Nilo-Saharaanske talen

Ut Wikipedy
Taalfamyljes yn Afrika (Nilo-Saharaanske talen yn giel).

De Nilo-Saharaanske talen foarmje in taalfamylje fan rom 200 Afrikaanske talen dy't sprutsen wurde troch likernôch 50 miljoen minsken. Se binne ferspraat oer de Sahara en dielen fan Sintraal- en East-Afrika. De namme ferwiisd nei de fersprieding, by de bopperin fan 'e rivier de Nyl lâns en yn 'e Saharawoastyn. Ta dizze famylje hearre talen as it Lûo fan Kenia, it Songhai en Kanoery út 'e Sahel, it Dinka fan Súd-Sûdaan en it Masaï fan 'e Serengetyflakte fan Kenia en Tanzania.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.