Berbertalen
Berbertalen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Tamazight | |
lokaasje | ● Noard-Afrika ● Om utens yn Belgje, Dútslân, Feriene Steaten, Frankryk, Itaalje, Kanada, Nederlân en Spanje | |
tal sprekkers | ±40 miljoen | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Afro-Aziatyske talen | |
subgroepen | ● Noardlike Berbertalen ● Westlike Berbertalen ● Eastlike Berbertalen ● ?Eastnumidysk ● ?Gûantsje | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | ber |
De Berbertalen, ek bekend as Berbersk, Amazight of Tamazight (Berbersk: Tamaziɣt, Tamazight; Nij-Tifinagh: ⵜⴰⵎⴰⵣⵉⵖⵜ, Tûarek-Tifinagh: ⵜⵎⵣⵗⵜ, útsprutsen [tæmæˈzɪɣt], [θæmæˈzɪɣθ]), binne in takke fan de Afro-Aziatyske taalfamylje en besteane út nau oaninoar besibbe talen dy't sprutsen wurde troch de Berbers, in lânseigen folk yn Noard-Afrika. De talen waarden eartiids yn it Libysk-Berbersk skrift skreaun, dat hjoed-de-dei as it Tifinagh bestiet.
De Berbertalen wurde sprutsen troch grutte befolkingsgroepen yn Marokko, Algerije en Lybje en troch lytsere befolkingsgroepen yn Tuneezje, Mauretaanje, noardlik Maly, westlik en noardlik Niger, noardlik Bûrkina Faso en yn de Siwa-Oäze yn westlik Egypte. Grutte groepen Berbers om utens, likernôch 4 miljoen, wenje sûnt de 1950er jierren yn Frankryk, Nederlân, Belgje, Dútslân, Itaalje en Spanje en lytsere groepen wenje yn Kanada en de Feriene Steaten. Lykwols net alle Berbers prate in Berbertaal.
Likernôch 95 prosint fan de Berbersktaligen prate ien fan de sân grutste farianten fan it Berbersk mei op syn minst 2 miljoen sprekkers. Dy binne yn folchoarder fan it tal sprekkers: Tasjelhit, Kabilysk, Midatlas-Tamazight, Riffynsk, Sjawia en de Tûarektalen. De útstoarne talen Numidysk (ek wol Eastnumidysk of Aldlibysk) en Gûantsje, dat op de Kanaryske Eilannen sprutsen waard, en mooglik ek de talen fan de C-Groepkultuer yn hjoeddeistich súdlik Egypte en noardlik Sûdan, hearden nei alle gedachten ta de Berberske takke fan de Afro-Aziatyske talen.
De Berbertalen hawwe wol 2500 jier in eigen skrift hân dat troch de jierren hinne troch kulturele ynfloed en ynfaazjes om utens beynfloede waard. It earste skrift wie in Libysk-Berbersk abjad, dat hjoed-de-dei troch de Tûarek yn de foarm fan Tifinagh brûkt wurdt. De âldste bewarre ynskripsje komt fan de tredde iuw f.Kr.. Letter, likernôch tusken 1000 en 1500 n.Kr., waard it almeast yn it Arabysk skrift skreaun, en sûnt de tweintichste iuw wurdt it Berbersk-Latynsk alfabet brûkt, benammen troch de Kabilyske en Riffynske mienskippen yn Algerije en Marokko. In nije foarm fan Tifinagh, it saneamde Nij-Tifinagh, waard yn 2003 yn Marokko oannommen, mar de measte Berberske skriuwers brûke hieltyd noch it Berbersk-Latynsk alfabet. Yn Algerije wurdt it Berbersk yn it Latynsk alfabet op skoallen ûnderrjochte, wylst it Tifinagh mear foar keunstdoelen ornearre wurdt. Yn Maly en Niger wurdt it Tûarek-Berbersk-Latynsk brûkt, dat oanpast is op de útspraak yn it Tûarek, wylst Tifinagh dêrfoaroer ek in soad brûkt wurdt.
Der is in politike en kulturele beweging warber ûnder de sprekkers fan de ferskate foarmen fan it Noardberbersk en ûntwikkelje in Tamazight-standerttaal. De namme Tamazight (of Tamaziɣt) is de lânseigen namme fan de sprekkers yn it Midatlas en it Rifberchtme yn Marokko. Yn oare Berberske gebieten is de namme ferdwûn, wylst der histoarysk bewiis út de midsiuwen is dat de lânseigen folken yn Noard-Afrika harren taal Tamaziɣt neamden. De namme Tamaziɣt wurdt hjoed-de-dei hieltyd mear troch gelearde Berbers brûkt foar de skreaune taal en sels foar it gânse Berbersk.
It Berbersk waard in offisjele taal yn 2001 yn Algerije en yn 2011 yn Marokko. Yn 2016 krige it Berbersk yn Algerije in lykweardige posysje as it Arabysk.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Berber wurdt sûnt de santjinde iuw brûkt yn Jeropa. It komt fan it Latynske barbari, dat fan it Grykske barbaros komt. Yn it Arabysk wurde se بربري (al-Barbari) neamd, dat ek "barbaar" of "Moar" betsjut.
De Berberske woartel M-Z-Ɣ (Mazigh) (inkeldtal: Amazigh, froulik: Tamazight) betsjut "frije man". De Berbers fan it Midatlas en it Rifberchtme neame harren taal Tamazight. In soad Berberske taalkundigen jouwe de foarkar oan it wurd Tamazight foar it Berbersk yn it algemien.
Tradisjoneel waard it wurd Tamazight (yn ferskate foarmen: Thamazighth, Tamasheq, Tamajaq, Tamahaq) troch de ferskate Berbergroepen, lykas dejingen yn it Midatlas, de Riffinen, de Seneden yn Tuneezje en de Tûarek, ferwiisd nei harren taal.
Oare groepen Berbers neame harren taal Tasnanit of Sjelha, sa as bygelyks yn parten fan Tuneezje en Marokko, wylst de Kabyljers harren taal Taqbaylit neame. De Berbers fan de Siwa-Oäze neame harren taal Siwi.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Berbertalen foarmje in takke fan de Afro-Aziatyske talen. Hjoeddeistich Berbersk komt fan it Protoberbersk en is reedlik jong. It is likernôch like âld as de Germaanske en Romaanske talen. It Protoberbersk is dêrfoaroer folle âlder en it spjalte him mooglik fan it Afro-Aziatysk ôf yn it tiidrek fan de Kapsienkultuer yn it mesolitikum. In stikmannich útstoarne befolkingsgroepen moatte Afro-Aziatyske talen fan de Berberske takke sprutsen hawwe. Neffens skriuwers Peter Behrens en Marianne Bechaus-Gerst spruts de befolking fan de C-groepkultuer yn it hjoeddeistige súdlik Egypte en noardlik Sûdan Berberske talen. De Nilo-Saharaanske taal Nobiin befettet hjoed-de-dei in stikmannich Berberske lienwurden, benammen dy't mei de lânbou te krijen hawwe. Dat betsjut dat de befolking fan de C-groepkultuer, dy't dus yn de delling fan de Nyl wennen, ear't it kommen fan Nubysktaligen in Afro-Aziatyske taal sprutsen.
De Britske skiedkundige Roger Blench tinkt dat Protoberbersktaligen harren fan de Nyldelling nei Noard-Afrika ferspraten, sa'n 4000-5000 jier ferlyn en begûnen dêrnei mei in nomadysk bestean. Hja wiene benammen feehoeders. Harren taal bleau dêrtroch reedlik gelyk. It Protoberbersk spjalte him tûzenen jierren ferlyn ôf fan it Afro-Aziatysk, mar dy taal kin pas rekonstruearre wurde fan om 200 n.Kr. hinne. De Berbertalen ferskille gâns fan de oare Afro-Aziatyske talen, mar de ferskillen tusken de Berbertalen sels binne mar lyts. Dat dy ferskillen sa lyts binne, bewize de Punyske lienwurden yn it Protoberbersk, dy't troch de hjoeddeistige Berbertalen oernommen waarden, útsein Senaga dy't gjin Punyske wurden befettet.
Lienwurden út it Latyn bewize it útinoar fallen fan it Protoberbersk tusken 40 f.Kr. en 200 n.Kr. Yn dat tiidrek waarden Romeinske ynnovaasjes, en de lienwurden dêrfan, troch Berberske stammen, dy't tichter by de Romeinske limes wennen, oernommen.
Skrift
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne troch de jierren hinne ferskate skriften brûkt om yn de Berbertalen skreauwe te kinnen. Yn de âldheid waard it Libysk-Berbersk skrift, it Tifinagh brûkt. Ynskripsjes op rotsen en yn grêftomben binne dêrfan fûn. Nei't de islaam him oer Noard-Afrika fersprate, brûkten guon Berberske skriuwers it Arabysk skrift. Yn de njoggentjinde en tweintichste iuw waard it Latynsk alfabet mear brûkt en om dy oan de Berberske útspraak oan te passen, waard it Berbersk-Latynsk alfabet ûntwikkele. Hjoed-de-dei binne der trije manieren dêr't it Berbersk yn skreaun wurde kin: it Tifinagh, it Arabysk skrift en it Berbersk-Latynsk alfabet.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't de lannen yn de Magreb harren ûnôfhinklikens krigen yn de 1950-er en 1960-er jierren, waard der in belied fan arabisearring folge om it Frânsk as dominante taal te ferfangen. Under dat belied waarden de Berbertalen suver ferbean. Dêropta waard der, benammen yn Marokko en Algerije, war dien om offisjele erkenning fan de Berbertalen te bemachtigjen.
Marokko
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2011 waard yn de grûnwet fan Marokko oannommen dat Amazigh tenei in offisjele taal njonken it Arabysk is. Yn Marokko wurde ferskate talen brûkt; it Frânsk, Modern Standertarabysk, Marrokaansk-Arabysk en Amazigh. Doe't de status fan it Modern Standertarabysk ferhege waard, waard de relaasje tusken dy taal mei de manlike befolking ek grutter, wylst de relaasje fan de froulike befolking mei de legere status fan it Amazight ek grutter waard. Op 17 juny 2011 makke kening Mohammed VI yn in taspraak buorkundich dat mei in grûnwetlike herfoarming it Tamazight njonken it Arabysk tenei in offisjele taal yn Marokko wurde soe.
Algerije
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algerije erkende yn 2002 it Berbersk as in "nasjonale taal", mar lykwols noch net as in offisjelen ien. Op 7 febrewaris 2016 erkende it Algerynsk parlemint lang om let de Berbertalen as offisjeel njonken it Arabysk.
Oare lannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pleatslike ôfdielings fan de Nasjonale Oergongsried fan Lybje yn it Nafûsaberchtme fan dat lân brûke de Berbertaal Nafûsy, en hja hawwe ek oantrúnd foar erkenning fan dy taal yn de grûnwet as in offisjele taal njonken it Arabysk. De taal hat oant no ta gjin offisjele erkenning yn Lybje lykas dy yn Algerije en Marokko dat hawwe.
Yn Maly en Niger binne der in stikmannich skoallen dy't foar in part yn de Tûarektalen lesjouwe.
Tal sprekkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net wis hoefolle sprekkers der binne fan de Berbertalen, om't de lannen yn de Magreb it net byhâlde yn harren sensussen. Der binne rûzings, sa as bygelyks dy fan Ethnologue, mar dy binne net alhiel wis en dy ferskille ek noch wol gauris mei oare rûzings. Yn it kolonjale tiidrek waarden der sensussen fan byholden, mar dy binne al aardich út de tiid. De rûzings fan de ferskillende talen de lân binne likernôch:
- Marokko
- Tasjelhit: 8 miljoen
- Midatlas Tamazight: 4-5 miljoen
- Riffynsk: 3 miljoen
- Algerije
- Kabilysk: 6 miljoen
- Sjawia: 2 miljoen
- Sjenwa: 110.000
- Tûarektalen: 25.000
- Tuneezje
- Sjelha: 26.000
- Lybje
- Egypte
- Siwa: 5000
- Mauretaanje
- Senaga: 200-300, stiet op útstjerren
- Maly
- Tûarek: 440.000
- Niger
- Tûarek: 720.000
- Bûrkina Faso
- Tûarek: 20.000-30.000
- Frankryk
- Riffynsk: 860.000
- Kabilysk: 537.000
- Tasjelhit: 400.000
- Midatlas Tamazight: 150.000
Fan de rêst fan Jeropa binne der gjin oantallen ta beskikking.
Underferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|