Springe nei ynhâld

Oertaal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oertalen)

In oertaal of prototaal is de mienskiplike foarâlderlike taal dêr't alle talen fan ien beskate taalfamylje har út ûntwikkele hawwe. Sa wie it Proto-Yndo-Jeropeesk bygelyks de oertaal fan 'e Yndo-Jeropeeske talen. Ek oertalen binne fansels net út it neat ûntstien; sa foel it Proto-Yndo-Jeropeesk op in stuit útinoar yn 'e ûnderskate oertalen fan 'e Yndo-Jeropeeske taalgroepen, lykas it Proto-Germaansk, dêr't de Germaanske talen út fuortkomme, en it Proto-Keltysk, de oertaal fan 'e Keltyske talen. Sels kaam it Proto-Yndo-Jeropeesk ek wer út in oare oertaal fuort, mar dêrfoar moat men safier tebek yn 'e tiid dat de wittenskip der allinnich mar oer spekulearje kin hokfoar taal oft dat wie. It bestean fan in oertaal of prototaal ymplisearret dat der (ienris) in mienskiplike protokultuer bestien hat dêr't de foarâlden fan 'e sprekkers fan alle hjoeddeiske neiteam-talen oan dielnamen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 277.