Springe nei ynhâld

Afro-Aziatyske talen

Ut Wikipedy
Afro-Aziatyske talen
algemien
oare namme(n) Hamito-Semitysk, Semito-
Hamitysk, Afraziatysk
lokaasje Noard-Afrika, de Hoarn fan
Afrika
, dielen fan West-Afrika,
it Midden-Easten en Malta
tal talen ±300
tal sprekkers >495 miljoen (2018)
taalbesibskip
taalfamylje gjin algemien akseptearre
heger nivo fan taalfamylje
subgroepen Berbersk
Egyptysk
Kûsjitysk
Omoatysk
Semitysk
Tsjadysk
taalkoades
ISO 639-5 afa

De Afro-Aziatyske talen foarmje in grutte taalfamylje fan likernôch 300 ûnderskate talen, dy't sprutsen wurde yn Noard-Afrika, de Hoarn fan Afrika, dielen fan West-Afrika, it meastepart fan it Midden-Easten en op Malta. Oare nammen foar de famylje binne Hamito-Semitysk, Semito-Hamitysk (beide no fierhinne yn ûnbrûk rekke) en Afraziatysk (nea bot yn gebrûk kommen). Fierwei de grutste taal fan 'e groep is it Arabysk, in dialektkontinuum dat rikt fan 'e Atlantyske Oseaan oant de Arabyske See. In oar bekend lid fan 'e famylje is it Hebriuwsk, de nasjonale taal fan Israel. It Malteesk is de iennichste Afro-Aziatyske taal dy't fan oarsprong bûten Afrika en Aazje sprutsen wurdt. Mei mear as 495 miljoen memmetaalsprekkers foarmje de Afro-Aziatyske talen anno 2018 de op trije nei grutste taalfamylje fan 'e wrâld (nei de Yndo-Jeropeeske, de Sino-Tibetaanske en de Niger-Kongoleeske talen). Njonken talen dy't hjoed de dei noch sprutsen wurde, omfettet de Afro-Aziatyske taalfamylje ek útstoarne talen, dy't ta de ierst oerlevere talen fan 'e wrâld hearre, lykas it Egyptysk út 'e tiid fan 'e farao's en it Akkadysk fan Assyrje en Babyloanje.

Yn 'e iere njoggentjinde iuw waarden de Berbertalen mei de Kûsjityske talen en it Egyptysk op ien bulte smiten ûnder de oantsjutting 'Hamityske talen'. Krekt as 'Semityske talen' wie dy namme ôflaat fan 'e Bibel, dêr't yn Genesis de soannen fan Noäch neamd wurde as Sem, Cham en Jafet. (Der wie ek in taalgroep dy't de 'Jafetityske talen' neamd waard: wat no de Súdkaukazyske talen binne.) Tsjin 'e 1860-er jierren waard dúdlik dat de Hamityske talen en de Semityske talen eins by deselde supertaalfamylje yndield wurde moasten. De taalkundige Friedrich Müller stelde dêrom yn 1876 yn syn Grundriß der Sprachwissenschaft foar om 'e hiele famylje mar de Hamito-Semityske talen te neamen. Maurice Delafosse betocht yn 1914 de term Afro-Aziatyske talen, hoewol't dy oantsjutting pas yn algemien gebrûk kaam doe't de ynfloedrike Amerikaanske taalkundige Joseph Greenberg dêr yn 1950 formeel op oankrong.

Greenberg woe ôf fan 'e namme Hamitysk om't de Hamityske talen by neier ynsjen gjin jildige taalkloft foarmen: de Berbertalen, Kûsjityske talen en it Egyptysk binne net nauwer oaninoar besibbe as oan 'e oare Afro-Aziatyske taalgroepen. Dêrnjonken wurde yn 'e Bibel de soannen fan Noäch oantsjut as de stamfaars fan it Joadske (Sem), it negroïde (Cham) en it blanke ras (Jafet), en Greenberg woe ek dúdlik meitsje dat de ferskynsels taal en taalbesibskip neat mei ras te krijen hawwe. Neitiid hawwe oare taalkundigen op yndividuële basis foar de Afro-Aziatyske taalfamylje oare nammen betocht, lykas "Eritreesk" (Tucker, 1966), "Lisramysk" (Hodge, 1972) en Afraziatysk, in gearlûking fan Afrikaansk en Aziatysk (Diakonov). De term 'Hamito-Semitysk' wurdt noch altyd brûkt yn wittenskiplike fermiddens yn beskate Jeropeeske lannen en ek by de oerheid fan Yndia, dy't de oantsjutting foar de yndieling fan talen by folkstellings brûkt.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't taalkundigen it oer it algemien iens binne oer de seis haadtûken fan 'e Afro-Aziatyske talen, besteane der ferskate striidpunten. De Omoatyske talen, dy't yn it súdwesten fan Etioopje sprutsen wurde, foarmje it meast omstriden diel fan 'e taalfamylje, om't de grammatikale skaaimerken dêr't de taalkundigen ornaris it measte gewicht oan takenne by de yndieling fan taalbesibskip, by de Omoatyske talen fierhinne net oerienkomme mei dy fan 'e oare dielen fan 'e Afro-Aziatyske famylje. Greenberg beskôge de Omoatyske talen as in ûnderdiel fan 'e Tsjadyske talen, wylst oare saakkundigen har ôffrege hawwe oft sels de yndieling as in ôfwikende tûke fan 'e Afro-Aziatyske talen wol te ferantwurdzjen is.

De ûnderlinge relaasje fan 'e taalgroepen fan 'e Afro-Aziatyske taalfamylje.

As derfan útgien wurdt dat de Omoatyske talen ta de Afro-Aziatyske talen hearre (wat almeast dien wurdt), binne de taalkundigen it deroer iens dat dy taalgroep him dan as earste fan 'e Proto-Afro-Aziatyske oertaal ôfspjalten hawwe moat, om't er de measte ferskillen mei de oare Afro-Aziatyske talen fertoant. Wat de ûnderlinge relaasje fan 'e oare Afro-Aziatyske subgroepen oangiet, dêr't is men it net oer iens, mar de teory dy't op 'e measte stipe rekkenje kin, is dat de ôfspjalting yn dizze folchoarder ferrûn is: Omoatysk, Tsjadysk, Egyptysk, Kûsjitysk, Berbersk en Semitysk.

De status fan it Ongota, dat sprutsen wurdt yn súdwestlik Etioopje, is ek kontroversjeel, benammen troch it "mingde" foarkommen fan dy taal. Guon taalkundigen beskôgje it as in Eastkûsjityske taal op in Nilo-Saharaansk substraat. Mei oare wurden: it liket derop dat de Ongota oarspronklik in Nilo-Saharaanske taal sprieken, mar dat dy ferkrongen is troch harren hjoeddeistige Kûsjityske taal, dêr't lykwols restanten fan 'e ferlern giene Nilo-Saharaanske taal yn werom te finen binne. Harold C. Fleming stelde yn 2006 foar om it Ongota as in aparte tûke yn 'e Afro-Aziatyske talen op te nimmen.

De fersprieding fan 'e Afro-Aziatyske talen (giel).

It Bedja fan súdlik Egypte en noardlik Sûdaan wurdt soms ek as in aparte tûke fan 'e Afro-Aziatyske talen oantsjut. Faker wurdt it lykwols by de Kûsjityske talen ûnderbrocht, ek al wykt it dêr frij sterk fan ôf.

It Kûdjargé, in taal út eastlik Tsjaad, soe Afro-Aziatysk wêze kinne, mar dêr binne de taalkundigen it noch net oer iens. Roger Blench stelde yn 2008 fêst dat de basiswurdskat der Afro-Aziatysk útsjocht, en spekulearre dat it in konservative oergongsfoarm tusken de Tsjadyske en de Kûsjityske talen wêze koe.

It útstoarne Meroïtysk út 'e Aldheid fan Etioopje is troch guon taalkundigen oandroegen om yn 'e Afro-Aziatyske talen opnommen te wurden, mar de measten sjogge dêr net genôch bewiis foar. It Meroïtysk wurdt sadwaande oer it algemien noch altyd klassifisearre as in isolearre taal.

De Afro-Aziatyske talen hiene yn 2018 mear as 495 miljoen memmetaalsprekkers. Dêrmei foarmen se de op trije nei grutste taalfamylje fan 'e wrâld, nei de Yndo-Jeropeeske, de Sino-Tibetaanske en de Niger-Kongoleeske talen, en krekt foàr de Austronezyske talen. Fan 'e Afro-Aziatyske talen hat it Arabysk fierwei de measte sprekkers, mear as 310 miljoen. Dat is eins net ien taal, mar in dialektkontinuum, dat rikt fan 'e Atlantyske Oseaan yn Marokko oant de Arabyske See yn Omaan. Op it twadde plak komt it Hausa, in Tsjadyske taal út noardlik Nigearia en súdlik Niger, dy't mear as 40 miljoen sprekkers hat en troch nochris 20 miljoen oaren yn 'e Sahel as lingua franca brûkt wurdt.

It Oromo (of Galla) wurdt troch 34 miljoen minsken sprutsen yn Etioopje en noardlik Kenia. It Amhaarsk, fan âlds de nasjonale taal fan Etioopje, hat mear as 25 miljoen sprekkers. Dêrnei folgje it Somalysk fan Somaalje, Dzjibûty en eastlik Etioopje mei 16 miljoen sprekkers en it Afar (of Danakil) fan noardlik Etioopje, Eritreä en Dzjibûty mei 7,5 miljoen. Oare wichtige Afro-Aziatyske talen binne it Trigrinja, de nasjonale taal fan Eritreä, it Hebriuwsk, de nasjonale taal fan Israel en it Malteesk, de nasjonale taal fan Malta, dat de iennichste Afro-Aziatyske taal is mei in fersprieding dy't fan oarsprong bûten Afrika en Aazje leit.

In teory oer de Urheimat fan 'e sprekkers fan it Proto-Afro-Aziatysk.

Der bestiet gjin ienriedigens mank taalkundigen oer hokker gebiet as it oarspronklike heitelân (de Urheimat) sjoen wurde kin fan 'e sprekkers fan it Proto-Afro-Aziatysk, de oertaal dêr't alle lettere Afro-Aziatyske talen út fuortkommen binne. De wichtichste teoryen rjochtsje har op it grinsgebiet tusken de Hoarn fan Afrika en East-Afrika, de eastlike Sahara en de Fruchtbere Healmoanne fan it Heine Easten.

De ierste oerlevering yn skreaune foarm fan in Afro-Aziatyske taal betreft it Aldegyptysk wêrfan't in ynskripsje datearret fan omtrint 3400 f.Kr. Symboalen dy't sterk op hieroglifen lykje en dy't weromfûn binne op diggelguod út 'e Nakada II-kultuer suggerearje sels dat de oerlevering fan it Egyptysk tebek giet oant 4000 f.Kr. Dat jout in minimumâldens foar de Afro-Aziatyske talen dy't dêrmei 6.000 jier bedraacht. It Aldegyptysk wiek lykwols al sterk ôf fan it Proto-Afro-Aziatysk, en dêr kin út ôflaat wurde dat der al frijwat tiid ferstrutsen wêze moat sûnt it Egyptysk him fan dy oertaal ôfspjalte. Skattings oer wannear't it Proto-Afro-Aziatysk sprutsen waard, rinne sterk útinoar, mei't guon taalkundigen it op 7500 f.Kr. hâlde (9.500 jier lyn), wylst oaren earder tinke oan 16.000 f.Kr. (18.000 jier lyn). Dy lêste datearring giet in stik fierder yn 'e tiid werom as de datearring fan 'e measte oare oertalen.

Detaillearre lânkaart fan 'e Afro-Aziatyske talen.

De klassifikaasje fan 'e Afro-Aziatyske talen as taalfamylje sette al yn 'e njoggende iuw útein, doe't de Joadske grammatikus Juda ibn Koeraisj, út Tiaret, yn Algerije, foar it earst oerienkomsten tusken de Semityske talen en de Berbertalen fêststelde. Hy koe it Semitysk troch syn stúdzje fan Arabysk, Hebriuwsk en Arameesk, en hearde it Berbersk eltse dei om him hinne. It duorre oant de njoggentjinde iuw foar't Jeropeeske taalkundigen deselde link leine. Yn 1844 stelde Theodor Benfey in taalfamylje foar dy't bestean soe út 'e Semityske talen, de Berbertalen en de Kûsjityske talen (dy't er doe "Etiopyske talen" neamde). Friedrich Müller publisearre yn 1876 syn Grundriß der Sprachwissenschaft, wêryn't er in Hamito-Semityske taalfamylje foarstelde dy't bestie út 'e Semityske talen en de 'Hamityske talen'. Dy lêste groep stalde er gear út it Egyptysk, de Berbertalen en de Kûsjityske talen, mar de Tsjadyske talen sleat er bûten.

It wie de egyptolooch Karl Richard Lepsius dy't de Hamityske talen útwreide mei oare net-Semityske talen fan Noard-Afrika, te witten: de Tsjadyske talen en it Bedja. Lepsius dielde sawol it Hausa as it Nama yn by de Hamityske groep. Wat it Hausa oangie, oer de yndieling wêrfan't doedestiden nochal wat twifel bestie, hied er gelyk, mei't dat yndie in Tsjadyske taal is. It Nama, dat sprutsen wurdt yn Namybje, is lykwols in Koisan-taal, dy't neat mei it Afro-Aziatysk te krijen hat. Dy misslach is te ferklearjen trochdat sawol Müller as Lepsius by harren yndieling net inkeld op taalkundige ynformaasje fertrouden, mar teminsten likefolle op antropologyske arguminten, lykas libbenswize, en rasiale skaaimerken, lykas hûdskleur.

Yn 1912 publisearre Carl Meinhof Die Sprachen der Hamiten, wêryn't er ek it Sandawe en it Hadza by de Hamityske taalgroep yndielde, en sels Nilo-Saharaanske talen (lykas it Masai) en Niger-Kongoleeske talen (lykas it Fûlany). Syn yndieling stie lykwols oant yn 'e 1940-er jierren yn heech oansjen. Meinhof ferliet him útslutend op it idee dat 'sprekkers fan Hamityske talen' synonym wie mei 'nomadyske feehoeders'. Hy leaude dat dy libbenswize oantoande dat sokke folken yn prinsipe fan oarsprong blank west hiene en dat se dêrom folslein ferskilden fan en superieur wiene oan 'e echte 'negers fan Afrika'.

De fersprieding fan Afro-Aziatysktalige folken (giel) yn ferhâlding ta oare etnyske groepen yn Afrika.

Yn 1924 wie Marcel Cohen ien fan 'e earsten dy't it bestean fan in Hamityske taalgroep ôfwiisde en de Hamityske subgroepen op ien hichte stelde mei de Semityske talen. Yn 1950 makke it wurk fan Joseph Greenberg fierhinne in ein oan it gebrûk fan 'Hamitysk' as in taalkundige oantsjutting. De Hamityske taalgroep waard skrast, en foar de namme Hamito-Semitysk kaam 'Afro-Aziatysk' yn it plak, dat ferwiisde nei it ferspriedingsgebiet fan 'e talen yn Afrika en Aazje. Fierders waarden Meinhof syn tafoegings foargoed út 'e Afro-Aziatyske talen ferwidere en wer tafoege oan 'e taalfamyljes dêr't se echt by hearden. It Sandawe en it Hadza wurde no beskôge as isolearre talen, wylst de Koisan-talen ûnderwilens yn ferskate lytsere groepen útinoar fallen binne. Yn 1969 stelde Harold C. Fleming foar om wat doe de Westkûsjityske talen neamd waarden, los te meitsjen fan 'e Kûsjityske taalgroep en ûnder de nije namme Omoatyske talen as in aparte tûke yn 'e Afro-Aziatyske talen op te nimmen. Dat foarstel is sûnt fierhinne algemien akseptearre.

Ferbannen mei oare taalfamyljes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet gjin algemien akseptearre heger nivo fan taalbesibskip foar de Afro-Aziatyske talen. Nettsjinsteande dat hawwe ferskate taalkundigen besocht om links mei oare taalfamyljes te lizzen. Sa besocht Hermann Möller yn 1906 oant te toanen dat der in besibskipsrelaasje bestiet tusken de Semityske talen en de Yndo-Jeropeeske talen. Hy dielde dy beide taalfamyljes dêrom yn by de Yndo-Semityske talen. Dy teory hat tsjintwurdich net folle oanhing, hoewol't rûnom tajûn wurdt dat der grammatikale oerienkomsten tusken de talen fan 'e beide groepen besteane. Dy wurde lykwols net as foldwaande bewiismateriaal sjoen foar in besibskipsbân.

In oare teory hat te krijen mei de Nostratyske talen, in betinksel fan 'e Deenske taalkundige Holger Pedersen út 1931. Dêrta soene de Afro-Aziatyske talen gearbrocht wurde moatte mei de Yndo-Jeropeeske, Oeralyske, Altayske, Jûkagierske en Dravidyske talen.

Joseph Greenberg ûntstried yn 2002 it bestean net fan in bân fan Afro-Aziatysk mei de oare Nostratyske taalfamyljes, mar dy besibskip wie neffens him folle minder nau as dy fan 'e oare Nostratyske taalfamyljes ûnderling. Hy neamde dy oare taalfamyljes de Jeraziatyske talen, dêr't er ek noch de Tsjûkotko-Kamtsjatkyske talen, it Giljaaksk, it Koreaansk, de Japanske talen, it Ainû en de Eskimo-Aleoetyske talen oan tafoege. Yn 2005 stelde Sergej Starostin dan wer foar om dy Jeraziatyske talen mei de Afro-Aziatyske, Dravidyske en Súdkaukazyske taalfamyljes ûnder te bringen by it Nostratysk. De Boreaanske talen soene dan noch wer in nivo heger stean en sawol de Nostratyske talen omfiemje as de Dené-Kaukazyske en de Austryske talen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.