Springe nei ynhâld

Malteesk

Ut Wikipedy

It Malteesk is de lânstaal fan it eilân Malta. It is út it Arabysk wei ûntstien en wurdt ta de semityske talen rekkene. It Malteesk is de iennichste semityske taal yn Europa en de iennichste op de wrâld, dy't it Latynske alfabet brûkt. Hjoed-de-dei hat it Malteesk in protte lienwurden út it Italjaansk en Ingelsk. Sûnt 1 maaie 2004 is it Malteesk ien fan de offisjele wurktalen fan de Europeeske Uny. Op it eilân Malta is it Ingelsk ek as offisjele taal erkend.

A,a; B,b; Ċ,ċ; D,d; E,e; F,f; Ġ,ġ; G,g; GĦ,għ; H,h; Ħ,ħ; I,i; IE,ie; J,j; K,k; L,l; M,m; N,n; O,o; P,p; Q,q; R,r; S,s; T,t; U,u; V,v; W,w; X,x; Ż,ż; Z,z.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikiwurdboek-side - Malteesk

Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Malteeske ferzje.