Nanûm fan Akkad

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Nanûm
Crown linear.svg aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Akkadysk
etnisiteit Akkadysk
kening fan Akkad
kening fan Sûmearje
regear 2191 f.Kr.2190 f.Kr. (M.G.)
foargonger Imi
opfolger Ilûlû
1rightarrow.png N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.

Nanûm wie, neffens de Sûmearyske Keningslist, de achtste kening fan it Akkadyske Ryk, dy't yn 2191 f.Kr. op 'e troan kaam. Oer him is frijwol neat bekend. Neffens deselde boarne wie hy ien fan fjouwer rivalisearjende troanpretendinten (de oaren wiene Igigi, Ilûlû en Imi), dy't inoar bestrieden yn in trijejierrige tiid fan gaos yn it ryk. Dy snuorje is ek wol karakterisearre as in ynterregnum. Nanûm wie de opfolger fan Imi, en waard yn 2190 f.Kr. sels opfolge troch Ilûlû, mar oan 'e dusoarder kaam pas in ein doe't Dûdû yn 2189 f.Kr. oan 'e macht kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.