Semityske talen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Semityske talen
algemien
oare namme(n) Syro-Arabyske talen
lokaasje Midden-Easten, Noard-Afrika,
Hoarn fan Afrika, Malta
tal talen ±107 (ynkl. deade talen)
tal sprekkers >350 miljoen (2018)
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatyske talen
subgroepen Eastsemitysk
Westsemitysk
taalkoades
ISO 639-5 sem

De Semityske talen, foarhinne ek wol de Syro-Arabyske talen neamd, foarmje in taalfamylje wêrfan't de talen sprutsen wurde yn it Midden-Easten, Noard-Afrika, de Hoarn fan Afrika en op Malta. De namme fan 'e groep ferwiist nei de Bibelske persoan Sem, ien fan 'e soannen fan Noäch, dy't de stamfaar fan 'e Middeneastlike folken wurden wêze soe. Der binne sa'n 107 Semityske talen, de útstoarne talen ynbegrepen. De noch libbene talen fan 'e famylje telle anno 2018 wrâldwiid mear as 350 miljoen memmetaalsprekkers. De grutste talen binne it Arabysk (eins in dialektkontinuum dat bestiet út in grut tal ferskillende sprektalen), Amhaarsk, Tigrinja, Hebriuwsk, Tigreesk, Arameesk-Assyrysk en Malteesk. Under de Semityske talen binne guon fan 'e ierst (skriftlik) oerlevere talen út 'e minsklike skiednis, lykas it Akkadysk. Oare tige ynfloedrike útstoarne Semityske talen binne it Fenisysk, Arameesk, Syrysk en Geëz.

Underferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taalkundige bespegelings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne seis subgroepen fan 'e Semityske talen dêr't eins alle taalkundigen it wol oer iens binne: Eastsemitysk, Noardwestsemitysk, Arabysk (of Noardarabysk), Súdarabysk, Aldsúdarabysk (of Saihadysk) en Etiopysk. De lêste fiif wurde ornaris gearklofte yn 'e Westsemityske talen, mar fierder bestiet der in oanhâldend debat oer de yndieling fan 'e taalfamylje. Neffens de ridlik algemien akseptearre teory fan Robert Hetzron út 1976 (yn 1997 oanpast troch Huehnergard en Rodgers) falle de Westsemityske talen fierder útinoar yn 'e Middensemityske talen (Arabysk en Noardwestsemitysk) en de Súdsemityske talen (Súdarabysk, Aldsúdarabysk en Etiopysk). Dy yndieling is basearre op taalkundige ynnovaasjes dy't de ûnderskate talen mei-inoar diele.

Guon semitisisten hingje lykwols noch altyd de tradisjonele, foar in part op net-taalkundige arguminten stuoljende teory oan dat de Arabyske talen (d.w.s. de ûnderskate 'dialekten' fan it Arabysk) by de Súdsemityske groep yndield wurde moatte, hoewol't se dúdlik mear gemien hawwe mei de Noardwestsemityske talen. Inkele oaren, lykas Aleksander Militarev en Dútske heechlearaar fan Egyptysk komôf Arafa Hussein Mustafa, sjogge de Súdarabyske talen as in trêde haadtûke fan 'e Semityske talen, op ien hichte mei Eastsemitysk en Westsemitysk, ynstee fan as in subgroep fan 'e Súdsemityske talen. Yn 2006 kaam Jo Ann Hackett mei in nije teory op 'e lapen, dy't de Aldsúdarabyske talen mei de Arabyske en Noardwestsemityske talen yndiele wol by de Middensemityske talen.

De fersprieding fan 'e Semityske talen (oranje) yn ferhâlding ta de oare Afro-Aziatyske taalgroepen.

De Goeragé-talen, dy't yn 'e regel by de Súdetiopyske talen yndield wurde, wike sterk fan 'e rest fan dy groep ôf. Roger Blench hat him dêrom ôffrege oft se net in haadtûke fan 'e Semityske talen foarmje, op ien hichte mei East- en Westsemitysk. Se soene dan in oarsprong fan 'e Semityske folken yn 'e Hoarn fan Afrika fertsjintwurdigje kinne, wylst de (oare) Etiopyske talen fuortkamen út in lettere weromkear nei dat gebiet troch bewenners fan it suden fan it Arabysk Skiereilân. In oar fraachstik oangeande de yndieling fan 'e Semityske talen giet om wêr't de grins lein wurde moat tusken talen en dialekten, in ûnderwerp dat benammen tige relevant (en kontroversjeel) is oangeande it Arabysk, it Arameesk en it Goeragé.

Beskriuwing fan 'e subgroepen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meast akseptearre ûnderferdieling fan 'e Semityske talen is anno 2020 sa:

De Eastsemityske talen binne al mear as twatûzen jier útstoarn. It gie dêrby om it Akkadysk, de taal fan it Akkadyske Ryk en letter fan it Assyryske en it Babyloanyske Ryk yn Mesopotaamje, dy't yn dy snuorje ek bekend stie as Assyrysk of Babyloanysk. It Akkadysk is ien fan 'e ierst oerlevere talen, mei ynskripsjes yn spikerskrift op klaaitabletten dy't tebekgeane oant omtrint 2500 f.Kr. De iennichste oare identifisearre Eastsemityske taal is it Eblaïtysk, dat om dyselde tiid hinne yn Syrje sprutsen waard.

De likernôge histoaryske fersprieding fan 'e Semityske talen.

De Arabyske talen foarmje in groep dy't it Klassyk Arabysk, it Modern Standertarabysk en alle ûnderskate Arabyske sprektalen omfiemet. Dy sprektalen wurde ornaris oantsjut as 'dialekten', hoewol't se ûnderling faak net fersteanber binne. It Arabysk foarmet in dialektkontinuum dat rint fan 'e Atlantyske Oseaan yn Marokko oant de Arabyske See yn Omaan. De Arabyske sprektalen kinne rûchwei ferdield wurde yn trije groepen: Middeneastlik-Arabysk yn it Midden-Easten, Egyptysk-Arabysk yn Egypte en Sûdaan, en Magrebbynsk-Arabysk yn 'e Magreb. Ek it Malteesk, de nasjonale taal fan Malta, wurdt oer it algemien by de Arabyske talen yndield, hoewol't dat nea as in 'Arabysk dialekt' omskreaun wurdt.

De Arameeske talen foarmje in taalkloft dy't wichtige útstoarne talen omfettet, lykas it Klassyk Arameesk, Samaritaansk-Arameesk, Joadsk Palestynsk Arameesk, Kristlik Palestynsk-Arameesk, Nabateesk, Palmyreensk en Syrysk, mar ek libbene talen, lykas it Arameesk-Assyrysk, Galdeesk en Mandeesk.

De Kanaänityske talen binne de sustertaalgroep fan 'e Arameeske talen. Dizze groep falt útinoar yn 'e Noardkanaänityske talen en de Súdkanaänityske talen. De Noardkanaänityske talen binne útstoarn; it giet dêrby om it Fenisysk fan Fenysje (no Libanon) en it dêrút fuortkommen Punysk fan Kartago. De Súdkanaänityske groep omfettet it Hebriuwsk, de nasjonale taal fan Israel, en ferskate útstoarne talen út 'e Aldheid: Ammonitysk, Edomitysk, Ekronitysk en Moäbitysk.

It Amoritysk, in oare útstoarne taal út 'e Aldheid, foarmet njonken de Arameeske talen en de Kanaänityske talen nei alle gedachten in trêde pylder fan 'e Noardwestsemityske talen, tegearre mei it Oegaritysk, dat no beskôge wurdt as in lette foarm fan it Amoritysk. Guon taalkundigen wolle fierders hawwe dat it Eteosyprioatysk, dat yn 'e Aldheid op Syprus sprutsen waard, in Semityske taal wie, dy't mooglik ek by de Noadwestsemityske talen yndield wurde moat.

De gronology fan 'e skriftlike oerlevering fan 'e Semityske talen.

De Súdarabyske talen foarmje in lytse taalgroep fan minderheidstalen dy't sprutsen wurde yn ôfhandige kriten fan Omaan en Jemen. De bekendsten binne it Machrysk en it Sjachrysk fan it fêstelân fan it Arabysk Skiereilân, en it Sokotraansk fan it eilân Sokotra yn 'e Yndyske Oseaan.

De Aldsúdarabyske talen, dy't ek wol oantsjut wurde as de Saihadyske of Jemenityske talen, binne in lytse kloft fan fjouwer útstoarne talen dy't yn 'e Aldheid yn 'e súdwestlike hoeke fan it Arabysk Skiereilân sprutsen waarden. De bekendsten binne it Sabeysk, Mineysk en Hadramautysk.

De Etiopyske talen binne dy Súdsemityske talen wêrfan't de sprekkers yn 'e Aldheid oerstutsen binne fan it Arabysk Skiereilân nei de Hoarn fan Afrika. Oer it algemien wurdt oannommen dat dy oerstek om 800 f.Kr. hinne plakfûn hawwe moat. De Etiopyske talen falle útinoar yn twa dúdlik ferskillende kloften: de Noardetiopyske talen en de Súdetiopyske talen. De noardlike groep is it lytst, en omfettet it útstoarne Geëz, dat de taal fan it Aksûmityske Ryk wie, dêr't û.o. it Tigrinja, de nasjonale taal fan Eritreä, it dêr nau mei besibbe Tigreesk út fuortkommen binne. De súdlike groep is grutter en omfettet it Amhaarsk, de nasjonale taal fan Etioopje, en fierders û.m. it Argobba, Harary en Goeragé.

In diplomatyk brief yn it Akkadysk, datearjend fan 'e 14e iuw f.Kr., oantroffen by in argeologyske opgraving yn Egypte.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ferskate lokaasjes foarsteld foar it oarspronklike heitelân (de Urheimat) fan 'e Semityske folken. Sa hat men tocht oan Mesopotaamje, de Levant, it Arabysk Skiereilân en ek oan 'e Hoarn fan Afrika. De teory dy't anno 2020 de measte oanhing hat, is dat it Proto-Semitysk, de oertaal dêr't alle Semityske talen út fuortkomme, om 3800 f.Kr. yn 'e Levant sprutsen waard, en dat de Semiten harren dêrwei oer it Midden-Easten ferspraat hawwe. Om 800 f.Kr. hinne soene guon fan harren de oerstek nei de Hoarn fan Afrika makke hawwe moatte fan 'e súdwestpunt fan it Arabysk Skiereilân ôf.

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Brûnstiid en Izertiid waarden Semityske talen yn it meastepart fan it Midden-Easten en Lyts-Aazje sprutsen. De ierst oerlevere Semityske talen wiene it Akkadysk fan Mesopotaamje en it Eblaïtysk fan Syrje, dy't allebeide bekend binne fan ynskripsjes dy't weromgeane oant de fiifentweintichste iuw f.Kr. It Akkadysk wie oarspronklik de taal fan it Akkadyske Ryk, dat bestie fan 2334 f.Kr. oant 2154 f.Kr. Letter foel it útinoar yn 'e dialekten Assyrysk en Babyloanysk, dy't sprutsen waarden yn it Assyryske Ryk, resp. it Babyloanyske Ryk. It Eblaïtysk wie de taal fan it beheindere Eblaïtyske Keninkryk.

De fersprieding fan 'e Semityske talen yn 'e 1e iuw, ôfsjoen fan it restant fan 'e Punysktaligen yn 'e Magreb.

It Oegaritysk wie de taal fan it keninkryk Oegarit, yn it noardwesten fan Syrje. Yn it earste milennium f.Kr. wie it Fenisysk ien fan 'e ynfloedrykste Semityske talen, net om't it de taal fan in grut ryk wie, mar fanwegen de macht fan 'e Fenisyske stêdsteaten op it mêd fan 'e ynternasjonale hannel. De Fenysjers fêstigen ek koloanjes, wêrfan't ien, yn it hjoeddeistige Tuneezje, útwoeks ta it ryk fan Kartago. De taal fan Kartago wie it Punysk, dat him út it Fenisysk ûntwikkele hie. Yn deselde snuorje bestie oan 'e súdpunt fan it Arabysk Skiereilân it Sabeeske Ryk, dat de Reade See behearske en wêrfan't de taal it Sabeesk wie.

It Arabysk waard foar it earst yn 'e Assyryske annalen neamd yn 'e njoggende iuw f.Kr., hoewol't it dêrby nei alle gedachten gie om it Aldnoardarabysk en net om wat no ûnder 'Arabysk' ferstien wurdt. Om 'e achtste iuw f.Kr. hinne ferspraten de Semityske talen harren nei de Hoarn fan Afrika. It Arameesk, in taal dy't oerlevere is fan 'e tsiende iuw f.Kr. ôf, ferfong geandewei it earste milennium f.Kr. it Akkadysk sawol as it Fenisysk as lingua franca, fral nei't it troch kening Tiglat-Pilêzer III yn 'e achtste iuw f.Kr. as de offisjele taal fan it Nijassyryske Ryk ynfierd wie. Letter behold it dy status fierhinne ûnder it Nijbabyloanyske Ryk en it Achaimenidyske Ryk fan 'e Perzen. Nei it begjin fan 'e Westerske jiertelling ûntjoech it Syrysk, dat út it Arameesk fuortkommen wie, him ta in wichtige literêre taal fan it kristendom.

Mei de opkomst fan 'e islaam, yn 'e sânde iuw, kaam it Arabysk, dat oant dy tiid alhiel net yn tel west hie, ynienen op, sawol as literêre taal, mar ek as sprektaal. It ferkrong in protte, mar net alle, oare Semityske talen yn it Midden-Easten. Sawol de Fruchtbere Healmoanne as Noard-Afrika waarden oerspield troch islamityske Arabieren fan it Arabysk Skiereilân, dy't de posysje fan it Arabysk dêr stevich ferankeren oan 'e Atlantyske Oseaan ta. Under druk fan it Arabysk begûnen ek de Arameeske talen stadichoan terrein priis te jaan, hoewol't in stikmannich dêrfan oan 'e dei fan hjoed ta sprutsen wurdt. Yn Egypte koe it Koptysk it úteinlik net foar it Arabysk oer hâlde, en stoar út as sprektaal. De Berbertalen fan 'e Magreb waarden meitiid tebekkrongen nei de berchgebieten of, yn it gefal fan 'e Tûarek-talen, nei it hert fan 'e Sahara. It Arabysk fersprate him ek nei Malta, en in skoft lang nei it Ibearysk Skiereilân en Sisylje. Nei de fal fan it Nubyske keninkryk Dongola, yn 'e fjirtjinde iuw, begûn it Arabysk him ek nei Sûdaan te fersprieden.

In fragmint út in 12e-iuwske Koraan yn it Arabysk.

Underwilens hiene de Semityske talen dy't yn 'e achtste iuw f.Kr. oerstutsen wiene fan it Arabysk Skiereilân nei de Hoarn fan Afrika, harren dêr oer in grut gebiet ferspraat yn Eritreä en Etioopje. It Geëz wie de taal fan it Aksûmityske Ryk, dat bestie fan 'e Klassike Aldheid oant de Midsiuwen. Yn dyselde tiid ûntjoegen de Súdetiopyske talen har ta harren moderne foarm, ûnder swiere ynfloed fan 'e Kûsjityske talen. Sa ûntstie it Amhaarsk, wylst út it Geëz neitiid it Tigrinja fuortkaam. Mei de útwreiding fan Abessynje ûnder de Salomonityske Dynasty fersprate it Amhaarsk, dat earder in regionale taal sûnder folle oansjen west hie, him oer it hiele lân, wêrby't it sawol Semityske talen (lykas it Gafat) as net-Semityske talen (lykas it Weyto) ferkrong. Yn 'e tweintichste iuw waard mei de stifting fan 'e steat Israel, yn 1948, it útstoarne Hebriuwsk wer nij libben ynblaasd, dat al mear as tûzen jier in deade taal wie dy't inkeld noch op liturgysk mêd brûkt waard.

It Arabysk is no ien fan 'e grutste en wichtichste talen fan 'e wrâld, dy't inkeld ûnderdocht foar it Mandarynsk, Spaansk, Ingelsk en Hindy. It Malteesk, dat fan it Arabysk ôfstammet, is de iennichste Semityske taal dy't mei it Latynske alfabet skreaun wurdt en dy't in offisjele status yn 'e Jeropeeske Uny hat. Ferskate Semityske talen binne fan grut belang op it mêd fan 'e godstsjinst: it Arabysk foar de islaam, it Hebriuwsk en yn mindere mjitte it Arameesk foar it joadendom, it Mandeesk foar it mandeïsme, it Syrysk foar de Syrysk-Otterdokse Tsjerke, en it Geëz foar de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oerienkomsten tusken it Hebriuwsk, it Arabysk en de Arameeske talen waarden al sûnt de Midsiuwen akseptearre troch alle taalkundigen. Dy Semityske talen wiene troch bibelstúdzjes goed bekend by Jeropeeske taalkundigen, en de earste ferlykjende stúdzje fan Hebriuwsk, Arabysk en Arameesk waard yn 1538 yn it Latyn publisearre troch Guillaume Postel. Hast twa iuwen letter beskreau Hiob Ludolf de opmerklike oerienkomsten fan dy talen mei de Etiopyske talen. Doedestiden spriek men oer it algemien fan 'Oriïntaalske talen'.

In ferlykjende wurdlist fan it Hebriuwsk en it Arabysk, yn 1538 opsteld troch Guillaume Postel. Dit is mooglik it ierste foarbyld fan sa'n wurdlist út 'e Westerske taalkunde.

De term 'Semityske talen' waard nammentlik pas yn 1781 betocht troch wittenskippers fan 'e Georg-August-Universiteit yn Göttingen, en yn 't bysûnder troch August Ludwig von Schlözer. De namme wie ôflaat fan 'e Bibelske persoan Sem, ien fan 'e soannen fan Noäch, dy't de stamfaar fan 'e Middeneastlike folken wurden wêze soe. Yn 1787 joech Johann Gottfried Eichhorn de namme 'Semitysk' syn moderne betsjutting troch der alle talen ûnder te beflappen dy't nau besibbe wiene oan it Arabysk, Hebriuwsk en Arameesk. Hy popularisearre de term ek, troch syn artikel Semitische Sprachen, út 1795.

Sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Semityske talen wurde yn totaal sprutsen troch mear as 350 miljoen minsken. Dy wenje net inkeld yn it Midden-Easten, Noard-Afrika en dielen fan 'e Hoarn fan Afrika, dêr't dy talen in dominante posysje hawwe, mar meitsje ek diel út fan grutte allochtoane minderheden yn in diaspora dy't him útwreidet oer West-Jeropa, Noard-Amearika, Latynsk-Amearika en Australaazje.

Fan 'e Semityske talen hat it Arabysk fierwei de measte memmetaalsprekkers: mear as 310 miljoen. It is de nasjonale taal fan Algerije, Bachrein, Egypte, de Feriene Arabyske Emiraten, Irak, Jemen, Katar, Koeweit, Libanon, Lybje, Marokko, Mauretaanje, Omaan, Palestina, Saûdy-Araabje, Syrje, Sûdaan, Tuneezje en de Westlike Sahara. Ek besteane der grutte lânseigen Arabysktalige minderheden yn Dzjibûty, Eritreä, Iraan, Israel, Maly, Niger, Somaalje, Tsjaad en Turkije.

Op it twadde plak komt it Amhaarsk, de nasjonale taal fan Etioopje, mei sa'n 25 miljoen memmetaalsprekkers, folge troch it Tigrinja, de nasjonale taal fan Eritreä, mei 7 miljoen en it Hebriuwsk, de nasjonale taal fan Israel, mei 5 miljoen. Fierders hat it Tigreesk, in minderheidstaal út Eritreä, goed 1 miljoen memmetaalsprekkers, en it Arameesk-Assyrysk, in minderheidstaal út noardlik Irak, 590.000 oant 830.000. It Malteesk, ta einbeslút, de nasjonale taal fan Malta, telde yn 2018 483.000 memmetaalsprekkers.

In foarbyld fan Arabyske kalligrafy.

Alle oare Semityske talen hawwe minder sprekkers, en guon, lykas ferskate Arameeske talen balansearje op 'e râne fan it útstjerren.

Skrift[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte Semityske talen wurde skreaun mei in saneamd konsonanteskrift (of abjad), in type skrift dat guon of alle fokalen út 'e wurden weilit. Dat kin om't by de Semityske talen yn 'e konsonanten it meastepart fan 'e betsjutting fan in wurd besletten leit, en de fokalen inkeld foar de juste grammatikale ferbûging soargje, dy't út 'e kontekst ôflaat wurde kin. Foarbylden fan sokke konsonanteskriften binne it Oegaritysk skrift en it Fenisysk skrift út 'e Aldheid. Tsjintwurdich binne benammen it Arabysk-Perzysk skrift, it Hebriuwsk skrift en it Syrysk skrift noch yn gebrûk. It Etiopysk skrift, dat foar de Semityske talen yn 'e Hoarn fan Afrika brûkt wurdt, is eins gjin konsonanteskrift, mar in wurdliddeskrift (of abûgida). Dêrby steane de lettertekens net foar ien klank, mar foar in hiel wurdlid. It Malteesk is de iennichste Semityske taal dy't skreaun wurdt mei it Latynsk alfabet.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Triliterale wurdstammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle Semityske talen hawwe patroanen mei-inoar gemien fan wurden dy't besteane út trije konsonanten (triliterale stammen), mei fokaalwikselings, foarheaksels en efterheaksels om se te ferbûgen. Bygelyks yn it Hebriuwsk:

g-d-l = "grut" – gjin wurdklasse of wurd, inkeld in stam
gadol = "grut" – manlik eigenskipswurd
gdola = "grut" – froulik eigenskipswurd
giddel = "hy groeide" – oergonklik tiidwurd
gadal = "hy groeide" – lykhâldend tiidwurd
higdil = "hy fergrutte" – oergonklik tiidwurd
magdelet = "fergrutter" (d.w.s. "lins")
s-p-r = de stam foar "tellen" of "fertellen"
sefer = "boek" – befet ferhalen dy't ferteld wurde (it Hebriuwsk makket gjin ûnderskie tusken de klanken [f] en [p], dy't dêrom mei deselde letter werjûn wurde)
sofer = "hy telt" of "skriuwer" – Masoretyske skriuwers fertelle fersen
mispar = "getal"

In protte stammen komme foar yn mear as ien Semityske taal. Bygelyks de stam k-t-b, dy't "skriuwen" betsjut, bestiet sawol yn it Hebriuwsk as yn it Arabysk: "hy skreau" wurdt katav yn it Hebriuwsk en kataba yn Klassyk Arabysk (tusken de klanken [v] en [b] bestiet yn it Hebriuwsk ek wer gjin ûnderskie, lykas by mazel tov en mazzal tob).

De folgjende list lit in tal wurden sjen mei deselde betsjutting yn Semityske talen:

Akkadysk Arameesk Arabysk Hebriuwsk Fryske oersetting
zikaru dikrā ḏakar zaḵar manlik
maliku malkā malik mĕlĕḵ kening
imêru ḥamarā ḥimār ḥămōr ezel
erṣetu ’ar‘ā ’arḍ ’ĕrĕṣ lân, ierde

Guon stammen fariëarje tusken de ûnderskate Semityske talen. De stam b-y-ḍ betsjut bygelyks sawol "wyt" as "aai" yn it Arabysk, wylst er yn it Hebriuwsk allinne "aai" betsjut. De stam l-b-n betsjut "molke" yn it Arabysk, mar "wyt" yn it Hebriuwsk, wêroan't men sjen kin dat it wol fan deselde oarsprong komt, mei't molke altyd wyt is. Fansels is der soms gjin relaasje tusken de stammen. Bygelyks "kennis" wurdt yn it Hebriuwsk werjûn mei de stam y-d-‘ mar yn it Arabysk mei de stammen ‘-r-f en ‘-l-m. Oare Afro-Aziatyske talen litte deselde patroanen sjen, mar foar it meastepart mei stammen besteande út amperoan twa konsonanten. Yn it Berberske Kabylsk betsjut afeg bygelyks "flean!", wylst affug "flecht" betsjut, en yufeg "hy fleach".

Ferskillen tusken de Noardwestsemityske en de Arabyske talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Aldsemityske klank [p] is beholden bleaun yn 'e Noardwestsemityske talen, wylst er yn 'e Arabyske talen evoluëarre ta de klank [f]. In oar ferskil tusken dy beide groepen is dat yn 'e Noardwestsemityske talen sûne meartallen brûkt wurde; d.w.s. dat de struktuer fan it wurd beholden bliuwt, en dat it meartal foarme wurdt troch it tafoegjen fan in efterheaksel. Yn 'e Arabyske talen, lykwols, oerhearskje de brutsen meartalsfoarmen. Dêrby feroaret de ynterne lûdstruktuer fan it wurd by it foarmjen fan in meartal, en dêrom wurdt der gjin efterheaksel mear oan taheakke. It Hebriuwske דָּבָר, davar ("ding") wurdt yn it meartal mei in efterheaksel דְּבָרִים, dvarim ("dingen"), mar it Arabyske كِتَاب, kitāb ("boek") wurdt yn it meartal كُتُب, kutub ("boeken"). Fierders korrespondearret de [w] (w fan "skowe") yn 'e Arabyske talen mei de [j] (j fan "jas") yn 'e Noardwestsemityske talen. Bgl.: "jonge" is walad yn it Arabysk en yeled yn it Hebriuwsk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.