Springe nei ynhâld

Masoreten

Ut Wikipedy

De Masoreten (Hebriuwsk: בעלי המסורה, ba'alei hamasorah) wiene in groep fan almeast karaïtyske joadske skriftlearden dy't wurksum wiene fan 'e sânde oant de tsiende iuw en benammentlik yn 'e Palestynske stêden Tibearias en Jeruzalim taholden, mar ek wol yn Mesopotaamje. Eltse groep stalde in systeem yn 'e foarm fan diakrityske tekens gear dat helpe moast by de útspraak, de grammatika, de opdieling yn fersen en haadstikken en it foardragen fan 'e Tenach, de joadske Bibel (dy't skreaun is yn it Hebriuwsk alfabet, dat gjin fokalen werjout). Dêrby wûn it systeem fan 'e Ben Asher-famylje it úteinlik fan dat fan 'e konkurrearjende Ben Naftali-famylje. Harren ferzje fan 'e Tenach, dy't de Masoretyske Tekst neamd wurdt, is noch altiten de meast gesachhawwende foarm fan 'e joadske Bibel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.