Springe nei ynhâld

Ilûlû

Ut Wikipedy
Ilûlû
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Akkadysk
etnisiteit Gûtysk?
kening fan Akkad
kening fan Sûmearje
regear 2190 f.Kr.2189 f.Kr. (M.G.)
foargonger Nanûm
opfolger Dûdû
N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.

Ilûlû of Elûlû wie, neffens de Sûmearyske Keningslist, de njoggende kening fan it Akkadyske Ryk, dy't yn 2190 f.Kr. op 'e troan kaam. Oer him is frijwol neat bekend. Neffens deselde boarne wie hy ien fan fjouwer rivalisearjende troanpretendinten (de oaren wiene Igigi, Imi en Nanûm), dy't inoar bestrieden yn in trijejierrige tiid fan gaos yn it ryk. Dy snuorje is ek wol karakterisearre as in ynterregnum. Ilûlû wie de opfolger fan Nanûm, en waard yn 2189 f.Kr. sels opfolge troch Dûdû. Dêrmei kaam in ein oan 'e dusoarder yn it Akkadyske Ryk.

Hoewol't der frijwol gjin boarnemateriaal of oar bewiis oerlevere is út it koarte regear fan Ilûlû yn 'e iere twaentweintichste iuw f.Kr., is dúdlik dat it ynterregnum gearfoel mei grutte ynvaazjes yn Mesopotaamje fan 'e Gûtjers, in folk út it Sagrosberchtme fan wat no westlik Iraan is. Yn dy kontekst is troch ferskate argeologen en histoarisy suggerearre dat Ilûlû deselde wêze kinne soe as de Gûtyske kening Elûlmesj, dy't krektlyk bekend is út 'e Sûmearyske Keningslist.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.