Springe nei ynhâld

Sprektaal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sprektalen)

Sprektaal hâldt yn in foarm fan ynformeel taalbrûkme, de skriuwtaal (of standerttaal) wurdt trochstrings as it formele part sjoen wylst dy wol op de sprektaal basearre is.

Dialekt → Regiolekt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In dialekt is in fariaasje binnen de taal. Troch globalisearring en migraasje stiet de posysje fan dialekten faai, faak assimilearje dy dialekten mei oare dialekten wêrtroch net langer it dialekt fan in doarp fan belang is, mar fan de folslein regio. In groep dialekten dy't folslein assimilearre binne en by in bepaalde regio hearre wurde regiolekten neamd.

In sosjolekt hat mei status te krijen, in sosjolekt wurdt troch in bepaalde (maatskiplike) groep brûkt. It Stêdsfrysk is in moai foarbyld fan in feroarjend sosjolekt. Om it jier 1900 en dêrfoar wie it Stêdsfrysk in taal fan de deftige hegerein. Nei de Twadde Wrâldkriich feroare dat lykwols en waard it de taal fan minsken mei modale as legere sosjale status.

Sprektaal versus skriuwtaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fonologyske regels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei fonologyske regels kin it ferbân lein wurde tusken sprek- en skriuwtaal. Troch de fonologyske regel foar sybalisearring witte wy dat de 'e' yn doarren weifalt [dụar'n]. Oare foarbylden binne de wurden as 'prins' en 'mins', wêrby't de 'i' as in dûbele 'e' útsprutsen wurdt.

By it taalgedrach fan jongerein leit de stavering faak sljocht. Guon brûke beskate ôfkoartings dy't rûnom yn dy groep bekend binne, wêrtroch it liket dat der nije wurdfoarming ûntstiet. Troch de regel fan lykfoarmigens is it lykwols dreech om sms-taal te standardisearjen. Ien fan de skaaimerken fan sms-taal is it weilitten fan lûden en it brûken fan nûmers yn wurden. It tiidwurd 'wachtsje' soe yn sms-taal 'w8sje' wurde kinne. In oar foarbyld is de titel fan it boek Hftch - krt ferhln (Heftich - koarte ferhalen) fan Ate Grypstra.

Taalynstellings jouwe hieltyd mear omtinken oan sprektaal by jongerein. Sa binne der no wurdboeken foar sms-taal mar ek guon dialekten wurde tsjintwurdich yn lytse gekjeiende wurdboekjes beskreaun.