Klaaitablet

Ut Wikipedy
Klaitablet mei Sûmearysk spikerskrift.

In klaaitablet is in tablet dat út klaai makke is en dat as ynformaasjemedium in soad foarkaam by de beskavings út it Heine Easten, lykas Sûmearje, it Akkadyske Ryk, Assyrje, Babyloanje en de Hettiten, mar ek dêrbûten lykas ûnder oare de Minoyske- en Miseenske beskaving ein 4000-3500 foar Kristus.

De earste klaaitabletten ûntstiene yn it suden fan Mesopotaamje. De Sûmearyske wichfoarmige karakters wurde gravearre op de tabletten troch it brûken fan in nudle. Dêrnei lieten se se drûgje yn de sinne of bakten se se yn in ûne, wêrtroch de tabletten spikerhurd waarden en folle langer meigiene. De hoemannichte tekst út it Heine Easten is troch dy duorsumens dan ek ûnbidich. Dêrmei ûnderskiede de beskavings hjir dy fan it Egypte, Rome en Grikelân dêr’t benammen papyrus en perkamint brûkt waard wat allinnich yn útsûnderlike gefallen bewarre bleau.

It tal klaaitabletten dat fûn is giet yn alle gefallen om hûndertûzenen tabletten en mooglik mear as in miljoen. Njonken de grutte hoemannchte jildt ek dat dy in grut tal ferskate ûnderwerpen behannelen, fan ekonomyske, boukundige, militêre en steatskundige aktiviteiten oant wittenskip, literatuer en religy.

Sammelwurken fan dy klaaidokuminten wurde sjoen as de allerearste argiven. Se foarmen ek it begjin fan de allearste bibleteken.

Yn de Minoyske- en Miseenske beskavings waard it skrift yn it foarste plak brûkt foar boekhâlding. Tabletten dy’t as etiketten tsjinnen, mei in yndruk fan in reidkoer oan de efterkant en tabletten dy’t jierlikse gearfettings sjen lieten, kinne tsjutte op in ferfine boekhâldsysteem. Yn dy kulturele kontreien waarden de tabletten yn prinsipe nea bakt, mar waarden se alle jierren wer brûkt. Guon klaaitabletten binne lykwols wol yn bakte foarm oan ús oerlevere, bygelyks troch in ûnferwachte brân yn it stee dêr’t se opslein wiene. De rest binne hieltyd tabletten fan net-bakte klaai en dêrtroch och sa brekber. Moderne gelearden binne no de mooglikheid oan it ûndersykjen om de tabletten dochs noch te bakken, sadat se better bewarre wurde kinne.

Inkelde wichtige fynplakken fan klaaitabletten binne ûnder oare Ebla, Mari en Oegarit.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]