Dûdû fan Akkad
Dûdû | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
echte namme | 𒁺𒁺, Du-du | |
nasjonaliteit | Akkadysk | |
bertedatum | ûnbekend | |
berteplak | Akkad? | |
stjerdatum | 2169 f.Kr. | |
stjerplak | Akkad? | |
dynasty | ûndúdlik | |
etnisiteit | Akkadysk | |
kening fan Akkad | ||
regear | 2189 f.Kr. – 2169 f.Kr. (M.G.) | |
foargonger | Ilûlû | |
opfolger | Sjû-Toerûl |
- N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.
Dûdû (Akkadysk: 𒁺𒁺, sekuere transliteraasje: Du-du; Akkad?, 23e iuw f.Kr. – dêre?, 2169 f.Kr.) wie de tsiende kening fan it Akkadyske Ryk, dy't neffens de Sûmearyske Keningslist tweintich of ienentweintich jier regearre, fan 2189 f.Kr. oant syn ferstjerren. Hy kaam oan 'e macht nei in likernôch trijejierrich ynterregnum mei fjouwer ûnderskate troanpretendinten, dat folge op 'e dea fan Sjar-Kali-Sjarri, yn 2193 f.Kr. It is net dúdlik oft, en sa ja, hoe't Dûdû besibbe wie oan it Hûs fan Akkad fan 'e ierdere Akkadyske keningen.
Regear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dûdû kaam yn 2189 f.Kr. op 'e troan fan it Akkadyske Ryk, wêrmei't in ein kaam oan 'e gaos en anargy dy't dat ryk parten spile hie sûnt de dea fan Sjar-Kali-Sjarri, yn 2193 f.Kr. Yn 'e tuskenlizzende perioade, dy't ek wol karakterisearre is as in ynterregnum, strieden fjouwer troanpretendinten om 'e macht: Igigi, Imi, Nanûm en Ilûlû. Dûdû naam de macht oer fan Ilûlû en liket wer oarder yn it ryk brocht te hawwen, hoewol't ûndúdlik is hoefolle oft dêr tsjin dy tiid fan oer wie.
Al sûnt it regear fan Naram-Sin, de heit fan Sjar-Kali-Sjarri, stie it Akkadyske Ryk nammentlik bleat oan ynfallen 'e Gûtjers, in folk út it Sagrosberchtme yn wat no it westen fan Iraan is. Dy ynfallen boazen meitiid oan, en it soe sadwaande skoan kinne, de snuorje fan ynterne strideraasje yn acht nommen, dat der tsjin 'e troansbestiging fan Dûdû eins net folle mear fan it Akkadyske Ryk oerwie as inkeld de stêd Akkad en de krite mei deselde namme dêromhinne yn it noarden fan Mesopotaamje.
Dûdû syn fjouwer foargongers binne inkeld bekend út 'e Sûmearyske Keningslist, mar fan himsels binne inkele artefakten mei ynskripsjes oerlevere, wêrfan't de teksten syn hearskippij oer it Akkadyske Ryk befêstigje. Oars as de eardere keningen fan it Akkadyske Ryk, dy't harrensels net inkeld 'kening fan Akkad', mar ek 'kening fan Sûmearje' neamden, wurdt Dûdû yn 'e ynskripsjes inkeld oantsjut as 'kening fan Akkad'. Ek dat is in oanwizing dat de macht fan it Akkadyske Ryk tsjin it begjin fan syn regear bot weromrûn wie.
As kening liket Dûdû, behalven tsjin 'e Gûtjers, ek oarlochfierd te hawwen tsjin gebieten yn it suden fan Mesopotaamje, dy't foarhinne ta it Akkadyske Ryk hearden. Sa wurdt yn 'e ynskripsjes sprutsen fan fjildtocht tsjin 'e stêd Oemma en fan 'e ferwoastging (troch Dûdû) fan 'e stêd Girsû. It is mooglik dat er ek op fjildtocht tsjin it lân Elam gie, yn wat no it súdwesten fan Iraan is, mar dat hinget ôf fan in twifelige ynterpretaasje fan ien fan syn jiernammen.
Oars as by eardere Akkadyske keningen it gefal wie, binne der gjin wisse nammen fan jierren fan 'e hearskippij fan Dûdû oerlevere. Guon histoarisy achtsje it dêrom ûnwierskynlik dat er wier tweintich of ienentweintich jier regearre hat. Neffens de Sûmearyske Keningslist waard Dûdû nei syn dea yn 2169 f.Kr. opfolge troch syn soan Sjû-Toerûl, dy't de lêste kening fan it Akkadyske Ryk wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|