Springe nei ynhâld

Besawûnena (taal)

Ut Wikipedy
Besawûnena
algemien
eigen namme Besawunena
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers ( yn 'e 1920-er jierren)
taalbesibskip
taalfamylje Algysk
   ● Algonkwynsk
      ● Flakte-Algonkwynsk
         ● Arapahoosk
            ● Arapaho-Atsina
               ● Besawûnena
dialekten gjint

It Besawûnena (Ingelsk: Besawunena; Besawûnena: Beesoowuuyeitiit, útspr.: [bɛ:sɔ:wʊ:jeitɪ:t]) is de útstoarne taal fan 'e Besawûnena (Beesowuunenno’ of Bäsawunena), dy't nei alle gedachten oarspronklik in selsstannich Yndiaansk folk foarmen op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mooglik wie it gjin taal op himsels, mar ynstee in dialekt fan it yn elts gefal nau besibbe Arapaho. It is dreech om soks sekuer út te meitsjen, mei't it Besawûnena inkeld oerlevere is yn 'e foarm fan in wurdlist fan 'e taalkundige Alfred L. Kroeber, gearstald yn 1899.

De Besawûnena giene as aparte etnyske groep earne yn 'e midden of de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw op yn 'e Noardlike Arapaho. De taal oerlibbe noch in hoart, en waard oant yn 'e 1920-er jierren sprutsen ûnder party fan 'e âlderein fan 'e Noardlike Arapaho yn it Wind River Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Wyoming.

Yn 'e mande mei it nau besibbe Arapaho en it yn 1981 útstoarne Gro Wânt (Gros Ventre of Atsina) foarmet it Besawûnena de Arapaho-Atsina-groep binnen de Arapahooske taalkloft fan 'e gruttere Algonkwynske taalfamylje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kroeber, Alfred L., Arapaho Dialects, 1916.