Springe nei ynhâld

Nawatinehena (taal)

Ut Wikipedy
Nawatinehena
algemien
eigen namme Nawathinehena
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers (útstoarn yn 'e 19e iuw)
taalbesibskip
taalfamylje Algysk
   ● Algonkwynsk
      ● Flakte-Algonkwynsk
         ● Arapahoosk
            ● Nawatinehena
dialekten gjint
taalkoades
ISO 639-3 nwa

It Nawatinehena (Ingelsk en Nawatinehena: Nawathinehena) is in útstoarne Algonkwynske taal dy't frij nau besibbe wie oan it Arapaho, en dy't foarhinne sprutsen waard troch de Nawatinehena, in beskate Yndiaanske etnyske groep op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De measte saakkundigen binne fan tinken (op basis fan bewiis dat net folslein slutend is), dat it de oarspronklike taal wie fan 'e Súdlike Arapaho, dy't earne yn 'e midden of de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw oergien wêze soene op it Arapaho.

It Nawatinehena is mar fragmintarysk oerlevere, yn in wurdelist dy't yn 1899 gearstald waard troch de taalkundige Alfred L. Kroeber, op grûn fan ûndersyk ûnder de âlderein fan 'e Súdlike Arapaho yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Wol is dúdlik dat dizze taal in fonologyske ûntjouwing trochmakke hie dy't tige ôfwiek fan dy fan it Arapaho of it Gro Wânt (Gros Ventre), in oare nau besibbe taal.

Want wylst it Nawatinehena in soad wichtige fonologyske ynnovaasjes mei it Arapaho dielde, hie it de Proto-Algonkwynske *r, *θ en *s mei de *t ta [t] gearraand, ynstee fan ta [n], lykas yn it Arapaho, en liek it op dat mêd mear op it Swartfuotsk en it Sjajinsk. Ek feroare de Proto-Algonkwynkse *w yn in [m] ynstee fan gear te ranen mei *r, *s en *n ta [n].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.