Arameeske talen

Ut Wikipedy
Arameeske talen
algemien
lokaasje Fruchtbere Healmoanne
tal talen ±28 (ynkl. deade talen)
tal sprekkers 1 oant 1,5 miljoen (2018)
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
  ● Semitysk
    ● Westsemitysk
      ● Middensemitysk
        ● Noardwestsemitysk
           ● Arameesk
subgroepen Eastarameesk
Westarameesk

De Arameeske talen foarmje in taalgroep fan 'e Semityske talen, dy't binnen dy taalfamylje yn 'e mande mei de Kanaänityske talen de Noardwestsemityske taalkloft foarmje. De Arameeske talen stamje allegearre ôf fan it Aldarameesk, dat him yn 'e earste helte fan it earste milennium f.Kr. ta de lingua franca fan it hiele Midden-Easten ûntjoech.

Algemiene beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aramoïde talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Arameeske talen binne de Noardwestsemityske talen dy't ôfstamje fan it Aldarameesk. It Samalysk en de ûnbekende taal fan 'e Deir Alla-ynskripsje binne identifisearre as talen dy't bûten it eigentlike Arameesk falle, mar dêr wol in protte oerienkomsten mei fertoane. Se kinne dêrom mooglik mei it Arameesk yn in 'Aramoïde taalgroep' pleatst wurde.

It Arameesk sels falt útinoar yn trije taalstadia: it Aldarameesk (1100 f.Kr. – 200), it Midarameesk (200 – 1200) en it Nijarameesk (1200 – no).

Aldarameesk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Aldarmeesk omfiemet:

Midarameesk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Midarameesk omfiemet:

Nijarameesk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nijarameeske talen binne de moderne sprektalen dy't út it Arameesk fuortkommen binne. Dy wurdt opspjalten yn 'e Westarameeske talen en de Eastarameeske talen. Fan 'e Westarameeske talen wurdt inkeld it Westarameesk noch sprutsen yn in pear lytse enklaves yn noardwestlik Syrje. De Eastarameeske talen wurde noch sprutsen yn fersprate enklaves yn eastlik Syrje, súdeastlik Turkije, noardlik Irak, noardwestlik Iraan en Georgje. Troch oarlochsgeweld en religieuze diskriminaasje is it sprekkerstal yn 'e diaspora lykwols grutter as yn it eigentlike heitelân. De grutste noch libbene Arameeske taal is it Arameesk-Assyrysk, dat sprutsen wurdt troch 590.000 oant 830.000 minsken.

Underferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.