Springe nei ynhâld

Algyske talen

Ut Wikipedy
Algyske talen
algemien
oare namme(n) Algonkwynsk-Ritwaanske talen
lokaasje Noard-Amearika
tal talen ±26 en ±29 †
tal sprekkers <150.000
taalbesibskip
taalfamylje gjin algemien akseptearre
heger nivo fan taalfamylje
subgroepen Algonkwynsk
Ritwaansk
taalkoades
ISO 639-5 aql

De Algyske talen of Algonkwynsk-Ritwaanske talen foarmje ien fan 'e grutste en wichtichste kloften fan lânseigen Yndiaanske talen fan Noard-Amearika. Se falle útinoar yn 'e grutte Algonkwynske taalfamylje en de lytse isolearre talen Joerok (Yurok) en Wiot (Wiyot).

It (oarspronklike) spraakgebiet fan 'e Algonkwynske talen beslacht in ûnwittend grut stik fan Noard-Amearika, dat him útstrekt fan 'e eastkust oant djip yn 'e Rocky Mountains, wylst it Joerok en Wiot beide oan 'e Pasifyske kust, yn noardlik Kalifornje, sprutsen waarden. Nettsjinsteande harren geografyske neite binne dy beide talen net nauwer mei-inoar besibbe as mei de Algonkwynske talen. Likegoed wurde se tegearre wol beflapt ûnder de term Ritwaanske talen, mar men moat goed yn 'e rekken hâlde dat dat in geografyske oantsjutting is, en net in taalkundigen-ien.

Taalwittenskippers binne fan tinken dat al dizze talen ôfstamje fan it Proto-Algysk, in twaddetriems foarâlderlike prototaal dy't rekonstruëarre is op grûn fan it sels ek rekonstruëarre Proto-Algonkwynsk, dêr't de Algonkwynske talen út fuortkomme, en de oerlevere talen Joerok en Wiot.

De namme "Algysk" (Ingelsk: Algic) is betocht troch de taalkundige Henry Rowe Schoolcraft, dy't it brûkte foar syn Algic Researches, in wurk dat publisearre waard yn 1839. Schoolcraft definiëarre de term as: "ôflaat fan 'e wurden "Alleghany" [in rivier] en "Atlantic", ferwizend nei it ras fan 'e Yndianen dat fan âlds yn dit geografysk gebiet tahâldt." Syn terminology waard lykwols net beholden, mei't wat hy "de Algyske talen" neamde neitiid by de Algonkwynske talen foege waard. Mar doe't de taalkundige Edward Sapir yn 1913 foar it earst fêststelde dat it Joerok en Wiot besibbe wiene mei de Algonkwynske talen, besleat er de term "Algyske talen" te recycljen as de namme fan 'e taalfamylje dy't sawol de Algonkwynske as de beide Kalifornyske talen omfieme.

Fersprieding fan 'e Algyske talen yn Noard-Amearika foarôfgeande oan 'e kolonisaasje troch de blanken.

N.B.: de termen "Ritwaanske talen", "Flakte-Algonkwynske talen" en "Middenalgonkwynske talen" binne geografyske termen sûnder taalkundige basis. Inkeld de Eastalgonkwynske talen is fan bewiisd dat se neier oaninoar besibbe binne as oan 'e rest fan 'e Algonkwynske famylje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.