Gronology

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Gronology of tiidrekkenkunde (fia it Latynske chronologia fan it Grykske χρονος, chronos, "tiid", en λογος, logos, "wittenskip") is de tûke fan 'e wittenskip dy't him taleit op it skikken fan foarfallen yn harren folchoarder fan plakfinen yn 'e tiid. It makket diel út fan 'e skiedkunde, yn tsjinstelling ta gronometry of tiidmjitkunde, dat in ûnderdiel is fan 'e natuerkunde. It eigenskipswurd dat by gronology heart, is gronologysk; dat betsjut 'op folchoarder fan tiid', dus begjinnend by wat it earst bard is en einigjend by wat it lêst bard is. In tsjinstelde folchoarder, dy't begjint by it lêst barde en einiget by it earst barde, hjit antygronologysk. Eat dat him yn in beskaat tiidstadium befynt, mar dêr net thúsheart, is in anagronisme.

Tanksij de gronology kinne foarfallen út it ferline werjûn wurde yn in moderne foarm fan tiidrekkening. Sa kin de Ab Urbe Condita-jiertelling, dy't omtrint it jier 400 foar it earst stelselmjittich brûkt waard troch Ososius, maklik omrekkene wurdt nei de kristlike jiertelling (Anno Domini), oan 'e hân fan 'e formule AD 1 = AUC 754.

By argeologysk en histoarysk ûndersyk wurdt ûnderskie makke tusken in relative gronology en de absolute gronology. Relative gronology lit de ferhâlding tusken histoaryske foarfallen ûnderling sjen en makket dêrta gebrûk fan histoaryske boarnen, lykas keningslisten. Absolute gronology toetst de relative gronology oan spesifike jiertallen troch it gebrûk fan metoades as termoluminessinsjedatearring, dendrogronology (jierringûndersyk) of radiometryske datearring, wêrfan't de bekendste fariant koalstofdatearring is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.