Isolaat (taalkunde)
In isolaat of isolearre taal is yn de taaltypology in natuerlike taal dêr't oant no ta gjin inkeld 'genetysk' sibskip mei oare talen mei oantoand wurde kin. Mei oare wurden, in taal dy't by gjin inkelde taalfamylje yndield wurde kin.
Dochs, no't de ferlykjende taalkunde him hieltyd fierder ûntwikkelet, soe it sa noch barre kinne dat talen dy't no as isolaten sjoen wurde ea by in bepaalde groep yndield wurde sille, of as kreoalske taal sjoen wurde sille.
Foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bekendste, teffens iennige Europeeske foarbyld is it Baskysk. Yn Sibearje en East-Aazje binne it Aino, it Ket en it Giljaaks of Nivch foarearst noch foarbylden fan isolaten. Itselde jildt foar it Burushaski en Nahali yn Súd-Aazje. Yn Meso-Amearika wurdt it Huave as isolaat beskôge, om't dêr ferskate kearen fan besocht is it genetysk te klassifisearjen, mar dat noch net súkseswol west hat. It Japansk en it Koreaansk wurde somtiden wol as isolaten sjoen, mar dy talen hawwe dochs ek sterke grammatikale oerienkomsten mei inoar, mar ek mei de Altayske talen, lykas it Turksk en it Mongoalsk. Dêrom binne it wierskynlik gjin isolaten. De taalkunde is it dêr noch net oer iens. Fan de talen dy't oant en mei de 19e iuw op it eilân Tasmaanje sprutsen waarden is net bekend oft se besibbe sienen oan de Austronesyske talen, en as gefolch fan de Europeeske kolonisaasje is dat heechstwierskynlik ek net mear nei te gean. Dat is te ferlykjen mei de situaasie fan it skiereilân Neder-Kalifornje, bygelyks de Pericú-taal.
Ut de Aldheid binne ek talen bekend dêr't it sibskip net wis by fêst te stellen is, lykas it Etruskysk, it Ibearysk, it Egeysk, it Azianysk, dêr't it Hurritysk en it Urartysk ûnder falle, it Elamitysk, it Sûmearysk, it Kassitysk en it Hattysk.