Sjû-Toerûl

Ut Wikipedy
Sjû-Toerûl
aadlik persoan en/of hearsker
echte namme 𒋗𒄙𒄒,
Šu-turul
nasjonaliteit Akkadysk
bertedatum ûnbekend
berteplak Akkad?
stjerdatum 2154 f.Kr.
stjerplak Akkad?
dynasty ûndúdlik
etnisiteit Akkadysk
kening fan Akkad
regear 2169 f.Kr.2154 f.Kr. (M.G.)
foargonger Dûdû
opfolger Gûtyske dynasty fan Sûmearje
N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.

Sjû-Toerûl (Akkadysk: 𒋗𒄙𒄒, sekuere transliteraasje: Šu-turul; Akkad?, 22e iuw f.Kr. – dêre?, 2154 f.Kr.) wie de alfde en lêste kening fan it Akkadyske Ryk, dy't neffens de Sûmearyske Keningslist fyftjin jier regearre, fan 2169 f.Kr. oant syn ferstjerren. Neffens deselde boarne wie syn foargonger Dûdû syn heit. In stikmannich artefakten tsjûgje derfan dat it Akkadyske Ryk yn 'e tiid fan Sjû-Toerûl op dramatyske wize yn omfang ynkrompen wie.

De namme 'Sjû-Toerûl' op in gnodzeknop (l.), mei in fer-tsjutsking (m.) en in translite-raasje yn standert Sûmearysk-Akkadysk spikerskrift (rj.).

Regear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjû-Toerûl kaam yn 2169 f.Kr. op 'e troan fan it Akkadyske Ryk, nei de dea fan syn foargonger Dûdû, dy't neffens de Sûmearyske Keningslist syn heit wie. De rivier de Dijala waard doedestiden ek 'Sjû-Toerûl' neamd.

By argeologyske opgravings binne ferskate artefakten út 'e tiid fan it regear fan Sjû-Toerûl weromfûn, lykas segelôfdrukken. Dêrút docht bliken dat it Akkadyske Ryk doe sterk yn omfang belune wie. It soe behalven Akkad sels noch de Mesopotamyske stêden Kisj, Tûtûb en Esjnûnna omfieme hawwe.

Neffens de Sûmearyske Keningslist soe Sjû-Toerûl noch fyftjin jier regearre hawwe. Neffens de Keningslist soe de hegemony yn Mesopotaamje neitiid wer weromkeard wêze te Oerûk, dêr't doe seis keningen fan in dynasty oer Sûmearje hearske hawwe soene. Fan net ien fan dy seis is it bestean lykwols befêstige troch argeologyske fynsten.

Neffens alle bewiis út oare boarnen waard de ein fan it regear fan Sjû-Toerûl en de definitive ynstoarting fan it Akkadyske Ryk tewei brocht troch in nije ynvaazje fan 'e Gûtjers, in barbaarsk folk út it Sagrosberchtme yn wat no westlik Iraan is. Dyselden fêstigen neitiid troch de Gûtyske dynasty fan Sûmearje in eigen bewâld oer Mesopotaamje, hoewol't inkele stêdsteaten, lykas Oerûk, Oer en Lagasj, harren ûnôfhinklikheid wierskynlik wisten te behâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side.