Flakte-Algonkwynske talen
Flakte-Algonkwynske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | sintraal Noard-Amearika | |
tal talen | 3 en 5 † | |
tal sprekkers | ±6.800 | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Algysk ● Algonkwynsk ● Flakte-Algonkwynsk | |
subgroepen | ● Arapahoosk ● Sjajinsk ● Swartfuotsk |
De Flakte-Algonkwynske talen binne in lyts groepke Yndiaanske talen út Noard-Amearika, dy't in taalkloft foarmje binnen de gruttere Algonkwynske taalfamylje. Party taalkundigen hâlde út dat dizze talen wier neier oaninoar besibbe binne as oan 'e oare Algonkwynske talen, mar de measten beskôgje it as in geografyske taalkloft ynstee fan in taalkundigen-ien; d.w.s. dizze talen wurde mei-inoar ûnder ien term beflapt om't se yn inoars fysike neite sprutsen waarden, net om't se wier-wier in besibbe taalkloft foarmje. (Binnen de Algonkwynske talen is oant no ta inkeld fan 'e Eastalgonkwynkse taalgroep bewiisd dat se neier oaninoar besibbe binne as oan 'e rest fan 'e famylje.)
Karakteristiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Flakte-Algonkwynske talen wurde (of waarden) sprutsen troch guon Yndiaanske folken op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dêr't se frij isolearre rekken fan 'e oare Algonkwynske talen, dy't folle eastliker en noardliker sprutsen waarden, benammen yn it gebiet fan 'e Grutte Marren, oan 'e eastkust fan it kontinint en yn wat no sintraal Kanada is. Dêrfandinne dat de Flakte-Algonkwynske talen derom bekendstiene dat se grutte fonologyske en leksikale ferskillen ûntjûn hiene mei it Proto-Algonkwynsk, de oertaal dêr't alle Algonkwynske talen út fuortkommen binne. Hjirûnder in pear foarbylden. (De letter θ stiet foar de stimleaze "th", lykas yn it Ingelske thin; de asterisk foar de Proto-Algonkwynske wurden tsjut oan dat dy wurden net oerlevere binne, mar rekonstruëarre troch taalkundigen, op grûn fan systematyske klankferskowings yn 'e talen dy't derút fuortkommen binne.)
Proto-Algonkwynsk | betsjutting | Arapaho | Gro Wânt | Sjajinsk | Swartfuotsk |
---|---|---|---|---|---|
*keriwa | "earn" | netse | |||
*weθali | "har man" | ííx | |||
*nepyi | "wetter" | níc | |||
*wa•poswa | "hazze" | nóóku | |||
*maθkwa | "bear" | wox | |||
*sakime•wa | "mich" | noubee | |||
*eθkwe•wa | "frou" | hisei | iiθe | hé’e | aakííwa |
Opbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opbou fan 'e Flakte-Algonkwynske taalkloft is sa:
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |