Niger-Kongoleeske talen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Niger-Kongoleeske talen foarmje in tige grutte kloft Afrikaanske talen, dy't kwa fersprieding it grutste part fan Afrika besuden de Sahara beslacht. Foarhinne waard dizze taalfamylje wol de Niger-Kordofaanske talen neamd, mar resint ûndersyk hat útwiisd dat de frij minmachtige Kordofaanske talen fan súdlik Sûdaan, dêr't de folle gruttere Niger-Kongoleeske famylje mei besibbe wêze soe, sels hielendal gjin ienheid foarmje. Tsjintwurdich wurde guon fan 'e eardere Kordofaanske talen ûnderbrocht by de Niger-Kongoleeske kloft en oaren by de dêrmei net besibbe Nilo-Saharaanske talen.

De Niger-Kongoleeske taalfamylje omfiemet krapoan 1.500 ûnderskate talen, mei in mienskiplik oantal sprekkers fan likernôch 600 miljoen minsken. It grutste part fan it ferspriedingsgebiet (fan Sintraal-Afrika oant de súdpunt fan it kontinint by Kaap de Goede Hoop) wurdt opmakke troch ien tûke, nammentlik de Bantû-talen, dêr't û.m. it Sûlû, it Swahily, it Rûandeesk en it Kikûjû fan Kenia ta hearre. De oare tûken fan 'e Niger-Kongoleeske taalfamylje binne beheind ta West-Afrika en noardlik Sintraal-Afrika. Dêrta hearre û.m. it Wolof fan Senegal en it Jorûba en Ibo fan Nigearia.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.