj tsjin 'e Sûmearyske stêden foar wier oannimt.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tiid fan it Akkadyske Ryk ûntjoech it Akkadysk, dat in Semityske taal is, him ta de lingua franca fan it Midden-Easten. Ek wie it de taal dy't formeel troch de amtnerij brûkt waard, hoewol't it Sûmearysk, in isolearre taal, yn gebrûk bleau as sprektaal en foar literêre doelen. It Akkadysk fersprate him oer in gebiet fan Syrje oant Elam, en sels it Elamitysk waard foar koarte tiid yn it Mesopotamyske spikerskrift skreaun. Yn Mesopotaamje brocht it Akkadyske Ryk foar it earst Akkadysksprekkers en Sûmearysksprekkers ûnder ien bewâld, mei as gefolch dat der in kulturele symbioaze tusken dy beide groepen ûntstie en twataligens de noarm waard.

It Akkadysk ferfong it Sûmearysk earne oan 'e ein fan it trêde milennium f.Kr. of it begjin fan it twadde milennium f.Kr. as sprektaal, mar wannear krekt is mank saakkundigen noch altyd ûnderwerp fan debat. Nei de fal fan it Akkadyske Ryk waarden ûnder de Trêde Dynasty fan Oer oerheidsdokuminten wer skreaun yn it Sûmearysk, mar dat wie doe hurd ûnderweis om in deade, poer literêre en liturgyske taal te wurden, ferlykber mei de sitewaasje fan it Latyn trijetûzen jier letter yn Midsiuwsk Jeropa.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.