Tsjuster tiidrek

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

In tsjuster tiidrek is in histoaryske periodisearring dy't ferwiist nei in tiidrek wêryn't demografysk, kultureel en ekonomysk efterútbuorke wurdt. De term makket gebrûk fan 'e tradisjonele ljocht-tsjin-tsjustersymbolyk om it 'tsjuster' fan it oangeande tiidrek (dat ta utering komt yn in gebrek oan kontemporêne histoaryske boarnen) te beklamjen yn ferhâlding ta it 'ljocht' (in oerfloed oan histoaryske boarnen) út 'e tiidrekken dy't deroan foarôf geane en derop folgje. In tsjuster tiidrek is yn 'e regel it gefolch fan 'e ynstoarting fan in maatskippij.

It bekendste tsjustere tiidrek út 'e skiednis wurdt foarme troch de Midsiuwen. Dy perioade hold in weromgong yn fan it nivo fan beskaving tusken de Fal fan it Romeinske Ryk yn 476 en it begjin fan 'e Renêssânse yn 'e fyftjinde iuw. Yn it Ingelsk is de term Dark Ages ("Tsjustere Iuwen") in gongbere oantsjutting foar de Midsiuwen. In oar tsjuster tiidrek waard foarme troch de Grykske Tsjustere Iuwen, in perioade fan hommelse weromgong en stadige weropbou yn 'e Grykske Aldheid, dy't duorre fan 'e ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, omtrint 1200 f.Kr., oant likernôch 750 f.Kr. Yn prehistoarysk ierlân wie it Ierske Tsjustere Tiidrek in perioade fan blykbere ekonomyske en kulturele stagnaasje tusken 100 f.Kr. en 300.

It Partyske Tsjustere Tiidrek ferwiist nei in perioade fan trije desennia yn 'e skiednis fan it Partyske Ryk tusken de dea fan Mitridates II de Grutte yn 91 f.Kr. en de troansbestiging fan Orodes II yn 57 f.Kr. Ut en oer dy tiid binne gjin skriftlike boarnen oerlevere, en histoarisy binne net by steat bleken om op basis fan numismatyske boarnen (muntstikken) de opienfolging fan hearskers út dy tiid te rekonstruëarjen. It Partyske Tsjustere Tiidrek wie dus net sasear in tsjustere tiid yn dy tiid sels, mar mear in blyn plak foar de historiografy.

De term digitaal tsjuster tiidrek wurdt wol brûkt foar in mooglike takomstige perioade as der gjin apparatuer mear bestiet dêr't digitale dokuminten út ús tiid mei lêzen of ôfspile wurde kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.