Koarte Gronology
De Koarte Gronology (ôfkoarte ta K.G.) is in gronology fan 'e Brûnstiid en de iere Izertiid yn it Midden-Easten, dy't koarter is as de gongberder Middellange Gronology, mar langer as de Ultrakoarte Gronology. De krekte jiertallen foar alle histoaryske foarfallen fan foàr de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, om 1200 f.Kr. hinne, binne yn dat diel fan 'e wrâld nammentlik ûnwis. De Koarte Gronology stelt it regear fan 'e Aldbabyloanyske kening Hammoerabi fêst op 1728 f.Kr. oant 1686 f.Kr., en de Fal fan Babylon op 1531 f.Kr. Troch fan dy jiertallen foarút of efterút te tellen kin men de krekte jiertallen fan oare foarfallen fêststelle.
De datearrings út it twadde milennium f.Kr. op basis fan 'e Koarte Gronology hawwe mar in hiel lyts bytsje oanhing ûnder histoarisy en argeologen, en binne yn prinsipe alhiel ûntkrêfte troch dindrogronologysk ûndersyk (nei beamringen) en ûndersiken op basis fan koalstofdatearring fan argeologyske artefakten, dy't sûnt 2000 plakfûn hawwe. It probleem fan 'e Koarte Gronology is dat dy derfoar soarget dat it twadde milennium f.Kr. in iuw te koart is. Earne yn 'e berekkening fan dy gronology moat dêr dus in hûndertmannich jierren (net needsaaklikerwize efterinoar) ynfoege wurde, mar it is oant no ta nimmen noch slagge om safolle tiid yn te foegjen sûnder it hiele bestel fan bekende foarfallen te ferinnewearjen. Net allinnich lykje dêrtroch by de Koarte Gronology de data foar it twadde milennium f.Kr. keunstmjittige leech, mar wat fierder men tebek giet yn 'e efterlizzende milennia, wat grutter de ûntwrichting wurdt.
De Middellange Gronology, dy't it regear fan Hammoerabi fêststeld op 1792 f.Kr. oant 1750 f.Kr., en de Fal fan Babylon op 1595 f.Kr., is dêrom folle gongberder en genietet in folle algemienere akseptaasje ûnder saakkundigen. Foar it grutste part fan 'e perioade dêr't it om giet, kinne jiertallen fan 'e Middellange Gronology berekkene wurde troch 64 jier op te tellen by de korrespondearjende jiertallen fan 'e Koarte Gronology: dus 1728 f.Kr. (K.G.) komt oerien mei 1792 f.Kr. (M.G.). Yn it saneamde 'tsjustere tiidrek' tusken de Fal fan Babylon en de opkomst fan 'e Kassityske dynasty fan it Babyloanyske Ryk reitsje absolute datearrings ûnwis, en wurde omrekkenings fan 'e iene gronology nei de oare navenant problematysk. De 64-jierrige kleau tusken de Koarte en de Middellange Gronology hâldt op te bestean omtrint it begjin fan 'e Kassityske Dynasty, yn 1500 f.Kr. Fan dat punt ôf falle dizze beide gronologyen gear.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |