Springe nei ynhâld

Sjar-Kali-Sjarri

Ut Wikipedy
Sjar-Kali-Sjarri
aadlik persoan en/of hearsker
echte namme 𒀭𒊬𒂵𒉌 𒈗𒌷,
Šar-ka-li-Šarri
nasjonaliteit Akkadysk
bertedatum ûnbekend
berteplak Akkad?
stjerdatum 2193 f.Kr.
stjerplak Akkad?
dynasty Hûs fan Sargon
etnisiteit Akkadysk
kening fan Akkad
kening fan Sûmearje
regear 2218 f.Kr.2193 f.Kr. (M.G.)
foargonger Naram-Sin
opfolger Igigi
N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.

Sjar-Kali-Sjarri (Akkadysk: 𒀭𒊬𒂵𒉌 𒈗𒌷, sekuere transliteraasje: Šar-ka-li-Šarri; Akkad?, 23e iuw f.Kr. – dêre?, 2193 f.Kr.) wie de fyfde kening fan it Akkadyske Ryk, dy't in fearnsiuw regearre, fan 2218 f.Kr. oant syn dea. Hy wie de oerpakesizzer fan Sargon fan Akkad, de stifter fan it ryk, en de soan en opfolger fan Naram-Sin. Under syn bewâld rekke it mei de Akkadyske macht yn it neigean, en nei syn dea folge in perioade fan gaos.

Sjar-Kali-Sjarri folge yn 2218 f.Kr. syn heit Naram-Sin op as kening fan it Akkadyske Ryk. Hy kaam op 'e troan yn in tiid fan oanboazjende swierrichheden. De ynfallen troch de Gûtjers, in barbaarsk folk út it Sagrosberchtme yn wat no westlik Iraan is, wiene ûnder it regear fan Naram-Sin begûn, en kamen ûnder de hearskippij fan Sjar-Kali-Sjarri hieltyd faker foar. Dêrnjonken hie de nije kening te krijen mei in stikmannich opstannen fan syn fazalfoarsten, dy't nei alle gedachten útlokke waarden troch it oplizzen fan hegere belestings om te beteljen foar de ferdigening tsjin 'e Gûtjers.

In ympresje fan in sylindersegel fan Sjar-Kali-Sjarri, datearjend fan omtrint 2200 f.Kr. It tinken is dat de werjûne langhoarne kobisten út it gebiet fan 'e Yndusbeskaving yn it noarden fan it Yndyske subkontinint komme, wat in bewiis is foar de hannelskontakten fan it Akkadyske Ryk mei dat gebiet.

Der binne yn totaal 23 (fan 'e 25) jiernammen foar it regear fan Sjar-Kali-Sjarri hielendal of foar in part oerlevere. (Jiernammen wiene oantsjuttings foar jierren, lykas "it jier dat Sjar-Kali-Sjarri generaal Pûzoer-Esjtar opdracht joech en bou de timpel fan Enlil.") Dêrút docht bliken dat Sjar-Kali-Sjarri op in stuit Sjarlagab, de kening fan Gûtium, kriichsfinzen naam, wylst er yn in oar jier "Gûtium it jok oplei", d.w.s. ferovere en ûnder syn hearskippij brocht. Dy sitewaasje kin lykwols nea lang duorre hawwe. Oare jiernammen wize op in fjildtocht tsjin opstannige Sûmearyske stêden, ferskate oerwinnings yn 'e striid tsjin it Amoriten en teminsten ien oerwinning op 'e Elamiten. Ek kin der út ôflaat wurde dat Sjar-Kali-Sjarri ferkate timpels bouwe liet yn Nippoer en Babylon.

It is bekend dat Lagasj, yn súdlik Mesopotaamje, deunby de kust fan 'e Perzyske Golf, ien fan 'e Sûmearyske stêden wie dy't tsjin it bewâld fan Sjar-Kali-Sjarri yn opstân kamen. Doe't Sjar-Kali-Sjarri op 'e troan kaam, wie de ensi (steedhâlder) fan Lagasj in Lûgal-ûsjûmgal, dy't trou wie oan Sjar-Kali-Sjarri en oan syn heit Naram-Sin foar him. Mar Lûgal-ûsjûmgal waard yn of omtrint 2210 f.Kr. opfolge troch Pûzer-Mama, dy't gebrûk makke fan it feit dat de Akkaadjers de hannen fol hiene oan 'e Gûtjers om fan Lagasj in selsstannige steat te meitsjen mei himsels as kening en stifter fan 'e Twadde Dynasty fan Lagasj.

Ferskate oare gebieten makken har ûnder it regear fan Sjar-Kali-Sjarri los fan it Akkadyske Ryk, sadat de Akkadyske macht yn it neigean rekke. Ien teory oer de oarsaak dêrfan is dat Akkad it úteinlik gewoan net hâlde koe foar alle oare machtige stêden en gebieten oer dy't it tydlik betwongen hie. In oare teory is dat de stadige ynstoarting fan it ryk te witen wie oan drûchte, dy't fan likernôch 2200 f.Kr. ôf soarge foar jierren fan mislearre rispingen en it ryk sa fan binnenôf útholle. Dy lêzing wurdt ûnderstipe troch dokuminten út 'e Egyptyske Aldheid, dy't sprekke fan in grutte en oanhâldende drûchte om deselde tiid hinne, ûnder it regear fan farao Pepi II.

In seremoniële gnodzeknop yn 'e namme fan Sjar-Kali-Sjarri.

Dea en ferfal ta anargy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjar-Kali-Sjarri kaam yn 2193 f.Kr. te ferstjerren, wêrnei't de Gûtjers in nije grutte ynfal diene. Fan gefolgen ferfoel it Akkadyske Ryk ta anargy en gaos. Ut 'e folgjende gaoatyske jierren binne ferskate nammen fan Akkadyske keningen oerlevere (Igigi, Imi, Nanûm en Ilûlû), dy't allegear mar in jier of minder regearre lykje te hawwen. De earstfolgjende Akkadyske kening fan betsjutting wie Dûdû, dy't mear as tweintich jier regearre, mar nei alle gedachten inkeld noardlik Mesopotaamje behearske, net folle mear as de stêd Akkad en omkriten. Yn dy sin kin Sjar-Kali-Sjarri as de lêste wiere hearsker fan it Akkadyske Ryk beskôge wurde.

Misse identifikaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Healwei de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, doe't Westerske argeologen foar it earst ûndersyk diene nei it Akkadyske Ryk, tocht men dat Sjar-Kali-Sjarri deselde wie as de Sargon fan Akkad út 'e Assyryske leginden. Yn 'e 1910-er jierren kaam men lykwols ta it besef dat it in misse identifikaasje wie, en dat Sjar-Kali-Sjarri eins de oerpakesizzer fan Sargon wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.