Papyrus

Ut Wikipedy
Fragmint fan it Egyptyske Deadeboek, skreaun op papyrus
Cyperus Papyrus as fiverplant

Papyrus is in iere foarm fan papier. It wurdt makke fan de stâlen fan de papyrusplant, Cyperus papyrus en waard yn de âldheid brûkt om op te skriuwen. De tekst waard bewarre as boekrôle, bekend as in papyrusrôle. Letter waard it wenst om fellen fan de rôlen te snijen en gear te foegjen - dêr komt de moderne boekfoarm, codex neamd, út fuort. It brûken fan papyrus begûn sawat fiiftûzen jier lyn yn Egypte en foar’t neist ek op oare plakken.

In tal lagen, yn lange repen snien, papyrusstâlen waarden dwers opinoar lein, en wylst se noch wiet wiene byinoar knypt. It kleverige plantesop tsjinne as bynmiddel. As it blêd drûch wie, waard it papyrusoerflak behannele mei in soarte lym, sadat de inket net útrûn, en glêd polyste.

Yn in drûch klimaat lykas dat fan Egypte is papyrus goed te bewarjen. Yn in klimaat mei in hegere luchtfochtigens sil papyrus begjinne te skimmeljen. Dêrom binne de measte fynsten fan papyrus yn it woastynklimaat fan it Midden-Easten dien. Yn it wiete Jeropa is hast alle papyrus út earder tiden ferrotte.

Papyrusrôlen binne by opgravings ûnder oare fûn yn grêftomben, huzen en ôfeartheappen út de âldheid, en hawwe al in soad oer de skiednis fan it âlde Egypte en omkriten sein. Benammen de fynsten yn Oxyrhynchus binne in boarne fan ynformaasje oer it deistich libben.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Papyrus is ek de namme fan in tekenteltsjerige en in telefyzjesearje mei deselde namme.

Eksterne links[bewurkje seksje | boarne bewurkje]